In Albertine Agnesschool vallen digiborden uit en draait de koelkast op een noodaggregaat
(tekst: FNP)
Elektrisiteit netwurk yn Ljouwert grut probleem ?
FNP Ljouwert makket harren grutte soargen foar bedriuwen, ynstellingen en partikulieren !
YNLIEDING,
Ôfrûne moandei 3 oktober 2022 hawwe wy yn it telefyzje programma Nieuwsuur sjen kinnen dat de problemen oangeande de druk op it elektrisiteitsnetwurk yn Nederlân in grut probleem oan it wurden is. Dernei hawwe meardere nijskanalen oandacht oan dit item skonken wêryn de gemeente Ljouwert net bepaald posityf nei foaren is kommen.
De kaart fan Netbeheer Nederland fan september 2022 lit sjen dat sawat hiel Fryslân dit probleem hat en ek de gemeente Ljouwert. Yn dit programma hearre wy dat san 16 bedriuwen al yn de problemen sitte op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert en gjin nije dingen mear dwaan kinne dêr stroom by brûkt wurdt, ek by de IKC Albertine Agnes skoalle yn de wyk Valeriuskwartier yn Ljouwert falle de digibuorden betiden út en moat in need aggregaat by springe om de kuolkast draaiende te hálden.
Ek witte wy in bedriuw yn Stiens dy’t graach de dakken fan har opslach loadsen fol sinnepanelen wol lizze mar gjin meiwurking fan Liander krije kin omdat it netwurk it net oan kin.
Wy binne fan tinken dat de ekonomyske en finansjele skea troch de minne elektrisiteitsnetwurk foar ús ynwenners, bedriuwen, ynstellingen mar ek foar ús gemeente grut binne.
De fraksje fan de FNP Ljouwert hat de ôfrûne jieren by meardere agindapunten harren soarch oer de netwurkkapasiteit útsprutsen yn de riedsseal en sels in oprop dien hat by de lêste begruttingsbehandeling oan de ferantwurdlik wethâlder dat de tiid fan praten oer is en hy no mei de fûst op tafel slaan moat by Liander.
FRAGEN,
Skriftlike fragen oangeande de druk op it elektrisiteits netwurk yn de gemeente Ljouwert fan de FNP Ljouwert oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglemint fan oarder fan de gemeenteried fan Ljouwert.
( graach alle antwurden mei ûnderbouwing, dus net allinne ja as nee )
Wie it kolleezje op de hichte van de problemen oangeande de kapasiteit oan it elektrisiteits netwurk op yndustryterein de Hemrik.
Ek by de Albertine Agnes skoalle yn it Valeriuskwartier is dit probleem geande, wist it kolleezje dit ? sa ja, foar wa binne de ekstra kosten ?
Binne der mear problemen bekend by it kolleezje yn de stêd Ljouwert oangeande de kapasiteit fan it netwurk foar it leverjen fan stroom? sa ja wêr ? sa ja hoe lang al ?
Ljouwert har 35 doarpen en in oantal buorskippen. Fraach : libje dêr problemen sa as by fraach 3 omskreaun ? sa ja (graach per doarp as buorskip oan jaan ) en hoe lang at it spilet.
Is der by it kolleezje bekind at der ek bedriuwen west hawwe dy’t harren werom lutsen hawwe om sich yn us gemeente te festigjen troch it net oanlizze kinnen fan elektrisiteit op harren beëage kavel ?
Hawwe bouwplannen sawol projekten dan wol frije sektor of sosjale bou problemen hân troch net bouwen te kinnen as fertraging yfm it te let as net oanlizzen fan in elektrisiteitsnet ? sa ja binne hjir ek claims út fuort kommen rjochting de gemeente ?
Yn de parse wurdt praten oer “aanzienlijke economische schade voor gemeenten” troch in te swak elektrisiteitsnetwurk yn in de gemeente. Fraach: is der al ekonomyske skea bekend yn ús gemeente ? sa ja hoefolle ?
Hat ús gemeente harren soarch wol útsprutsen rjochting Liander, provinsje of ryk oangeande de swakke kapasiteit fan it netwurk ? sa ja kin it kolleezje dizze korrespondinsje ek mei ús diele ?
Is it kolleezje bekind dat in protte bedriuwen yn ús gemeente graach sinnepanielen op harren daken del lizze wolle mar Liander de stroom net ôfnimme wol as kin ? sa ja, is hjir oerlis mei Liander oer west ?
Is der ek mei de doarpsbelangen en wykferieningen praten oer de problemen oangeande it elektrisiteitsnetwurk yn ús gemeente? sa ja binne dêr ferslagen fan en wol it koleezje die mei ûs diele ?
Op 17 febrewaris 2021 is de LEA ( Leeuwarder Energie Agenda) by beslút yn de rie fêst steld, deze befettet noch al wat ambysjes en doelstellingen. Fraach: hat de hiele situaasje oangeande de problemen mei it elektrisiteitsnetwurk yn us gemeente konsekwinsjes foar dit dokumint? Sa ja, wat betsjut dit foar de beslútfoarming fan destiids ? sa nee werom net ?
Is it kolleezje it mei ús as FNP iens dat de ferantwurdlik wethâlder de folsleine rie ifm de aktive ynformaasjeplicht al lang oer dit majeure probleem hie moatte ynformearjen.
Groetnis,
Jan-Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert
Meer berichten
- Geld genoeg, maar niet voor jou
- Met Joris spreken we onder meer over de niet-gevoelde urgentie van de hybride oorlog waarin we ons bevinden
- Geert Schaaij start offensief tegen beleggingsfraude: Mijn naam wordt misbruikt
- Gemeente verprutst monumentaal stadsgezicht – Teruggetrokken voegen dichtgesmeerd
- Computer zelf moet ontremming op sociale media corrigeren
- ING: Groei horeca valt vrijwel stil – Prijzen stijgen met 5 procent – Consumenten vinden prijzen veel te hoog
- En weer staan gemeente en buurtbewoners lijnrecht tegenover elkaar, nu aan het Zwitserswaltje
- Inflatie stijgt in juli naar 3,2 procent – Kleding is tijdelijk goedkoper
- Zijn waterschapsverkiezingen een goed plan? Een paar twijfels
- De blinde vlek op het Ruiterskwartier: Hoe Leeuwarden blind en zonder audit trail boetes uitdeelt
- PvdA-raadslid Afrah Abdullah: Niemand praat met mij – Ik maak me zorgen over wat de splitsing in de partij teweeg gaat brengen
- Eric Jansen: Ik hou mijn hart vast
- Paul Krugman in Pakhuis De Zwijger
- Abel Reitsma: Het CDA staat voor een redelijke en genuanceerde politiek – ‘Papa, waarom ga je weer weg?’
- Caroline de Groot (Partij voor de Dieren): De hoofdofficier was laaiend, ik werd direct op het matje geroepen
- Impact sociaal werk nauwelijks vertaalbaar in klinkende statistiek
- André Keikes: Mes en vork? Nee, vork en lepel
- Sietske Poepjes: Ik heb nog nooit zoveel kift meegemaakt
- Crowdfundingactie voor restaurant Eccoci Qua staat op 18.204 euro
- Beton, bluf en gebakken lucht: Waarom het Werelderfgoedcentrum Waddenzee en Cambuur uit hetzelfde vaatje tappen
- Zomermarkt Nije Leije gaat niet door
- Zorgen over leefbaarheid rondom opvanglocatie Harlingertrekweg
- De hang naar steeds groter heeft al veel charmante zaken kapot gemaakt
- Kunst is meer dan een gevoel. Het houdt ons bij de wereld en bij elkaar
- Huishoudens kochten vooral meer duurzame goederen
- Jerre Hakse: Je moet hier wel vreselijk aan de bel trekken om een beetje lawaai te krijgen
- ‘Benut Europese ruimte om middenhuur vlot te trekken’
- Praten met kinderen over hitte en klimaat begint bij wat ze zien en voelen
- Laten we het vooral van de positieve kant bekijken (expositieruimte brugwachtershuisje)
- Van Hulsen en zijn Franse, lange sigaren rokende vrouw Marguerite (Meta) Boucher waren lange tijd autoriteiten in het Leeuwarder en Friese galeriewezen
- Hein Kocken: Ik heb het gehad met de galeries
- Daar is dit boek uitermate geschikt voor, zeg ik. Het laat zich lezen als een inburgeringscursus
- Klaas Jansma: Op een dag zei mijn moeder We doen nu eerst de soep en dan het brood. Vernieuwing!
- Finale uitverkoop ruim 1000 kunstwerken Kunstuitleen
- Nederlanders zien vakanties uitbundiger worden, terwijl 49% juist naar eenvoud verlangt
- Eigen Huis opent meldpunt na toenemende signalen van agressieve verkoop bij verduurzaming
- Aantal fastfoodzaken in 20 jaar bijna verdubbeld – Veel fastfood langs de kust en op Waddeneilanden
- Kruispunt Merodestraat – Willem Lodewijkstraat 6 weken afgesloten voor doorgaand verkeer
- Architect Johan Sijtsma: we bouwen de kleren van de keizer
- Wonen in Leeuwarden – Wat zijn de knelpunten in de woningmarkt en waardoor zijn de problemen veroorzaakt?





