Websuper Picnic iepenet earste distribúsjesintrum yn Noarden
(tekst: persbericht)
Websuper Picnic iepenet earste distribúsjesintrum yn Noarden
Bedriuw spilet yn op útrôljen yn Grinslân, Drinte en Fryslân
It Hearrenfean, 2 novimber 2021 – Online supermerk Picnic iepenet begjin jannewaris in nij distribúsjesintrum op It Hearrenfean om dêrwei it fergees besoargjen fan boadskippen út te rôljen yn Fryslân, Drinte en Grinslân. Okkerwyks begûn de websuper mei it besoargjen fan boadskippen yn Ljouwert, it earste plak yn it Noarden dêr’t it bedriuw aktyf is.
Picnic besoarget de boadskippen yntusken fergees thús by goed 750.000 klanten, ferdield oer 170 Nederlânske plakken. Goed seis jier lyn gie de websuper fan start yn Amersfoort, om dêrnei stadichoan út te wreidzjen nei grutte en lytsere plakken yn ús lân. Okkerdeis wiene Lansingerland en Pijnacker noch oan bar, earder wie ûnder mear al úteinset yn Amsterdam, Utrecht, Ede, Veenendaal, Venlo, Zwolle en Apeldoorn.
300 banen
It distribúsjesintrum oan de Venus 110 op It Hearrenfean is 10.000 fjouwerkante meter grut en biedt aanst wurk oan sawat 300 minsken. “Wy binne yntusken begûn mei it winnen fan nije kollega’s”, sa seit Mulder. “Ambisjeuze minsken út de regio binne fan herte wolkom om by ús te sollisitearjen foar in baan mei takomstperspektyf.”
Sadree’t it nije distribúsjesintrum op It Hearrenfean operasjoneel is, sil Picnic yn mear noardlike stêden de boadskippen fergees thús besoargje foar de leechste priis. Wêr’t de elektryske weintsjes fan Picnic dêrnei yn it strjitbyld ferskine, is noch net bekend. Mei-oprjochter fan Picnic Michiel Muller: “Wy binne op dit stuit yn meardere stêden oan it sykjen nei in romte dêr’t we in hub fêstigje kinne. Wy sjogge al wol dat in soad minsken de Picnic-app download hawwe.”
De kompakte elektryske weintsjes dêr’t Picnic mei besoarget binne miljeufreonlik, stil en se steane net yn ’t paad. Muller: “Troch de boadskippen thús besoargje te litten, besparje klanten in soad tiid en dêrneist stjitte se ek minder CO2 út troch net mear mei de auto nei de supermerk te riden.” Picnic makket dêrneist in ein oan it fergriemen fan iten, om’t it allinnich libbensmiddels ynkeapet dy’t werklik troch de klanten besteld binne.
Oer Picnic
Foar de lansearring ein 2015 hat Picnic trije jier lang yn stilte mei in team fan 30 spesjalisten wurke oan it thúsbesoargjen fan boadskippen sûnder oerstallige tuskenskeakels. De klant kiest hokker rit it bêste útkomt en wit fia de Picnic boadskipperadar oant op de minút presys hoe let de besoarging wêze sil. De kosten fan dizze nije wize fan distribúsje binne sa leech, dat de besoarging fergees is en de boadskippen de leechste priis hawwe. Yn 2018 starte Picnic ek yn Dútslân en yn 2021 yn Frankryk. Picnic is in inisjatyf fan ûndernimmers Joris Beckers, Frederik Nieuwenhuys, Michiel Muller en Daniel Gebler.
Meer berichten
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Klein coronanieuws en andere zaken – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen – Peter Kooistra (De Lorentz) ontvangt aow – Reddingspoging Wilhelminaboom – IJzerhandel Postma sluit 31 oktober
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar
- Babyboomers hebben te lang aan de knoppen gezeten en het is een puinhoop geworden
- Toeristische bestedingen met ongeveer 3 procent gestegen in 2025
- Bijna helft mensen ervaart sociale overlast in buurt, vooral van hangjeugd
- Steen des aanstoots: Hoe we het historische gezicht van de Voorstreek, het pand van Slauerhoff, eigenhandig verknalden
- Zoveel stijgen verkeersboetes in 2027 – Hoogste boete blijft het vasthouden van een telefoon achter het stuur
- Voorheen banketbakker Tonny van de Oostersingel zoekt met zijn vriend een woning in Spanje
- Brekelmans (VVD) stevig aangepakt na lastenverzwaring werkenden
- Horeca-expert over NVWA-sluitingen: Schoonmaken wordt te makkelijk uitgesteld tot morgen
- Vaker ontslag om bedrijfseconomische redenen, minder vaak vanwege nieuwe baan
- NVM: Voor het eerst meer dan 100.000 euro per hectare landbouwgrond
- Nationaal Ouderenfonds en Pathé slaan handen ineen tegen eenzaamheid
- Vier avonden klassieke muziek met Rudolf Nammensma
- Bernard M. Maarsingh: We schrijven in de ggz sneller een slaapmiddel voor dan een ochtendwandeling, want een wandeling (liefst in de natuur) valt slecht te declareren
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Tuinen 14 (Coco Nuts) is open for business!
- Hoe beoordeelt het college de situatie van de 172 kinderen die verblijven in de noodopvang aan de Heliconweg?





