It Nijs vraagt: hoe Fries is het Fries Museum?
(tekst: website It Nijs)
Frysk museum ek Fryskfreonlik?
moandei 22 july 2013
Yn it ferline wienen der geregeld klachten oer de posysje fan de Fryske taal by it Frysk museum. Lykwols, mei it nije museum soe alles goedkomme, sa is tasein oan Provinsjale Steaten fan Fryslân by it beskikber stellen fan it miljoenesubsydzje. It gebou is no sawat klear en oer in lytse twa moanne wurdt it iepene. Reden foar de redaksje fan ItNijs om te fernimmen hoe’t de flagge der by hinget. De redaksje hat yn in e-mail nei de direksje fernommen nei de stân fan saken. De mail is hjirûnder yntegraal werjûn. Sadree’t de reaksje ynkommen is sille wy dêr wer oer publisearje.
Achte direksje, bêste minsken,
wy hawwe begrepen dat PS (Provinsjale Steaten) by it fêststellen fan it subsydzje foar it nij Frysk museum besletten hawwe dat it Frysk en it Nederlânsk yn de kommunikaasje-uteringen in folslein gelykweardich plak krije soenen.
Omdat it museum oer in lytse 2 moanne iepengiet binne wy benijd nei de stân fan saken by it realisearjen fan dat belied.
Yn ferbân dêrmei hawwe wy in oantal fragen:
1. Op dit stuit binne jim parseberjochten noch allinnich yn it Nederlânsk, ek nei adressanten dy’t it leaver yn it Frysk hawwe wolle. Mei yngong fan watfoar datum wurde dy berjochten dûbeldtalich, dat wol sizze yn it Frysk en yn it Nederlânsk?
2. Op de webside www.friesmuseum.nl binne op himsels al aardich wat teksten yn it Frysk. Lykwols it Frysk hat no wol in dúdlik achtersteld plak. Yn it foarste plak begjint de thússide (‘home’) mei de Nederlânsktalige ferzje en moatte je alle kearen foar de Frysktalige saken nei rjochtsboppe (Frysk oanklikke). Wêrom net earst begjinne mei de taalkar (en dêrnei de ynhâld) sadat jo prate oer in folslein gelykweardige posysje?
Op dyselde webside komme op de thússide in oantal ‘skowende panielen’ foarby mei de lêste ynformaasje oer útstallings en wat it museum fan doel is. Foar safier’t wy it besjen kinne, binne dy panielen allinnich yn it Nederlânsk beskikber. It liket ús in lytse muoite, ek wat kosten oangiet, om dy teksten ek yn it Frysk sjen te litten.
3. Wy binne benijd hoe’t de beweiwizering en de teksten by de tentoanstellings yn it FM der aansens út komme te sjen. Yndachtich de beslútfoarming fan de provinsje kin it neffens ús net oars wêze of dat opskriften, beweiwizering en folders/brosjueres allegear yn minimaal 3 talen (Frysk, Nederlânsk, Ingelsk) beskikber binne en dat al dy ynformaasje yn elke taal gelykweardich is kwa nivo en ynhâld.
4. Hieltyd mear kommunisearje organisaasjes en bedriuwen fia nije en sosjale media. Tink oan Twitter, apps, digitale nijsbrieven en spesifyk foar it FM apparatuer foar rûnliedings yn it museum sels ensfh. Wat sil it Frysk museum dwaan om ek dêr foar in gelykweardige posysje fan it Frysk en it Nederlânsk te soargjen?
Yn’t foar tank foar jim reaksje,
mei freonlike groetnis,
redaksje It Nijs www.itnijs.nl

Meer berichten
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo
- Op tournee met de FNP in De Treemter – In Grou trekken bepaalde families aan de touwtjes
- Lisa Spooren beheerder van 35.000 kunst- en cultuurhistorische objecten Ottema Kingmastichting
- Gerechtshof Arnhem-Leeuwarden maakt van Kneppelfreed een vrolijk evenement
- Helft van de gezinnen met pubers discussieert over de thermostaat
- Vorstseizoen in Nederland in ruim een eeuw vijf weken korter geworden
- Ufo’s van Gorredijk nu in bioscopen Pathé
- Ik ben Henk Tanahatoe en al 36 jaar woonachtig in de directe omgeving van de vliegbasis
- Werkzaamheden Hermesbrug starten in februari 2027
- Leeuwarden komt er niet uit met de PFAS en zoekt hulp
- Zuchtend leg ik de telefoon weg. Vanochtend ben ik al drie keer gebeld door verschillende mensen, die op straat staan, geen thuis meer hebben
- Sijbe Knol tegen Femke Halsema: prima om trots te zijn op cultuur in Amsterdam, maar er gebeurt ook nog wat buiten de hoofdstad
- Afvoerputje Waddenzee: hoe zorgen we beter voor ons grootste werelderfgoed?
- Muziekdocenten: muziekles te vaak afhankelijk van inkomen en woonplaats
- ‘Adverteerders financieren het verdienmodel achter verslavend telefoongebruik’
- Urk hoogste percentage jongeren, Schiermonnikoog laagste
- 1 op 5 werknemers psychisch vermoeid door werk, meer dan tien jaar geleden
- Big Band Friesland brengt spetterende livemuziek naar Fire Café Leeuwarden
- FNP Ljouwert tegen belastingverhogingen: geen verhoging van de OZB
- Zonet had ik ook al een moeder die een boek voor haar dochter kocht. Lezen moeders zelf niet meer?
- Mooie woorden Jelmer, maar goed bestuur begint bij een volle maag voor ieder kind en een veilige straat voor iedereen
- Bijna kwart bedrijven heeft investeringen uitgesteld of geschrapt – Tekort aan arbeidskrachten blijft belangrijkste belemmering



