Johannes Kramer: As dy sa lilk binne, dan moat jo dêr nei harkje. Net om se gelyk te jaan, mar om tiid te keapjen en sa oer en wer begrip te krijen
(tekst: FNP-gedeputeerde Johannes Kramer op Facebook)
Ik ha eefkes net sa aktyf op Facebook west, omt ik wat oare drokten oan de holle hie. It hat foar my en ús gesin efkfes ino bannige tiid west.
Dat begrûn fansels mei de boere aksje op freed 11 oktober. Der wie in protte krityk mar ek in protte lof foar myn optreden en hanneljen. Benammen al dy positive reaksjes jûgen my it betrouwen dat ik it goed dien hie. Tige tige tank derfoar. As minsken sa lilk binne, oer alles wat der oer harren hinne komt, dan moat je as bestjoerder efkes in time out mei inoar nimme. De angel moast der út en de dialooch oposocht wurde. Dat benammen bûten Fryslân dat beskôge waard as bûgjen, is dan mar sa. Ik sit net op myn plak om blyn regels troch te drukken, mar ik sit der foar de minsken en as dy sa lilk binne, dan moat jo dêr nei harkje. Net om se gelyk te jaan, mar om tiid te keapjen en sa oer en wer begrip en fan dêr út draachflak te krijen foar nije besluten. It stikstofprobleem moat fansels wol oplost wurde.
De wike dêrnei giene de boereprotesten fierder. Earst by de oare provinsjes en letter wer yn Den Haach. Yn Grins sels mei geweld. Dat is net goed. Ik meitsje my bot soargen om de lilkens en it fertriet by ús boeren. Ik fernim te min omtinken foar de ‘emoasjonele’ kant fan it boereferhaal. It gebrek oan perspektyf is frustrearjend. Ik fernim fragen as: Wannear komt der no ris in ein oan al dy regeltsjebrij? Wannear witte wy no einliks ris wêr’t wy oan ta binne?
Dêrom wie it goed dat ús Kening freed in pear hoedene, mar waarme wurden foar ús boeren brûkte. No soe it goed wêze as ek it kabinet sichtber yn petear mei de boeren giet.
Woansdei hie ik in spoeddebat yn de Steaten. Dat wie fansels spannend, mar dat gie hiel goed. Ik fernaam dat ús ferhaal begrepen en ferstien waard. It moaiste momint foar my wie doe’t in tal jonge boeren op de tribune spontaan hun hân opstutsen en ek tsjin de moasjes fan treurnis stimden. Ek de lokwinsken fan ferskate steateleden nei it debat, benammen ek fan opposysje fraksjes, diene my goed.
En doe kaam dyselde woansdeitejûns it berjocht dat de gemeenteried fan Noardeast Fryslân my foardrage sil foar it boargemastersskip fan dy gemeente. Nei in roerige wike en in spannende dei in hiel moai momint foar my en Christina Rypkema, mar ek foar ús gesin, myn âlden en de partij. De betrouwenskommisje kaam noch deselde jûns del en wy hawwe hiel gesellich mei inoar sitten. Wy fiele ús o sa wolkom.
Ik krych de wereld oan appkes, mailtsjes en telefoantsjes. It hûs tilt op fan de blommen.
No begjint in perioade fan weromsjen én foarútsjen. Ik ha in ferskriklik moaie perioade as deputearre. Mei fijne kollega’s, in baas-kommissaris en fruchtbere gearwurking mei koalysje én opposysje fraksjes. Moaie dingen belibbe en dien. Hawar, no begjint stadichoan it nije aventuer. It is ús doel om yn de simmerfakânsje te ferhúzjen sa dat de bern earst it skoaljier hjir ôfmeitsje kinne.
Ik sjoch der nei út om mei kolleezje, ried, amtners en mienskip fan Noardeast-Fryslân in gemeente del te setten dy der ta docht!
Meer berichten
- De kunst van het afleiden – Verantwoording is een last die men liever niet draagt
- Digital News Report: Interesse en vertrouwen in nieuws daalt
- Kersvers raadslid Ivo van der Meer nu al met handen in het haar
- Ik ben belast met het openen en dichten
- Hogere prijzen veranderen vakantiekeuzes, niet de behoefte aan vakantie
- Aandeel woonlasten in inkomen hoogst voor starters in private huurwoning
- Middelgrote hond Bobik is een kleine ode aan Leeuwarden
- Etiquette-experts over zomerkleding op werk: slippers zijn een absolute no-go
- Meer dan twee derde van mkb’ers kampt met onbetaalde facturen
- Jaap Stalenburg: Het echte examen voor PRO wordt afgenomen in Heerenveen
- Overzichtstentoonstelling Henk Mual (1932-2015) in Museum Arnhem
- Drink je glas leeg, zeg ik. Ik sluit de tent. Dan kan ik nog net in Harlingen de laatste boot terug naar Terschelling halen
- PowNed de Jack Russell van Hilversum
- Gerenoveerde 1e Kanaalsbrug dinsdag terug in Leeuwarden
- Hoe verlies de blinde vlek werd van de politiek
- Het fietspad van 2026 is ontworpen voor de fiets van 1990
- Meer mensen stromen bijstand in dan uit
- Onderzoek: Waddeneilandbewoners hebben goud in handen – merk Vlieland het meest waard
- Aan de Amsterdamse Herengracht wordt Gert-Jan Dröge node gemist
- Musk bijna biljonair, verdient $1 miljoen per minuut. Rijker dan 46% van wereldbevolking
- Lara Kool nieuwe Havendichter van Leeuwarden
- Zakelijke dienstverlening zet bijna 5 procent meer om (door hogere prijzen) in eerste kwartaal 2026
- Aantal internationale studenten in Nederland daalt voor het eerst in twintig jaar
- Asfalt voor de bühne, gaten in de regio
- Oud-burgemeester Geert Dales veroordeeld tot taakstraf na ruzie met taxichauffeur
- SP Leeuwarden bezorgd over plannen nieuwe coalitie: hogere afvalstoffenheffing en ozb, meer ruimte voor huisjesmelkers en bezuinigingen op de sociale zekerheid
- Minder dan de helft medewerkers openbaar bestuur vindt het veilig om risico’s te nemen
- Drie waves en meerdere bezoekende eenheden op vliegbasis
- De therapeutische elite en uw krimpende leven
- GB058 stelt vragen over aanhoudende overlast Harlingertrekweg
- Partij voor de Dieren presenteert Anke Schothorst als Ombudsvrouw voor de Dieren
- Het fietspad is 1,50 meter breed (zie Foto 1). Fietsers kunnen elkaar op dit drukke fietspad eigenlijk niet passeren. Kan het college uitleggen waarom hiervoor gekozen is?
- Groene Michelin Ster verdwijnt – Albert Kooy: elke keuken moet biodiversiteit versterken
- FNP: Veel is nog onduidelijk over herinrichting Nieuwestad en Ruiterskwartier
- Banengroei Friesland valt tijdelijk stil bij hoge energieprijzen
- Sheila Sitalsing over rellen, referenda en bange bestuurders
- Fysiotherapeut stopt voor pensioendatum – Hoge werkdruk, administratieve lasten en onvoldoende waardering
- Fryske Vlogger Eduard Rekker op visite bij Ursula von der Leyen
- Vragen FNP over ligplaatsen Dokkumer Ee
- ASML nodigt Musk uit voor besloten technologie-evenement – medewerkers dreigen met boycot




