FNP en LIJST058 stellen vragen over plotselinge gedwongen wijziging openingstijd ijssalon La Venezia
(tekst: FNP)
Skriftelike fragen fan de FNP Fraksje Ljouwert oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders sa as bedoeld yn artikel 41, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert.
8 july 2022
Underwerp: slutingstiid La Venezia
Achte lêzer,
Nei oanlieding fan it ûndersteand berjocht op de webside Welkom In Leeuwarden hawwe wy as FNP Ljouwert in oantal fragen oan it kolleezje oer de gong fan saken (link nei it folsleine artikel stiet ûnder de ôfbielding).
Earst in oantal saken op in rychje: op 5 july waard it boppesteande artikel publisearre. Under oaren op sosjale media wie der ferûntwaardiging grut mar ek by de iissalon sels wie hja net bliid. Sa docht wol bliken út de toan fan it bryfke dat op de doar plakt is (sjoch ôfbielding) mar ek yn it petear dat ûnderskreaune mei ien fan de meiwurkers fan de saak hie waard dit befêstige. Sy ervare dit sels as ‘ûndernimmertsje peste’.
Wat fergunnings oanbelanget falt La Venezia skynber ûnder ‘Daghoreca’, wat betsjut dat sy (yn dat diel fan de stêd) bûn binne oan iepeningstiden fan 8:00. oant 22:00. No kinne Friezen der wolris wat nuvere gewoantes op nei hâlde mar wy leauwe net dat in iisko by it moarnsiten in Ljouwerter gewoante is of ea wêze sil, sels net as it sa’n ambachtlik lekkernij dat noch hieltyd nei in âld Italiaansk resept makke wurdt oanbelanget. No is it sa dat de saak earder oant 23:00. iepen wie yn de simmermoannen. En dat der ek jûns let in soad minsken binne dy’t (bygelyks nei in teaterfoarstelling of in bioskoopfilm) spesjaal nei De Nieuweburen ta kuierje om in kâlde fersnapering te heljen by dizze ikoanyske iissalon.
Wy wolle dizze saak graach ûnder de oandacht bringe by it kolleezje om’t de frustraasje by dizze ûndernimmers en har klanten oprint. De FNP Ljouwert is fan tinken dat wy as gemeente goeie ûndernimmers koesterje moatte, ynstee fan dwers sitte. Ien fan de punten dy’t dêryn in rol spylje is de frijheid om sels de iepenings- en slutingstiden te bepalen.
Konkreet hawwe yn de folgjende fragen formulearre:
Snackbars, coffeeshops en saken mei in alkoholfergunning meie wol langer iepen en oant in moanne lyn mocht La Venezia dat ek. Mar no’t de simmer (de pykmoannen fan dizze saak) der oan komt, wurdt sawol de ûndernimmer as de boarger beheind troch dizze gong fan saken. Hokfoar mooglikheden binne der yn it kader fan útsonderingen om de salon yn ‘e simmermoannen dochs langer iepen te litten?
De eigenaren én de klanten fan La Venezia fine dat de iissalon hjir beheind en beneidield wurdt en it falt swier dat de gemeente soks samar oplizze kin. Erkent it kolleezje dit gefoel en stiet it kolleezje iepen foar in petear mei dizze en oare ûndernimmers yn in soartgelike situaasje om harren winsken te hearren en in útkomst te bieden dy’t foar eltsenien goed fielt?
Mei freonlike groetnis,
Bauke Beert Keizer
Riedslid FNP Ljouwert
Meer berichten
- Alles veranderde drastisch toen Eric van ’t Zelfde aan het werk ging op een school in Friesland
- Gemiddelde WOZ-waarde ruim 10 procent hoger – Leeuwarden stijgt met 7,2 procent
- Theatermaker Mees van Rijswijk (neemt het menszijn met een korreltje zout) door het land te zien tijdens reizend theaterfestival De Parade
- Eerste Kanaalsbrug ligt weer tussen de Emmakaden
- De kunst van het afleiden – Verantwoording is een last die men liever niet draagt
- Digital News Report: Interesse en vertrouwen in nieuws daalt
- Kersvers raadslid Ivo van der Meer nu al met handen in het haar
- Ik ben belast met het openen en dichten
- Hogere prijzen veranderen vakantiekeuzes, niet de behoefte aan vakantie
- Aandeel woonlasten in inkomen hoogst voor starters in private huurwoning
- Middelgrote hond Bobik is een kleine ode aan Leeuwarden
- Etiquette-experts over zomerkleding op werk: slippers zijn een absolute no-go
- Meer dan twee derde van mkb’ers kampt met onbetaalde facturen
- Jaap Stalenburg: Het echte examen voor PRO wordt afgenomen in Heerenveen
- Overzichtstentoonstelling Henk Mual (1932-2015) in Museum Arnhem
- Drink je glas leeg, zeg ik. Ik sluit de tent. Dan kan ik nog net in Harlingen de laatste boot terug naar Terschelling halen
- PowNed de Jack Russell van Hilversum
- Gerenoveerde 1e Kanaalsbrug dinsdag terug in Leeuwarden
- Hoe verlies de blinde vlek werd van de politiek
- Het fietspad van 2026 is ontworpen voor de fiets van 1990
- Meer mensen stromen bijstand in dan uit
- Onderzoek: Waddeneilandbewoners hebben goud in handen – merk Vlieland het meest waard
- Aan de Amsterdamse Herengracht wordt Gert-Jan Dröge node gemist
- Musk bijna biljonair, verdient $1 miljoen per minuut. Rijker dan 46% van wereldbevolking
- Lara Kool nieuwe Havendichter van Leeuwarden
- Zakelijke dienstverlening zet bijna 5 procent meer om (door hogere prijzen) in eerste kwartaal 2026
- Aantal internationale studenten in Nederland daalt voor het eerst in twintig jaar
- Asfalt voor de bühne, gaten in de regio
- Oud-burgemeester Geert Dales veroordeeld tot taakstraf na ruzie met taxichauffeur
- SP Leeuwarden bezorgd over plannen nieuwe coalitie: hogere afvalstoffenheffing en ozb, meer ruimte voor huisjesmelkers en bezuinigingen op de sociale zekerheid
- Minder dan de helft medewerkers openbaar bestuur vindt het veilig om risico’s te nemen
- Drie waves en meerdere bezoekende eenheden op vliegbasis
- De therapeutische elite en uw krimpende leven
- GB058 stelt vragen over aanhoudende overlast Harlingertrekweg
- Partij voor de Dieren presenteert Anke Schothorst als Ombudsvrouw voor de Dieren
- Het fietspad is 1,50 meter breed (zie Foto 1). Fietsers kunnen elkaar op dit drukke fietspad eigenlijk niet passeren. Kan het college uitleggen waarom hiervoor gekozen is?
- Groene Michelin Ster verdwijnt – Albert Kooy: elke keuken moet biodiversiteit versterken
- FNP: Veel is nog onduidelijk over herinrichting Nieuwestad en Ruiterskwartier
- Banengroei Friesland valt tijdelijk stil bij hoge energieprijzen
- Sheila Sitalsing over rellen, referenda en bange bestuurders




