Dach fan ut Stadsfrys wurdt it in tige fleurige middei
(tekst: persbericht)
Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber)
Achte hear/mefrou,
Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat – mei lytse ûnderlinge ferskillen – praat wurdt yn de stêden Ljouwert, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Snits, Starum en Dokkum. Hoe moai oft it Stadsfrys ek is, it buorket stadichoan efterút. Der binne lykwols noch genôch mooglikheden om nije Schwung yn it Stadsfrys te krijen. Om dy mooglikheden te ferkennen en de skouders ûnder it Stadsfrys te setten, wurdt de “Dach fan ut Stadsfrys” organisearre, op sneon 3 novimber yn Frjentsjer.
De Dach sil bestean út trije parten. Moarns is, yn it stedhûs, in sympoasium foar amtners en taalprofesjonals/taalwittenskippers. Dêrby is it de bedoeling dat we inoar fuorje: amtners krije kennis en tips om ek yn har eigen stêd it Stadsfrys te befoarderjen, en wittenskippers krije lokale yngongen om bygelyks ûndersyk opsette te kinnen. De kennis en kontakten dy’t by it sympoasium opdien wurde, binne dêrmei foar alle oanskowers nuttich. We komme fierder mei it Stadsfrys as wittenskip en belied mei-inoar oparbeidzje en ideeën útwikselje.
Nei in tuskenprogram wêrby’t, nei in beskieden lunchbuffet, mei in Stadsfryse gids in stedskuier troch Frjentsjer makke wurde kin, is dan middeis, yn de Martinitsjerke, it publyksdiel: in indoor minyfestival foar it Stadsfrys. Dêr sil it bredere publyk op boartlike wize it Stadsfrys ‘fiere’ kinne. Mei muzyk, foardrachten, petearkes, taalspultsjes en de oanbieding fan it nije boek Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok, wurdt it in tige fleurige middei.
De Dach wurdt troch in protte partijen droegen (sjoch it program) en is ek frij ambisjeus yn syn opset: noch net earder is it Stadsfrys op dizze skaal ûnder it omtinken fan sawol publyk as saakkundigen brocht. Hooplik is de Dach dan ek in nije oantrún foar it Stadsfrys – want wat help kin it wier wol brûke. Foar de organisaasje fan de Dach soe finansjele stipe oars noch tige wolkom wêze. Om de mooglikheden te besprekken kinne jo kontakt sykje mei Anne Popkema (06-25427548).
Yn de taheakke fine jo it program, dat hielendal fergees is. Jo kinne fansels ek allinne it moarnssymposium besykje; wol fersykje wy jo om jo foar it sympoasium / lunch net letter as 19 oktober op te jaan, fia info@taalburopopkema.nl. Mochten jo fierder noch fragen ha, dan beäntwurdzje wy dy fansels graach. Wy hoopje op in grutte opkomst, sawol moarns as middeis!
Mei freonlike groetnis,
Anne Tjerk Popkema, Peter van der Meer en Pieter Duijff
Program
Datum: sneon 3 novimber
Lokaasje: Frjentsjer (stedhûs en Martinitsjerke)
Inisjatyf en koördinaasje: Anne Popkema, taalburopopkema.nl, info@taalburopopkema.nl, 06-25427548 Partners: Fryske Akademy, Leeuwarder Courant, Nederlandse Taalunie, RuG (Minorities&Multilingualism / Frysk), gemeente Waadhoeke, Provinsje Fryslân, KH2018/Lân fan Taal, Stichting Trezoor Franeker, Vrienden van de Stad Franeker, Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers.
****************
Sympoasium (stedhûs Frjentsjer)
10.00 Ynrin mei kofje
10.15 Iepening deifoarsitter
10.20 Wurd fan wolkom (wethâlder Dijkstra fan gemeente Waadhoeke)
10.30 Skiednis Stadsfrys (prof. dr. Arjen Versloot, UvA)
10.50 Aktuele stân fan saken Stads (dr. Reitze Jonkman, NHL Stenden hegeskoalle)
11.10 skoft
11.30 Stadsfrys by jongerein (drs. Pieter Duijff, FA)
11.50 Stadsfrys op social media (drs. Lysbeth Jongbloed, FA) 12.10 Neipetear
Tuskenprogram
12.30-13.15 Lunch
13.15-14.00 Stadsfryse stedskuier
Publyksdiel
It publyksdiel begjint om 14.00 oere yn de Martinitsjerke en duorret oant sawat 17.00 oere. It krijt it karakter fan in indoor minyfestival. De sprekstalmaster fan tsjinst is Asing Walthaus (Leeuwarder Courant), dy’t rûn rint oer it ‘festivalterrein yn de tsjerke en lofts en rjochts koarte petearkes oangiet mei de oanwêzigen. Geandewei de middei sille yn alle gefallen oan bod komme: wethâlder Dijkstra oer it Stadsfrys yn de nije gemeente Waadhoeke, in Stadsfryse kwis, Lysbeth Jongbloed-Faber (Fryske Akademy) oer Stadsfrys en social media, it taalspul Stimmen fan Fryslân (Ryksuniversiteit Grins), bekendmakking fan de winner fan de Stadsfryse oersetwedstryd (LC fan 18 maaie 2018), foarlêzen fan in Stadsfrys sprookje, en it oanbieden fan it earste eksimplaar Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys oan KfdK Arno Brok, dy’t dizze Dach tige stipet. Tusken de ûnderdielen troch sil it duo Bauke van der Woude & Campbell Forbes in pear kear Stadsfryse lieten hearre litte.
foto: André Keikes

Meer berichten
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo
- Op tournee met de FNP in De Treemter – In Grou trekken bepaalde families aan de touwtjes
- Lisa Spooren beheerder van 35.000 kunst- en cultuurhistorische objecten Ottema Kingmastichting
- Gerechtshof Arnhem-Leeuwarden maakt van Kneppelfreed een vrolijk evenement
- Helft van de gezinnen met pubers discussieert over de thermostaat
- Vorstseizoen in Nederland in ruim een eeuw vijf weken korter geworden
- Ufo’s van Gorredijk nu in bioscopen Pathé
- Ik ben Henk Tanahatoe en al 36 jaar woonachtig in de directe omgeving van de vliegbasis
- Werkzaamheden Hermesbrug starten in februari 2027
- Leeuwarden komt er niet uit met de PFAS en zoekt hulp
- Zuchtend leg ik de telefoon weg. Vanochtend ben ik al drie keer gebeld door verschillende mensen, die op straat staan, geen thuis meer hebben
- Sijbe Knol tegen Femke Halsema: prima om trots te zijn op cultuur in Amsterdam, maar er gebeurt ook nog wat buiten de hoofdstad
- Afvoerputje Waddenzee: hoe zorgen we beter voor ons grootste werelderfgoed?
- Muziekdocenten: muziekles te vaak afhankelijk van inkomen en woonplaats
- ‘Adverteerders financieren het verdienmodel achter verslavend telefoongebruik’
- Urk hoogste percentage jongeren, Schiermonnikoog laagste
- 1 op 5 werknemers psychisch vermoeid door werk, meer dan tien jaar geleden
- Big Band Friesland brengt spetterende livemuziek naar Fire Café Leeuwarden
- FNP Ljouwert tegen belastingverhogingen: geen verhoging van de OZB
- Zonet had ik ook al een moeder die een boek voor haar dochter kocht. Lezen moeders zelf niet meer?
- Mooie woorden Jelmer, maar goed bestuur begint bij een volle maag voor ieder kind en een veilige straat voor iedereen
- Bijna kwart bedrijven heeft investeringen uitgesteld of geschrapt – Tekort aan arbeidskrachten blijft belangrijkste belemmering




