FNP: Wat rekket de minsken op dit stuit it fûlst? Dat se net heard wurde
(tekst: FNP’ster Annigje Toering bij de start van de FNP-campagne in Warten)
Bêste FNPers, freonen en freondinnen, Hjoed start Frankryk 2 Wêr giet it ús eins om?
De FNP is in mienskipspartij, dy ’t mei in konsekwinte en konstruktive positive polityk in oantal wichtige saken foar fryslân berikke wol.Dat moat wol trochgean en dat kin at wy manmachtich ek fertsjinwurdige binne yn de kolleezjes.
Wy bliuwe ússels en harkje goed nei de minsken yn Fryslân,want dêr binne wy mei ferbûn. Wat rekket de minsken op dit stuit it fûlst? Dat se net heard wurde. Wy kinne de sinjalen meifiele en oppakke.Under it mom fan grutter is better en gegûchel mei getallen en sifers wurdt de minsken foarholden dat se derop foarútgean. Mar se reitsje krekt alles kwyt,wurk, skoallen, husdokters, swimbaden,bibleteken,har hûs en gean samar troch. De FNP wol noed stean foar de kwaliteit fan libjen, noed stean foar -natoer en lânskip -taal en kultuer -sizzenskip en partisipaasje -de mienskip -wurk -foarsjenningen yn e stêd en op it plattelân -kwaliteit en berikberens fan ûnderwiis en sûnenssoarch.
Wy dogge it meielkoar en binne fantyk oan it wurk foar de FNP mei in grut oantal frijwilligers en betroubere politisy. Wy binne woartele yn de Fryske mienskip en witte wat dêr libbet en derút wei fiere wy in konstruktive en fernijende polityk. Want , bêste minsken,wy sitte net fêst oan de Haachske belangen. Nee, by ús is it oarsom:wy wolle sels mear foech en sizzenskip oer de dingen, dy ’t Fryslân oangean.Wy ha ús nocht .
Freonen, wy moatte ús klearmeitsje as FNP om de trend fan de opgeande line fan de lêste jierren by de ferkiezings yn novimber en yn maart troch te setten. Us politike koers giet ergens oer en dat rekket de minsken. Meiinoar der plat foar,want wa wit kinne wy op basis fan in moaie útslach noch mear ynfloed krije om ús kearnwearden hannen en fuotten te jaan. Sels de lead nimme en stride tsjin wat Den Haach ús allegear ôfnimt en noch ôfnimme wol. Hjoed is de start fan it politike jier, hjir yn Warten. Hjoed dogge wy ek de ôftraap foar de ferkiezingskampanje. Aanst sille ús buorden mei it moaie read en blauwe logo wer oan de diken stean en de minsken yn Fryslân sille de stickers wer op har auto ’s plakke. Ik winskje ús allegear in protte kreativiteit en sukses foar de kommende tiid en hoopje dat wy wer krekt as oars manmachtich kampanje fiere sille om safolle mooglik minsken waarm te meitsjen om op ús te stemmen. Tankewol
Meer berichten
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Klein coronanieuws en andere zaken – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen – Peter Kooistra (De Lorentz) ontvangt aow – Reddingspoging Wilhelminaboom – IJzerhandel Postma sluit 31 oktober
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar
- Babyboomers hebben te lang aan de knoppen gezeten en het is een puinhoop geworden
- Toeristische bestedingen met ongeveer 3 procent gestegen in 2025
- Bijna helft mensen ervaart sociale overlast in buurt, vooral van hangjeugd
- Steen des aanstoots: Hoe we het historische gezicht van de Voorstreek, het pand van Slauerhoff, eigenhandig verknalden
- Zoveel stijgen verkeersboetes in 2027 – Hoogste boete blijft het vasthouden van een telefoon achter het stuur
- Voorheen banketbakker Tonny van de Oostersingel zoekt met zijn vriend een woning in Spanje
- Brekelmans (VVD) stevig aangepakt na lastenverzwaring werkenden
- Horeca-expert over NVWA-sluitingen: Schoonmaken wordt te makkelijk uitgesteld tot morgen
- Vaker ontslag om bedrijfseconomische redenen, minder vaak vanwege nieuwe baan
- NVM: Voor het eerst meer dan 100.000 euro per hectare landbouwgrond
- Nationaal Ouderenfonds en Pathé slaan handen ineen tegen eenzaamheid
- Vier avonden klassieke muziek met Rudolf Nammensma
- Bernard M. Maarsingh: We schrijven in de ggz sneller een slaapmiddel voor dan een ochtendwandeling, want een wandeling (liefst in de natuur) valt slecht te declareren
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Tuinen 14 (Coco Nuts) is open for business!




