Dichters fan Fryslân gean los
(tekst: persbericht)
DICHTERS FAN FRYSLAN GEAN LOS
Kollektyf ropt Provinsjale Steaten op om inisjatyf te stypjen
It kollektyf DichterS fan Fryslân ropt Provinsjale Steaten op om fan de
ferkiezing fan in Dichter fan Fryslân ôf te stappen en it
dichterskollektyf de gelegenheid te jaan om Dichter fan Fryslân ta in
grut súkses te meitsjen. Om syn oprop krêft by te setten giet it
kollektyf dizze wike alfêst los.
Foarige wike tongersdei hat deputearre fan kultuer Sietske Poepjes
reagearre op it foarstel om Dichter fan Fryslân yn 2018-2019 troch in
grut kollektyf fan Fryske dichters dwaan te litten. Telefoanysk liet se
de groep witte dat sy it plan in prachtich idee fynt, ek mei it each op
LF2018. Se hat provinsjale stipe tasein om it plan te realisearjen.
Goed nijs. No de stipe fan Provinsjale Steaten noch. Want it kollektyf
bliuwt by syn krityk op de proseduere foar de ferkiezing fan Dichter fan
Fryslân en is fan miening dat dy yntusken in farce wurden is. Betûfte
dichters dogge net mei nei krityk op de proseduere en dichters mei
minimale ûnderfining tinke nei útspraken fan de deputearre yn de media
dat se – as ‘amateurdichter’ – kâns meitsje. Wy fine dat in kollektyf
fan Fryske dichters it Dichterskip fan Fryslân better, spannender en
fernijender foarmjaan as in yndividuele dichter.
Om de oprop oan Provinsjale Steaten krêft by te setten, set it kollektyf
dizze wike al út ein. Der is in Facebookside DichterS fan Fryslân
iepene, dêr’t dielnimmende dichters yn ’e oanrin nei 2018-2019 alfêst
gedichten oer aktuele saken yn Fryslân (en de wrâld) op pleatse. Sa
wurdt toand dat de Fryske poëzij libbet as in hert en dat Fryslân en de
wrâld op in mearstimmige, poëtysk nijsgjirrige wize aktualisearre wurde
kin: kritysk, boartlik, stikelich, ferwûnderjend, engazjearre, lyrysk,
humoristysk, belutsen, absurdistysk, to the point, …
Der slute har noch hieltyd nije dichters by DichterS fan Fryslân oan. De
groep bestiet no út 25 dichters: Willem Abma, Erik Betten, Pier Boorsma,
Pieteke de Boer, Eppie Dam (op ‘e achtergrûn), Anne Feddema, Edwin de
Groot, Tsjisse Hettema, Hein Jaap Hilarides, Eric Hoekstra, Yva
Hokwerda, Sytse Jansma, Elske Kampen, Bartle Laverman, André Looijenga,
Aggie van der Meer, Henk Nijp, Simon Oosting, Sipke de Schiffart,
Jacobus Smink, Geart Tigchelaar, Jaap Veenstra, Abe de Vries, Syds
Wiersma en Piter Yedema.
Meer berichten
- Vakantiepark De Kleine Wielen schenkt drie gezinnen een volledig verzorgde vakantieweek
- 50 jaar correspondent in Brussel: Wat ik van Europa opstak
- Even overweeg ik te zeggen dat het niet te koop is omdat ik het eerst zelf wil lezen. Maar ik begin als beginnend boekverkoper al een beetje aan beroepsdeformatie te lijden en verzin een prijs zodat de man het kan kopen.
- 1 op de 8 woningen opnieuw te koop tegen lagere vraagprijs
- Economische zelfmoord door energietransitie?
- Liefhebbers Italië past vakantie aan door sterk stijgende prijzen
- Cultuurexplosie ART Leeuwarden 22 augustus
- Het afgelopen kwartaal kwamen er in het openbaar bestuur 6 duizend banen bij, in de cultuur, recreatie en overige diensten 4 duizend
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Eatcorner Potmarge: Ja, je mutte wat met de tyd met
- Watertekort? Zorgvuldigheid wordt een alibi om niet te hoeven kiezen
- Max van der Velde: Leeuwarden heeft de boot gemist
- Tienduizenden vierkante meters vergeten stadsruimte bieden kansen voor vergroening
- We drinken minder bier – Brouwers klagen
- Vakkenvuller, horeca- en verkoopmedewerker ook in zomer meest voorkomende jongerenberoepen
- 9 op de 10 volwassenen vinden het leven de moeite waard
- De burgemeester van Leeuwarden heeft een verstandige vrouw
- Anke van den Hurk nieuwe eigenaar The Friezinn in Westhoek
- Speciaalbierkafee It Wapen fan Fryslân Oentsjerk: Als de meute naar rechts gaat, dan gaan wij naar links
- De val van minister Dennis Wiersma: was dit een incidenteel conflict of een structurele sabotage vanuit de ambtenarij?
- Jelle en Tineke Pietersma van snackbar De Centrale: Als iets goed is dan hou ik dat vast
- Gratis street art speurtocht
- GroenLinks/PvdA Leeuwarden wil geen vervuilende reclame zoals gokken, vliegen en fossiele industrieën
- Potmargegebied onder druk – Piet Berndes: ‘Als je dat doet, komt er opstand’
- Wat gebeurde er precies op zaterdagavond 28 januari, de avond die zo feestelijk had moeten verlopen?
- Sociale veiligheid op werkvloer: cursusje is niet genoeg
- Jan de Boer: een vreemde eend aan het Vliet – voedselbank is schandalig
- De BBB-partijtop kan alleen nog toekijken hoe de partij langzaam leegloopt
- Ambtenaar: Je moet een plan groot maken, heeeel groot
- Kin it kolleezje oanjaan op hokker wize yn ús gemeente it Jabikskrûd gemeentlik bestride wurdt?
- Psy-Fi: gemeente Leeuwarden stapelde fout op fout
- Terwijl je varkens- en hondenstaarten al lang niet meer mag couperen, is het verminken van bomen nog altijd toegestaan
- Ik word echt gelukkig van onnutte weetjes, merk ik (nu met beeld)
- Salarisverhoging voor bestuurders Leeuwarden: burgemeester krijgt er ruim 300 euro bij – wethouders krijgen 11.025,76 per maand
- ‘We zijn een gematigd dorp’
- Jitske Kingma: Twintig jaar geleden werd Print on demand nog niet serieus genomen
- Journalistiek die voortdurend probeert te overtuigen, houdt op journalistiek te zijn
- Toren Bonifatiuskerk kan vaker worden beklommen
- FNP stelt veel vragen over besluit vorige college over regionale opvang Troelstraweg
- We kopen vaker online, maar geven minder uit




