Commissaris Brok: De bêste supermerk fan Fryslân is de Poeisz
(tekst: ingezonden)
Nijjierstaspraak kfdK drs. A.A.M Brok
Provinsjehûs Ljouwert 3 jannewaris 2020
Sprutsen wurd jildt!
Bêste minsken!
It giet goed mei Fryslân!
– It gaat goed met Cambuur (Liwwadders)!
– It tal banen yn Fryslân nimt ta
– It tal ynwenners groeit
– De bêste supermerk fan Nederlân is de Poeisz
– Omrin is it meast duorsume bedriuw fan Nederlân
– De sterkst groeiende regio’s yn Nederlân kwa ekonomy yn 2020 sille wêze: regio Utert, Amsterdam, Eindhoven en de regio Súdwest Fryslân!
En last but not least…
De eksport nei bûten Fryslân fanút de Dokkumer Vlaggen Centrale fan de Fryske flagge is it lêste healjier tanommen mei 30% …
De Fryske flagge wappert bûten ús provinsje al lang net mear allinich op it etiket fan de kofjemolke …
Mar dochs…
Op de drompel fan it nije jier is der ek skaad …
Alden út Drachten moatte troch in stekparty ôfskie nimme fan har soan, dy’t op de Intensive Care krekt 16 jier wurden wie…
Yn de mist fan âldjiersdei komt in 58-jierrige ynwenster fan Dokkum om op de grutte dyk by Akkrum… tsientallen auto’s botsten yn de tichte mist op inoar.
Wat seit ‘súkses’ as dyn bern, dyn partner jûns net mear thús komt…
As earste wol ik koart yngean op it kontenerynsidint mei de MSC Zoe … Tonnen oan plestik kamen yn ús ekosysteem.
Fan de 342 konteners binne 301 weromfûn en tanksij in soad frywilligers en ynstânsjes is der in soad opromme.
Mar … it is skrinend te sjen dat de reder in ‘kat en muisspel’ liket te spyljen oer de kosten fan dit debakel …
In moreel appél is rjochte oan dôvemansearen.
Foar it Waadgebiet is der ek goed nijs! Op 1 jannewaris set, nei in lange politike diskusje yn De Haach, de Behearautoriteit Waadsee útein! De haadfestiging komt yn Ljouwert.
Twadde punt: 2019 wie foar de provinsjale polityk it jier fan in nije ronde.
Ferkiezings yn maart. Nije Provinsjale Steaten en in nij Kolleezje.
Wa’t seit dat provinsjale polityk saai is, hat it op’e nij mis.
Der wie yn en om dit hûs genoch ‘ferdivedaasje’….
In soad eigners fan ús 308.000 molkkij kamen op besite en net sûnder reden.
In 2017 sei Kommissaris Leemhuis-Stout op dit plak by it nijjierssûpke dat der in gebrek is oan wurdearring foar de boeren foar harren bydrage oan natuer en lânskip en dat der in gefoel is dat de sektor der allinnich foarstiet.
Leemhuis-Stout die ek in suggestje: jou ús it ministearje fan Lânbou werom. Letter dat jier waard Carola Schouten minister fan Lânbou. Dan komt de fraach: wat kin dat ministearje foar ús betsjutte?
De gearwurking yn de regiodeals is prima. It hat yn elts gefal 25 miljoen euro opsmiten foar de regiodeal Noardeast-Fryslân.
It departemint kin ek in soad oan ús hawwe. Wy binne in unyk proefgebiet dêr‘t de rest fan it lân ek profyt fan ha kin. Tink dêrby oan inisjativen fan ûnderop, yn it feangreidegebiet. Lykas yn Aldeboarn/De Deelen. It mes kin hjir oan ferskate kanten snije, it kin ek wat betjsutte foar it klimaat.
Mar in departemint is net in doel op himsels …
De takomst fan de sektor, dy’t woartele is yn ús mienskip, hat takomst as wy harren ek romte jouwe.
Mar: de konsepten fan it ferline, binne net altyd de konsepten fan de takomst. De lânbou hat yn ús provinsje wis en wrachtich takomst mar it sil ek oars moatte, mei mear omtinken foar de kwalitative groei fan de sektor.
Der wurdt by de transformaasje ek in ynspanning frege fan de koöperaasjes, de banken, feevoedselprodusinten en net te ferjitten: de konsumint! Binne wy ek ree mear as de hjoeddeistige 14% fan ús ynkommen te beteljen foar ús iten?
Wy binne en bliuwe in lânbouprovinsje mei in grutte ynnovaasjekrêft. Dêrom binne wy tankber dat ús minister fan Lânbou witten litte hat dat sy graach ree is sprekker wêze te wollen op de njoggende Rede fan Fryslân, letter dit jier.
Lêste punt: heechlearaar Caspar van den Berg fynt dat it nasjonale parlemint regionaler moat. Groeiende regionale ferskillen bedriigje de bestjoerberens fan Nederlân. Yn plattelânsregio’s bestiet it gefoel dat de eigen kulturele identiteit bedrige wurdt troch in lytse, mar dominante groep ut‘e Rânested.
De ferpyldering (verzuiling) hat plak makke foar bubbels. Yn hokker bubbel sitte jo?
Neffens Van den Berg meie en kinne de partijen it lûd út de regio net negearje. It is yn nasjonaal belang om de regionale ferskillen lytser te meitsjen. Want der komt wat op ús ôf:
– enerzjytransysje
– de klimaatadaptaasje
– de kustbeskerming
– en de wenningbou.
De grutte stêden hawwe it lânlike gebiet nedich.
Ik rekkenje derop dat it rapport fan de Staatscommissie Parlementair Stelsel – Lage drempels, hoge dijken – fan Remkes foar it regear oanlieding wêze sil om de fersterking fan de regionale komponint fan ús parlementêre stelsel fierder út te wurkjen.
Achte oanwêzigen!
It Frysk folksliet sprekt oer: ‘it bêste lân fan d’ierde’ …
Dat kin grif sa wêze, mar wy binne net better as oare minsken…
miskien wol wat oars.
Wy binne fol selsbetrouen de drompel fan 2020 oer gongen.
Wy binne selsbewust, wy leauwe yn mooglikheden, de takomst… en kleurje dy graach sels yn.
Wy kinne yn Fryslân fytse sûnder ‘sydtsjillen’.
Wy binne in fitale Europeeske regio yn ferbining mei oare provinsjes en mei oare regio’s yn Europa.
Wy binne – en der is hy wer – in iepen mienskip…
Mar… jou ús de romte! Mooglikheden genôch.
Of’t it no de boeren binne dy’t harren bern ek graach takomst jaan wolle op harren bedriuw …
Of’t de bern dy’t graach better Frysk ûnderwiis op skoalle ha wolle.
Ik winskje jimme fanút persoanlik perspektyf in soad Lok mar boppenal Seine ta foar 2020!!
foto: Harrie Muis
Meer berichten
- Alles veranderde drastisch toen Eric van ’t Zelfde aan het werk ging op een school in Friesland
- Gemiddelde WOZ-waarde ruim 10 procent hoger – Leeuwarden stijgt met 7,2 procent
- Theatermaker Mees van Rijswijk (neemt het menszijn met een korreltje zout) door het land te zien tijdens reizend theaterfestival De Parade
- Eerste Kanaalsbrug ligt weer tussen de Emmakaden
- De kunst van het afleiden – Verantwoording is een last die men liever niet draagt
- Digital News Report: Interesse en vertrouwen in nieuws daalt
- Kersvers raadslid Ivo van der Meer nu al met handen in het haar
- Ik ben belast met het openen en dichten
- Hogere prijzen veranderen vakantiekeuzes, niet de behoefte aan vakantie
- Aandeel woonlasten in inkomen hoogst voor starters in private huurwoning
- Middelgrote hond Bobik is een kleine ode aan Leeuwarden
- Etiquette-experts over zomerkleding op werk: slippers zijn een absolute no-go
- Meer dan twee derde van mkb’ers kampt met onbetaalde facturen
- Jaap Stalenburg: Het echte examen voor PRO wordt afgenomen in Heerenveen
- Overzichtstentoonstelling Henk Mual (1932-2015) in Museum Arnhem
- Drink je glas leeg, zeg ik. Ik sluit de tent. Dan kan ik nog net in Harlingen de laatste boot terug naar Terschelling halen
- PowNed de Jack Russell van Hilversum
- Gerenoveerde 1e Kanaalsbrug dinsdag terug in Leeuwarden
- Hoe verlies de blinde vlek werd van de politiek
- Het fietspad van 2026 is ontworpen voor de fiets van 1990
- Meer mensen stromen bijstand in dan uit
- Onderzoek: Waddeneilandbewoners hebben goud in handen – merk Vlieland het meest waard
- Aan de Amsterdamse Herengracht wordt Gert-Jan Dröge node gemist
- Musk bijna biljonair, verdient $1 miljoen per minuut. Rijker dan 46% van wereldbevolking
- Lara Kool nieuwe Havendichter van Leeuwarden
- Zakelijke dienstverlening zet bijna 5 procent meer om (door hogere prijzen) in eerste kwartaal 2026
- Aantal internationale studenten in Nederland daalt voor het eerst in twintig jaar
- Asfalt voor de bühne, gaten in de regio
- Oud-burgemeester Geert Dales veroordeeld tot taakstraf na ruzie met taxichauffeur
- SP Leeuwarden bezorgd over plannen nieuwe coalitie: hogere afvalstoffenheffing en ozb, meer ruimte voor huisjesmelkers en bezuinigingen op de sociale zekerheid
- Minder dan de helft medewerkers openbaar bestuur vindt het veilig om risico’s te nemen
- Drie waves en meerdere bezoekende eenheden op vliegbasis
- De therapeutische elite en uw krimpende leven
- GB058 stelt vragen over aanhoudende overlast Harlingertrekweg
- Partij voor de Dieren presenteert Anke Schothorst als Ombudsvrouw voor de Dieren
- Het fietspad is 1,50 meter breed (zie Foto 1). Fietsers kunnen elkaar op dit drukke fietspad eigenlijk niet passeren. Kan het college uitleggen waarom hiervoor gekozen is?
- Groene Michelin Ster verdwijnt – Albert Kooy: elke keuken moet biodiversiteit versterken
- FNP: Veel is nog onduidelijk over herinrichting Nieuwestad en Ruiterskwartier
- Banengroei Friesland valt tijdelijk stil bij hoge energieprijzen
- Sheila Sitalsing over rellen, referenda en bange bestuurders




