Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!

Ministearje diskriminearret statushâlders én Fryske taal

29 april 2021 Actueel

(tekst: PARSEBERJOCHT FAN DE JONGFRYSKE MIENSKIP)

Ministearje diskriminearret statushâlders én Fryske taal

Gjin jild foar Fryske lessen oan statushâlders – Ministearje yn striid mei Europeeske ferdraggen

It Ministearje fan Sosjale Saken hat okkerdeis oan boargemaster Oebele Brouwer fan Achterkarspelen te witten dien dat der gjin jild beskikber wurde mei foar de ynboargering yn de Fryske taal. De gemeente Achtkarspelen hie dêr eksplisyt om frege. Yn de ôfrûne jierren hat kear op kear bliken dien dat asylsikers en statushâlders graach Frysk leare wolle.

Wannear’t statushâlders yn Fryslân wenje, binne se juridysk sjoen Friezen en falle ûnder it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden. Yn kêst 5 lid 2 stiet:
“Without prejudice to measures taken in pursuance of their general integration policy, the Parties shall refrain from policies or practices aimed at assimilation of persons belonging to national minorities against their will and shall protect these persons from any action aimed at such assimilation.”

Dit betsjut dat statushâlders net befrijd wurde fan de besteande ynboargeringsregeljouwing, mar seit ek dat it net de bedoeling is om leden fan in nasjonale minderheid te assimilearjen. Allinnich mar Nederlânsk oanbiede oan statushâlders sil liede ta assimilaasje fan de nije Friezen. Yn oare Europeeske regio’s lykas Südtirol of Katalonië is it normaal dat statushâlders twa talen leare moatte. Yn Europa binne genôch foarbylden te finen hoe’t statushâlders goed opfongen wurde. De Jongfryske Mienskip fynt dat Fryslân dy foarbylden folgje moat.

Mei it ratifisearjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden hat it Nederlânske regear him ferplichte om op alle passende nivo’s de mooglikheid te bieden om Frysk te learen. Yn kêst 7 lid 1f stiet:
“The provision of appropriate forms and means for the teaching and study of regional or minority languages at all appropriate stages.”

De gemeente hat oanjûn fasilitearje te wollen en statushâlders hawwe oanjûn de Fryske taal leare te wollen. Dêrmei is in ‘appropriate stage’ yn ús eagen dúdlik oanwêzich en bestiet der foar de Ryksoerheid wol deeglik in ynspanningsferplichting. Wy wize de Ryksoerheid op it neikommen fan ferdraggen ûndertekene troch dyselde Ryksoerheid.

Us punten:
It antwurd fan it Ministearje fan Sosjale Saken is yn striid mei it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden én is yn striid mei it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden.
It Ministearje fan Sosjale Saken diskriminearret statushâlders troch har kânsen te ûntnimmen. De kâns om te yntegrearjen yn ‘e Fryske mienskip. Behearsking fan de Fryske taal is ommers fan grut belang yn Fryslân. Yn de domeinen ûnderwiis, soarch en iepenbier bestjoer hat it Frysk de ôfrûne desennia in hieltyd grutter plak ynnommen. By in protte bedriuwen is Frysk de fiertaal. It oanbieden fan kursussen Frysk fergruttet de kânsen fan statushâlders op de arbeidsmerk.

It Ministearje fan Sosjale Saken diskriminearret de Fryske taal omdat it ministearje formeel in ûndergeskikte status oan ‘e Fryske taal jout.
De Jongfryske Mienskip hat deputearre Sietske Poepjes frege om aksje te ûndernimmen tsjin dizze ûnwettichheden en diskriminaasje troch it Ministearje fan Sosjale Saken. Dêrneist hat de Jongfryske Mienskip twa klachten fan diskriminaasje yntsjinne by it antydiskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert.

foto: Simon van der Woude

Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Adviseur integriteit Tweede Kamer krijgt een vijf-en-een-half voor vlijt van Geert Dales

Volgende bericht

Tweedeling huurprijsontwikkeling in vrije sector huurmarkt

 

Meer berichten

  • Alles veranderde drastisch toen Eric van ’t Zelfde aan het werk ging op een school in Friesland
  • Gemiddelde WOZ-waarde ruim 10 procent hoger – Leeuwarden stijgt met 7,2 procent
  • Theatermaker Mees van Rijswijk (neemt het menszijn met een korreltje zout) door het land te zien tijdens reizend theaterfestival De Parade
  • Eerste Kanaalsbrug ligt weer tussen de Emmakaden
  • De kunst van het afleiden – Verantwoording is een last die men liever niet draagt
  • Digital News Report: Interesse en vertrouwen in nieuws daalt
  • Kersvers raadslid Ivo van der Meer nu al met handen in het haar
  • Ik ben belast met het openen en dichten
  • Hogere prijzen veranderen vakantiekeuzes, niet de behoefte aan vakantie
  • Aandeel woonlasten in inkomen hoogst voor starters in private huurwoning
  • Middelgrote hond Bobik is een kleine ode aan Leeuwarden
  • Etiquette-experts over zomerkleding op werk: slippers zijn een absolute no-go
  • Meer dan twee derde van mkb’ers kampt met onbetaalde facturen
  • Jaap Stalenburg: Het echte examen voor PRO wordt afgenomen in Heerenveen
  • Overzichtstentoonstelling Henk Mual (1932-2015) in Museum Arnhem
  • Drink je glas leeg, zeg ik. Ik sluit de tent. Dan kan ik nog net in Harlingen de laatste boot terug naar Terschelling halen
  • PowNed de Jack Russell van Hilversum
  • Gerenoveerde 1e Kanaalsbrug dinsdag terug in Leeuwarden
  • Hoe verlies de blinde vlek werd van de politiek
  • Het fietspad van 2026 is ontworpen voor de fiets van 1990
  • Meer mensen stromen bijstand in dan uit
  • Onderzoek: Waddeneilandbewoners hebben goud in handen – merk Vlieland het meest waard
  • Aan de Amsterdamse Herengracht wordt Gert-Jan Dröge node gemist
  • Musk bijna biljonair, verdient $1 miljoen per minuut. Rijker dan 46% van wereldbevolking
  • Lara Kool nieuwe Havendichter van Leeuwarden
  • Zakelijke dienstverlening zet bijna 5 procent meer om (door hogere prijzen) in eerste kwartaal 2026
  • Aantal internationale studenten in Nederland daalt voor het eerst in twintig jaar
  • Asfalt voor de bühne, gaten in de regio
  • Oud-burgemeester Geert Dales veroordeeld tot taakstraf na ruzie met taxichauffeur
  • SP Leeuwarden bezorgd over plannen nieuwe coalitie: hogere afvalstoffenheffing en ozb, meer ruimte voor huisjesmelkers en bezuinigingen op de sociale zekerheid
  • Minder dan de helft medewerkers openbaar bestuur vindt het veilig om risico’s te nemen
  • Drie waves en meerdere bezoekende eenheden op vliegbasis
  • De therapeutische elite en uw krimpende leven
  • GB058 stelt vragen over aanhoudende overlast Harlingertrekweg
  • Partij voor de Dieren presenteert Anke Schothorst als Ombudsvrouw voor de Dieren
  • Het fietspad is 1,50 meter breed (zie Foto 1). Fietsers kunnen elkaar op dit drukke fietspad eigenlijk niet passeren. Kan het college uitleggen waarom hiervoor gekozen is?
  • Groene Michelin Ster verdwijnt – Albert Kooy: elke keuken moet biodiversiteit versterken
  • FNP: Veel is nog onduidelijk over herinrichting Nieuwestad en Ruiterskwartier
  • Banengroei Friesland valt tijdelijk stil bij hoge energieprijzen
  • Sheila Sitalsing over rellen, referenda en bange bestuurders
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl
Leeuwarden - Wybrand de Geeststraat - Verboden te lopen

Alles veranderde drastisch toen Eric van ’t...

17 juni 2026
Lijsterstraat

Gemiddelde WOZ-waarde ruim 10 procent hoger...

17 juni 2026
Blokhuispoort - feest - festival

Theatermaker Mees van Rijswijk (neemt het menszijn...

17 juni 2026

Haring en appel

17 juni 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Webarchief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN