Tryater drok dwaande mei tariedingen foar nei de simmer
(tekst: Tryater)
July 2012
We binne drok dwaande mei de tariedingen foar nei de simmer! Us seizoenbrosjuere leit hast by de drukker, de repetysjes foar Omke Wanja binne beg�n en de plannen foar !UIT Leeuwarden, de iepening fan it kulturele seizoen op 9 septimber yn de Prinset�n yn Ljouwert, sjogge der fantastysk �t. Wy hoopje jo d�r te sjen om yn �e kunde te kommen mei it kulturele oanbod fan it seizoen dat foar �s leit en om mei elkoar it nije seizoen yn te lieden. Tryater presintearret dy dei twa reisfoarstellingen: Omke Wanja en Stamppot Schmidt.
Bestel gau kaarten: betide boekers binne goedkeaper �t. Bestelle jo foar 1 oktober kaartsjes foar dizze foarstellingen, dan �ntfange jo 10% koarting.
Omke Wanja
Op in heldere moarn wekker wurde en merke dat dyn libben
op �e nij beg�n is.
Fan 6 oktober o/m 22 desimber r�nom yn ‘e provinsje.
Tryater spilet Omke Wanja, it masterwurk fan de bekende Russyske skriuwer Anton Tsjechov, dy�t altyd wer ynspirearre waard troch famyljebannen en minsken fan it plattel�n. Wa oars soe Omke Wanja hjir yn Frysl�n bringe moatte as de fan oarsprong Russyske Ira Judkovskaja, artistyk lieder fan Tryater.
Besjoch �s webside foar mear ynformaasje oer dizze foarstelling.
Stamppot Schmidt
In healwize famyljefoarstelling mei meiwurking fan de K.T.F.F.F.F.F.F.A.M.G.S
Fan 16 jannewaris o/m 3 maart r�nom yn ‘e provinsje
Tryater spile Stamppot Schmidt twa jier lyn mei in protte sukses. In ferfolch wie net te kearen. Augurken, fee�n en stofs�gers sille noait mear itselde w�ze nei it sjen fan dizze foarstelling. Mei �nferjitlike lietteksten nei gedichten fan Annie M.G. Schmidt. Stamppot Schmidt is in nochal absurde foarstelling foar elkenien dy�t jong (fan geast) is. L�z mear
Suksesfolle Freone-aktiviteiten
Op woansdei 13 juny ha wy mei goed 200 Freonen fan Tryater in dei nei Skylge west om de try-out foarstelling fan HJIR! te sjen. In gesellige en slagge dei.
Foto�s fan dizze dei binne te sjen op de webside fan Tryater.
De earstfolgjende Freone-aktiviteit is op 9 oktober. Op dizze j�n is der in spesjale Freone-try-out fan Omke Wanja yn Russyske sfear, mei in ynlieding troch regisseur Ira Judkovskaja en Russyske hapkes en drankjes.
Der is manmachtich reagearre op dizze Freone-aktiviteit. De j�n is al fol. De dei dernei, woansdei 10 oktober, is der noch in try-out fan de foarstelling. Wolle jo hjirfoar kaarten bestelle? Dat kin dan no mei 10% koarting. Op dizze j�n is der ek in ynlieding. In kaart foar de freonepriis komt dan op �10,35. Klik hjir om te boeken.
It Paradys
It Paradys hat de �frune wiken net stilsitten. Sa wienen der mar leafst trije �tfieringen fan It Paradys yn de Slachtemaraton. Anne Graswinckel en Ytsje van der Meulen wienen mei harren minsken oanw�zich yn Easterein om de kuierders mobile stipe te jaan, 12.000 kuierders binne tasongen, op de r�ch kloppe en talake.
Tamara Schoppert soarge mei har groepen ek foar in beskieden stipe oan de rinners en Raymond Muller stie mei syn ploech yn K�baard om de kuierders oan te moedigjen.
De earste koarte projekten binne �teinset! Op 12 en 26 maaie is Raymond Muller yn Bakkefean mei in tal bern fan de basisskoalle oan de slach gien en hat d�rmei it startskot j�n. Oan de h�n fan trainingsmetoade Viewpoints hat Raymond de ent�sjaste learlingen traind op it bewust wurden fan romte en fan elkoar. In slagge earste projekt.
Workshop teaterfoarmen
It Paradys hat in nij koartrinnend projekt, spesjaal foar jong folwoeksenen dy�t ynteressearre binne yn teater. Woest altyd al mear oer toanielspyljen witte? Dan krijst no de mooglikheid om yn in workshop fan twa dagen yn it Tryatergebou yn Ljouwert, te wurkjen mei ferskate teaterfoarmen. Jou dy foar 1 oktober op by Ytsje van der Meulen (y.vdmeulen@tryater.nl). Kinst ek kontakt opnimme mei Tryater fia 058-2882335.
Mear ynformaasje oer dizze trajekten fynst op de webside fan It Paradys
BTW-ferleging
Nei�t yn july 2011 it BTW-taryf op teaterkaartsjes ferhege waard fan 6% oan 19%, hat de oerheid dit besl�t wer weromdraaid.
Tryater hat har prizen hjirop oanpast. Alle prizen dy�t jo tsjinkomme op de webside of yn �s seizoenbrosjuere ha it goede BTW-taryf.
Seizoenbrosjuere
Tryater makket kommend seizoen twa brosjueres yn h�nsum formaat. De earste edysje kinne jo ein augustus ferwachtsje. De twadde, de maitiidsedysje, wurdt oan it begin fan jannewaris ferstjoerd. Krije jo de brosjuere noch net, mar wolle jo wol graach in eksimplaar th�s krije: nim kontakt mei �s op of freegje him oan fia �s webside.
Tryater winsket jo in hiele goeie simmer ta en wy sjogge jo graach yn it seizoen 2012/2013 by ien fan �s foarstellingen of oare aktiviteiten. Tryater is fan sneon 21 july o/m snein 2 septimber ticht. Op moandei 3 septimber kinne jo �s wer berikke.
Meer berichten
- Symen Tamminga: Er wordt te weinig melk gedronken en kaas gegeten
- Provincie vraagt inwoners hoe ze straks willen wonen
- Fuerza Bruta stevent af op tonnen verlies – LC-pr-journalisten konden de tent niet volschrijven
- Geert Dales: We gaan veel te mild om met leugenaars, alsof liegen normaal is
- Ik heb hem in de raad gezegd: was lekker bij je kinderen gebleven als je dat zo mooi vond
- PvdA-raadslid Dirk Visser: Dit land heeft een goede sociaal-democratische partij nodig
- Geen vee meer op dijken door droogte
- ‘Een leeuw is eigenlijk iemand, die bang is voor niemand’ , zeg ik tegen een mevrouw die het boekje ‘Gedichten van den Schoolmeester’ koopt.
- Drie kunstenaars Rein de Valk, Marten Alkema en Nieske Blaauw, drie werelden in De Nieuwe Smederij in Ferwert
- Hoge luchtvochtigheid in Friesland maakt hitte fysiek zwaarder: risico op hittestress
- ‘Gezond ouder worden vraagt om inzicht, niet om steeds meer scans’
- Geld genoeg, maar niet voor jou
- Met Joris spreken we onder meer over de niet-gevoelde urgentie van de hybride oorlog waarin we ons bevinden
- Geert Schaaij start offensief tegen beleggingsfraude: Mijn naam wordt misbruikt
- Gemeente verprutst monumentaal stadsgezicht – Teruggetrokken voegen dichtgesmeerd
- Computer zelf moet ontremming op sociale media corrigeren
- ING: Groei horeca valt vrijwel stil – Prijzen stijgen met 5 procent – Consumenten vinden prijzen veel te hoog
- En weer staan gemeente en buurtbewoners lijnrecht tegenover elkaar, nu aan het Zwitserswaltje
- Inflatie stijgt in juli naar 3,2 procent – Kleding is tijdelijk goedkoper
- Zijn waterschapsverkiezingen een goed plan? Een paar twijfels
- De blinde vlek op het Ruiterskwartier: Hoe Leeuwarden blind en zonder audit trail boetes uitdeelt
- PvdA-raadslid Afrah Abdullah: Niemand praat met mij – Ik maak me zorgen over wat de splitsing in de partij teweeg gaat brengen
- Eric Jansen: Ik hou mijn hart vast
- Paul Krugman in Pakhuis De Zwijger
- Abel Reitsma: Het CDA staat voor een redelijke en genuanceerde politiek – ‘Papa, waarom ga je weer weg?’
- Caroline de Groot (Partij voor de Dieren): De hoofdofficier was laaiend, ik werd direct op het matje geroepen
- Impact sociaal werk nauwelijks vertaalbaar in klinkende statistiek
- André Keikes: Mes en vork? Nee, vork en lepel
- Sietske Poepjes: Ik heb nog nooit zoveel kift meegemaakt
- Crowdfundingactie voor restaurant Eccoci Qua staat op 18.204 euro
- Beton, bluf en gebakken lucht: Waarom het Werelderfgoedcentrum Waddenzee en Cambuur uit hetzelfde vaatje tappen
- Zomermarkt Nije Leije gaat niet door
- Zorgen over leefbaarheid rondom opvanglocatie Harlingertrekweg
- De hang naar steeds groter heeft al veel charmante zaken kapot gemaakt
- Kunst is meer dan een gevoel. Het houdt ons bij de wereld en bij elkaar
- Huishoudens kochten vooral meer duurzame goederen
- Jerre Hakse: Je moet hier wel vreselijk aan de bel trekken om een beetje lawaai te krijgen
- ‘Benut Europese ruimte om middenhuur vlot te trekken’
- Praten met kinderen over hitte en klimaat begint bij wat ze zien en voelen




