Fryske Vlogger Eduard Rekker op visite bij Ursula von der Leyen
(tekst: Eduard Rekker via LinkedIn)
In lytse gong troch. Befeiligers foar en efter ús. En dêr stie ik dan. Each yn each mei de machtigste frou fan Europa: Ursula von der Leyen. Hoe bin ik hjir no wer bedarre?
Doe’t ik lyts wie, siet ik altyd al yn ‘e atlas. Iran wie noch Perzië en Joegoslaavje bestie noch. Lykas de MSX-kompjûter mei in spultsje, dêr’st mei in helikopterke sa rap mooglik nei plakken yn ‘e provinsje fleane moastest.
De blik wie altyd goed nei bûten rjochte. Fryslân yn it hert, mar hiel nijsgjirrich nei de rest fan de wrâld. Mei ús gesin lutsen wy der faak op út. Net per se fier, mar wol faak fuort. As wy op reis wiene nei Dútslân, België of Frankryk, dan seach ik myn eagen út.
It projekt Europa hie ek altyd myn ynteresse. Ynspirearre troch tekenfilms lykas Captain Planet, kamen jo derachter dat de som fan de dielen mear wie as ien diel allinnich. In kontinint dat faak yn oarloch west wie en no al salang frede kinde, dat moast in goed projekt wêze, dochs?
Oant datst letter learst fan de bûterberch en de molkeplasse. Ingelân wie in tientsjelid. En fanút Den Haach wie der faak krityk op… Brussel wol dit, Brussel wol dat. Mar ek: gjin grinskontrôles. Net mear gedoch mei Francs, Marken en Lira’s. Elkenien dy’t wolris gearwurke hat, wit dat it net altyd fansels gean sil.
Okkerdeis wie it de dei fan Europa. De de gemeente Ljouwert woe der in promofilmke foar hawwe. De skoarstien moat ek smoke by de Fryske Vlogger, dus dat koe wol. Doe sei it kontaktpersoan by de gemeente: “At jo ek mei wolle mei in reiske fan EU in Nederland nei Brussel?”
Earst tocht ik: tsja, dêr is myn publyk dochs net yn ynteressearre? Kostet in protte tiid en wat smyt it op, 3 views? Ik tocht even oan in boek dat ik oait lies: De Zwarte Zwaan fan Nassim Nicholas Taleb. Oer de krêft fan serendipiteit. Dingen dy’t jo samar oerkomme kinne. Dêrom sei ik ja, hwant ja… in minske wit ommers net hoe’t in ko in hazze fangt?
Dochs mar gien. Yn ‘e trein nei Brussel. Der wie in programma, mar nergens in wurd oer in moeting mei Von der Leyen. De earste jûns moasten wy opskriuwe: wat kin de EU better regelje op it mêd van social media? Dus frij rap mar opskreaun dat social media-bedriuwen harren sels better regulearre moatte (dat hiene se immers weromskroeven, doe’t Trump oan de macht kaam).
In dei letter stie ik it út te lizzen oan Ursula. Ik haw har ferteld dat ik twa bern haw. Ik wol dat sy opgroeie kinne mei social media dy’t feilich binne. Hoe moai soe it wêze dat dit yn Europa regele wurde kin? Se fûn it in hiel goed punt. Se liet ús de rest fan har kantoar sjen. Filmje mocht wol, mar net nei bûten ta, opdat oaren net krekt witte wêr’t sy sit. Se moast oer in oerke nei Montenegro, om mei oare lieders te praten oer de Balkan.
Net folle letter stiene wy wer bûten it kantoar. De hiele groep, 15 contentmakkers út ‘e Benelux wiene ûnder de yndruk. Wat hiene wy hjir no krekt meimakke? In absolút unike ûnderfining.
Meer berichten
- Speciaalbierkafee It Wapen fan Fryslân Oentsjerk: Als de meute naar rechts gaat, dan gaan wij naar links
- De val van minister Dennis Wiersma: was dit een incidenteel conflict of een structurele sabotage vanuit de ambtenarij?
- Jelle en Tineke Pietersma van snackbar De Centrale: Als iets goed is dan hou ik dat vast
- Gratis street art speurtocht
- GroenLinks/PvdA Leeuwarden wil geen vervuilende reclame zoals gokken, vliegen en fossiele industrieën
- Potmargegebied onder druk – Piet Berndes: ‘Als je dat doet, komt er opstand’
- Wat gebeurde er precies op zaterdagavond 28 januari, de avond die zo feestelijk had moeten verlopen?
- Sociale veiligheid op werkvloer: cursusje is niet genoeg
- Jan de Boer: een vreemde eend aan het Vliet – voedselbank is schandalig
- De BBB-partijtop kan alleen nog toekijken hoe de partij langzaam leegloopt
- Ambtenaar: Je moet een plan groot maken, heeeel groot
- Kin it kolleezje oanjaan op hokker wize yn ús gemeente it Jabikskrûd gemeentlik bestride wurdt?
- Psy-Fi: gemeente Leeuwarden stapelde fout op fout
- Terwijl je varkens- en hondenstaarten al lang niet meer mag couperen, is het verminken van bomen nog altijd toegestaan
- Ik word echt gelukkig van onnutte weetjes, merk ik (nu met beeld)
- Salarisverhoging voor bestuurders Leeuwarden: burgemeester krijgt er ruim 300 euro bij – wethouders krijgen 11.025,76 per maand
- ‘We zijn een gematigd dorp’
- Jitske Kingma: Twintig jaar geleden werd Print on demand nog niet serieus genomen
- Journalistiek die voortdurend probeert te overtuigen, houdt op journalistiek te zijn
- Toren Bonifatiuskerk kan vaker worden beklommen
- FNP stelt veel vragen over besluit vorige college over regionale opvang Troelstraweg
- We kopen vaker online, maar geven minder uit
- Er moet meer structuur in de Boekenpassage komen! Maar als ik om me heen kijk weet ik dat dat nooit gaat gebeuren
- Lamskoteletten met yoghurtsaus
- Hoe is het mogelijk dat de heer Jager een puur in paraplu’s gespecialiseerde winkel kon drijven aan de Kelders?
- Veel mensen realiseren zich niet dat de financiële gevolgen van rijden onder invloed vaak veel groter zijn dan de boete zelf
- Vertrouwen consumenten minder negatief
- Afname energiearmoede stagneert – Energiekosten nemen toe
- Of je nu in een rubberboot stapt of later de tent induikt: een goede voorbereiding maakt de avond alleen maar beter
- ‘Je wordt blij van sport’ – bv SPORT SummerTour in wijken en dorpen
- Prijsstijging bestaande koopwoningen in provincie Groningen het grootst
- Koopwoningen in juni ruim 4 procent duurder dan jaar eerder
- 85 procent van de AOW’ers voelt koopkracht achteruitgaan
- Investeringen krimpen in mei met bijna 4 procent
- Jelmer Staal: Wat een mooie en kundige groep is PRO om deel van uit te maken; dat voelt goed.
- Unieke zomerse grondvorst gemeten
- De dierenpartij loopt in de strijd tegen big agro achter de feiten aan
- Wilken Beenmode gestopt – Peperstraat is de Peperstraat niet meer
- Ulke Wiersma: Leeuwarden en etalages? Een regelrechte ramp
- Cybercriminele jeugdnetwerken zijn vaak onzichtbaar voor gemeenten





