Wêrom’t metal sa populêr is
(tekst: Omrop Fryslân)
PARSEBERJOCHT
Metal yn de skynwerpers Omrop Fryslân dokumintêre te sjen yn heavy metalwike fan NPO Doc
Ekstreme muzyk is al jierren tige populêr yn Fryslân. Dat is te sjen oan it grutte tal fans, bands en konserten yn dat muzyksjenre. Dokumintêremakker Douwe Talma socht út wêrom’t metal sa populêr is yn Fryslân yn ‘In hert foar hurd’. Dy dokumintêre is fan sneon ôf meardere kearen te sjen yn in temawike fan NPO Doc.
Nei oanlieding fan it heavy metalfestival FortaRock op 31 maaie yn Nijmegen, dûkt NPO Doc in wike lang yn de wrâld fan snoeihurde gitaren en dinderjende drums. Yn de temawike: ‘Ruige bolsters in de metalscene’ stjoert NPO Doc fan 24 oant en mei 30 maaie alle dagen dokumintêres út oer rûge rockers. Sa ek de dokumintêre ‘In hert foar hurd’ wêryn’t Douwe Talma op ûndersyk gie nei de Fryske-, mar ek nei de (ynter-)nasjonale metalwrâld. ‘In hert foar hurd’ wie ferline jier ek al te sjen by Omrop Fryslân en op Nederlân 2 en waard sa’n 100.000 kear besjoen. ‘In hert foar hurd’ is ûnder oaren te sjen op 24 maaie om 20:28 oere en 25 maaie om 9:13 oere. De folsleine programmearring is te finen op http://www.hollanddoc.nl/live/themaweken-2014/ruwe-bolsters.html
Der binne bygelyks dokumintêres te sjen oer de bands Möterhead en Metallica.
Metallica yn De Westereen Douwe Talma wurket op it stuit ek oan in dokumintêre oer Metallica; oer it iennichste optreden dat dy band yn Fryslân dien hat. Dat wie tritich jier lyn, op 9 juny 1984. Metallica is tsjintwurdich ien fan de grutste rockbands fan de wrâld, dy’t oeral foar folle stadions spilet. Tritich jier lyn wie de Amerikaanske band lykwols hielendal net sa bekend. Yn de simmer fan 1984, fier foar harren trochbraak, spile Metallica yn it Fryske doarpke De Westereen. In optreden dat grutte yndruk makke hat op in protte Fryske besikers yn in tiid dat heavy metal in folslein nije muzykstreaming wie. De besite fan Metallica oan De Westereen levere smoute anekdoates op, dy’t desennia letter noch hieltyd ferteld wurde yn Fryslân. Yn de dokumintêre rekonstruearret Talma dy simmerjûn fan 1984 mei minsken dy’t der by belutsen wiene. In stikje fergetten muzykskiednis fan Fryslân. Dizze Fryslân DOK is te sjen op snein 21 juny op Omrop Fryslân Televyzje en Nederlân 2.
NPO Doc temawike ‘Ruige Bolsters in de metalscene’ Fan 24 oant en mei 30 maaie te sjen op: – Live stream op ynternet:www.hollanddoc.nl – UPC Digital (kanaal 309), CAIWAY (kanaal 118), Ziggo (kanaal 212), Delta (kanaal 35), ynteraktive tv fan KPN (kanaal 102).
Meer berichten
- Geen vee meer op dijken door droogte
- ‘Een leeuw is eigenlijk iemand, die bang is voor niemand’ , zeg ik tegen een mevrouw die het boekje ‘Gedichten van den Schoolmeester’ koopt.
- Drie kunstenaars Rein de Valk, Marten Alkema en Nieske Blaauw, drie werelden in De Nieuwe Smederij in Ferwert
- Hoge luchtvochtigheid in Friesland maakt hitte fysiek zwaarder: risico op hittestress
- ‘Gezond ouder worden vraagt om inzicht, niet om steeds meer scans’
- Geld genoeg, maar niet voor jou
- Met Joris spreken we onder meer over de niet-gevoelde urgentie van de hybride oorlog waarin we ons bevinden
- Geert Schaaij start offensief tegen beleggingsfraude: Mijn naam wordt misbruikt
- Gemeente verprutst monumentaal stadsgezicht – Teruggetrokken voegen dichtgesmeerd
- Computer zelf moet ontremming op sociale media corrigeren
- ING: Groei horeca valt vrijwel stil – Prijzen stijgen met 5 procent – Consumenten vinden prijzen veel te hoog
- En weer staan gemeente en buurtbewoners lijnrecht tegenover elkaar, nu aan het Zwitserswaltje
- Inflatie stijgt in juli naar 3,2 procent – Kleding is tijdelijk goedkoper
- Zijn waterschapsverkiezingen een goed plan? Een paar twijfels
- De blinde vlek op het Ruiterskwartier: Hoe Leeuwarden blind en zonder audit trail boetes uitdeelt
- PvdA-raadslid Afrah Abdullah: Niemand praat met mij – Ik maak me zorgen over wat de splitsing in de partij teweeg gaat brengen
- Eric Jansen: Ik hou mijn hart vast
- Paul Krugman in Pakhuis De Zwijger
- Abel Reitsma: Het CDA staat voor een redelijke en genuanceerde politiek – ‘Papa, waarom ga je weer weg?’
- Caroline de Groot (Partij voor de Dieren): De hoofdofficier was laaiend, ik werd direct op het matje geroepen
- Impact sociaal werk nauwelijks vertaalbaar in klinkende statistiek
- André Keikes: Mes en vork? Nee, vork en lepel
- Sietske Poepjes: Ik heb nog nooit zoveel kift meegemaakt
- Crowdfundingactie voor restaurant Eccoci Qua staat op 18.204 euro
- Beton, bluf en gebakken lucht: Waarom het Werelderfgoedcentrum Waddenzee en Cambuur uit hetzelfde vaatje tappen
- Zomermarkt Nije Leije gaat niet door
- Zorgen over leefbaarheid rondom opvanglocatie Harlingertrekweg
- De hang naar steeds groter heeft al veel charmante zaken kapot gemaakt
- Kunst is meer dan een gevoel. Het houdt ons bij de wereld en bij elkaar
- Huishoudens kochten vooral meer duurzame goederen
- Jerre Hakse: Je moet hier wel vreselijk aan de bel trekken om een beetje lawaai te krijgen
- ‘Benut Europese ruimte om middenhuur vlot te trekken’
- Praten met kinderen over hitte en klimaat begint bij wat ze zien en voelen
- Laten we het vooral van de positieve kant bekijken (expositieruimte brugwachtershuisje)
- Van Hulsen en zijn Franse, lange sigaren rokende vrouw Marguerite (Meta) Boucher waren lange tijd autoriteiten in het Leeuwarder en Friese galeriewezen
- Hein Kocken: Ik heb het gehad met de galeries
- Daar is dit boek uitermate geschikt voor, zeg ik. Het laat zich lezen als een inburgeringscursus
- Klaas Jansma: Op een dag zei mijn moeder We doen nu eerst de soep en dan het brood. Vernieuwing!
- Finale uitverkoop ruim 1000 kunstwerken Kunstuitleen
- Nederlanders zien vakanties uitbundiger worden, terwijl 49% juist naar eenvoud verlangt




