Ried Fryske Beweging: Omrop Fryslan moet de wereld in trekken
(tekst: Raad van de Friese Beweging)
Oan de steateleden fan de Provinsje Frysl�n
Underwerp : besunigings Omrop Frysl�n
Ljouwert, 5 oktober 2010.
Achte Steateleden,
De Ried fan de Fryske Beweging hat kennis nommen fan de besunigings�tstellen fan Deputearre Steaten. De Ried is d�r tige fan skrokken en fynt dat de Steaten hjir net mei ynstimme moatte. It sil jimme bekend w�ze dat de Ried fan de Fryske Beweging al lang yn de pleit is foar in alsidige programmearring fan Omrop Frysl�n. Yn it saneamde Oanfalsplan ha wy �s arguminten j�n om foar Omrop Frysl�n de doarren iepen te setten foar in stjoerder dy�t net �nder docht foar de Holl�nsktalige stjoerders yn Nederl�n. Wy ha der al faker op wiisd dat der noch in grut ferskil is tusken mooglikheden fan dizze stjoerder en de Holl�nske stjoerders. As minsken net foar alles terjochte kinne by Omrop Frysl�n dan sille se earder nei oare kanalen trochsappe. Dat is benammen sa by de bern. It oanbod foar de bern is by Omrop Frysl�n noch tige suterich yn ferh�lding mei wat oaren te bieden ha en rekket troch de besunigings hielendal yn�e nederklits. By bern �ntstiet dan gau it gefoel dat by radio en televyzje Holl�nsk heart. Jimme sille it mei �s iens w�ze dat dit krekt de wichtichste doelgroep is as it giet om it beh�ld fan it Frysk. Beheining fan de mooglikheden fan de omrop hellet neffens �s alle oare foarnimmens om it Frysk te stypjen wer �nder�t.
By in alsidige omrop heart neffens �s ek dat der mear bean wurdt as allinne dat wat tichtby h�s bart. Al hoe wichtich wy it omtinken fan Omrop Frysl�n oan de Fryske eveneminten, sporten en muzyk ek fine, de omrop soe ek de mooglikheid ha moatte om faker b�ten Frysl�n om him hinne te sjen. Alles wat der op de wr�ld bart kin yn it Frysk bepraat wurde. Dat soe net unyk w�ze. Yn Wales en Baskel�n, mei sawat likefolle sprekkers fan de minderheidstaal as yn Frysl�n, wurdt wr�ldnijs yn de eigen taal �tstjoerd.
As tr�de punt en wichtich punt wol de Ried it belang fan de satellyttelevyzje neame. Troch dizze mooglikheid kinne Friezen en net Friezen oer de hiele wr�ld op Omrop Frysl�n �fstimme, of it no om emigranten giet of om fak�nsjegongers. It soe ivich s�nde w�ze as dizze tsjinst ferdwine moatte soe.
Neffens �s sl�t �s opfetting oer de Fryske Omrop naadleas oan by de 3e Bestjoers�fspraak Fryske taal en Kultuer d�r�t it Ryk him yn ferbynt om Omrop Frysl�n �foldwaande middels� te jaan om �een volledige en veelzijdige programmering te realiseren� (ambysje 5.1). Wy binne �s der fan bewust dat it Ryk hjir te koart sketten is en dat de provinsje oant no ta foar kompensaasje soarge. Dochs fernuveret it de Ried dat dizze ekstra stipe no sa mar fuortbesunige wurdt yn de Konsept-begrutting foar 2011 fan de provinsje. D�rmei wurdt it Omrop Frysl�n �nmooglik makke om te foldwaan oan de bedoelings fan artikel 11.1 a(iii) fan it Europees H�nf�st. De Ried hat der alle begryp foar dat de provinsje besunigje moat en dat der kritysk sjoen wurdt nei taken dy�t eins th�s op it boardsje fan it Ryk th�shearre. No�t der miskien in ferskowing komt yn de ferantwurdlikens foar it taal- en kultuerbelied nei oanlieding fan de Kommisje Hoekstra sil der op �e nij praat wurde moatte oer it jild dat by dy ferskowing heart. Sa lang dit net �t iten is wol de Ried d�rom by it provinsjebestjoer op oantr�nje om de foarstelde besunigings net troch gean te litten. It skrassen fan de ekstra bydrage fan de provinsje oan Omrop Frysl�n is in ferkeard sinjaal nei Den Haach ta. It soe �tlein wurde kinne as soe de provinsje it net sa belangryk fine.
Wy tidigje derop dat de Steaten �s arguminten swier wage litte sille yn de besl�tfoarming oer de begrutting.
Mei rju heechachting,
Dr. J. van der Bij (foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging)

Meer berichten
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo
- Op tournee met de FNP in De Treemter – In Grou trekken bepaalde families aan de touwtjes
- Lisa Spooren beheerder van 35.000 kunst- en cultuurhistorische objecten Ottema Kingmastichting
- Gerechtshof Arnhem-Leeuwarden maakt van Kneppelfreed een vrolijk evenement
- Helft van de gezinnen met pubers discussieert over de thermostaat
- Vorstseizoen in Nederland in ruim een eeuw vijf weken korter geworden
- Ufo’s van Gorredijk nu in bioscopen Pathé
- Ik ben Henk Tanahatoe en al 36 jaar woonachtig in de directe omgeving van de vliegbasis
- Werkzaamheden Hermesbrug starten in februari 2027
- Leeuwarden komt er niet uit met de PFAS en zoekt hulp
- Zuchtend leg ik de telefoon weg. Vanochtend ben ik al drie keer gebeld door verschillende mensen, die op straat staan, geen thuis meer hebben
- Sijbe Knol tegen Femke Halsema: prima om trots te zijn op cultuur in Amsterdam, maar er gebeurt ook nog wat buiten de hoofdstad
- Afvoerputje Waddenzee: hoe zorgen we beter voor ons grootste werelderfgoed?
- Muziekdocenten: muziekles te vaak afhankelijk van inkomen en woonplaats
- ‘Adverteerders financieren het verdienmodel achter verslavend telefoongebruik’
- Urk hoogste percentage jongeren, Schiermonnikoog laagste
- 1 op 5 werknemers psychisch vermoeid door werk, meer dan tien jaar geleden
- Big Band Friesland brengt spetterende livemuziek naar Fire Café Leeuwarden
- FNP Ljouwert tegen belastingverhogingen: geen verhoging van de OZB
- Zonet had ik ook al een moeder die een boek voor haar dochter kocht. Lezen moeders zelf niet meer?
- Mooie woorden Jelmer, maar goed bestuur begint bij een volle maag voor ieder kind en een veilige straat voor iedereen
- Bijna kwart bedrijven heeft investeringen uitgesteld of geschrapt – Tekort aan arbeidskrachten blijft belangrijkste belemmering



