Ministearje diskriminearret statushâlders én Fryske taal
(tekst: PARSEBERJOCHT FAN DE JONGFRYSKE MIENSKIP)
Ministearje diskriminearret statushâlders én Fryske taal
Gjin jild foar Fryske lessen oan statushâlders – Ministearje yn striid mei Europeeske ferdraggen
It Ministearje fan Sosjale Saken hat okkerdeis oan boargemaster Oebele Brouwer fan Achterkarspelen te witten dien dat der gjin jild beskikber wurde mei foar de ynboargering yn de Fryske taal. De gemeente Achtkarspelen hie dêr eksplisyt om frege. Yn de ôfrûne jierren hat kear op kear bliken dien dat asylsikers en statushâlders graach Frysk leare wolle.
Wannear’t statushâlders yn Fryslân wenje, binne se juridysk sjoen Friezen en falle ûnder it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden. Yn kêst 5 lid 2 stiet:
“Without prejudice to measures taken in pursuance of their general integration policy, the Parties shall refrain from policies or practices aimed at assimilation of persons belonging to national minorities against their will and shall protect these persons from any action aimed at such assimilation.”
Dit betsjut dat statushâlders net befrijd wurde fan de besteande ynboargeringsregeljouwing, mar seit ek dat it net de bedoeling is om leden fan in nasjonale minderheid te assimilearjen. Allinnich mar Nederlânsk oanbiede oan statushâlders sil liede ta assimilaasje fan de nije Friezen. Yn oare Europeeske regio’s lykas Südtirol of Katalonië is it normaal dat statushâlders twa talen leare moatte. Yn Europa binne genôch foarbylden te finen hoe’t statushâlders goed opfongen wurde. De Jongfryske Mienskip fynt dat Fryslân dy foarbylden folgje moat.
Mei it ratifisearjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden hat it Nederlânske regear him ferplichte om op alle passende nivo’s de mooglikheid te bieden om Frysk te learen. Yn kêst 7 lid 1f stiet:
“The provision of appropriate forms and means for the teaching and study of regional or minority languages at all appropriate stages.”
De gemeente hat oanjûn fasilitearje te wollen en statushâlders hawwe oanjûn de Fryske taal leare te wollen. Dêrmei is in ‘appropriate stage’ yn ús eagen dúdlik oanwêzich en bestiet der foar de Ryksoerheid wol deeglik in ynspanningsferplichting. Wy wize de Ryksoerheid op it neikommen fan ferdraggen ûndertekene troch dyselde Ryksoerheid.
Us punten:
It antwurd fan it Ministearje fan Sosjale Saken is yn striid mei it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden én is yn striid mei it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden.
It Ministearje fan Sosjale Saken diskriminearret statushâlders troch har kânsen te ûntnimmen. De kâns om te yntegrearjen yn ‘e Fryske mienskip. Behearsking fan de Fryske taal is ommers fan grut belang yn Fryslân. Yn de domeinen ûnderwiis, soarch en iepenbier bestjoer hat it Frysk de ôfrûne desennia in hieltyd grutter plak ynnommen. By in protte bedriuwen is Frysk de fiertaal. It oanbieden fan kursussen Frysk fergruttet de kânsen fan statushâlders op de arbeidsmerk.
It Ministearje fan Sosjale Saken diskriminearret de Fryske taal omdat it ministearje formeel in ûndergeskikte status oan ‘e Fryske taal jout.
De Jongfryske Mienskip hat deputearre Sietske Poepjes frege om aksje te ûndernimmen tsjin dizze ûnwettichheden en diskriminaasje troch it Ministearje fan Sosjale Saken. Dêrneist hat de Jongfryske Mienskip twa klachten fan diskriminaasje yntsjinne by it antydiskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert.
foto: Simon van der Woude

Meer berichten
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo
- Op tournee met de FNP in De Treemter – In Grou trekken bepaalde families aan de touwtjes
- Lisa Spooren beheerder van 35.000 kunst- en cultuurhistorische objecten Ottema Kingmastichting
- Gerechtshof Arnhem-Leeuwarden maakt van Kneppelfreed een vrolijk evenement
- Helft van de gezinnen met pubers discussieert over de thermostaat
- Vorstseizoen in Nederland in ruim een eeuw vijf weken korter geworden
- Ufo’s van Gorredijk nu in bioscopen Pathé
- Ik ben Henk Tanahatoe en al 36 jaar woonachtig in de directe omgeving van de vliegbasis
- Werkzaamheden Hermesbrug starten in februari 2027
- Leeuwarden komt er niet uit met de PFAS en zoekt hulp
- Zuchtend leg ik de telefoon weg. Vanochtend ben ik al drie keer gebeld door verschillende mensen, die op straat staan, geen thuis meer hebben
- Sijbe Knol tegen Femke Halsema: prima om trots te zijn op cultuur in Amsterdam, maar er gebeurt ook nog wat buiten de hoofdstad
- Afvoerputje Waddenzee: hoe zorgen we beter voor ons grootste werelderfgoed?
- Muziekdocenten: muziekles te vaak afhankelijk van inkomen en woonplaats
- ‘Adverteerders financieren het verdienmodel achter verslavend telefoongebruik’
- Urk hoogste percentage jongeren, Schiermonnikoog laagste
- 1 op 5 werknemers psychisch vermoeid door werk, meer dan tien jaar geleden
- Big Band Friesland brengt spetterende livemuziek naar Fire Café Leeuwarden
- FNP Ljouwert tegen belastingverhogingen: geen verhoging van de OZB
- Zonet had ik ook al een moeder die een boek voor haar dochter kocht. Lezen moeders zelf niet meer?
- Mooie woorden Jelmer, maar goed bestuur begint bij een volle maag voor ieder kind en een veilige straat voor iedereen
- Bijna kwart bedrijven heeft investeringen uitgesteld of geschrapt – Tekort aan arbeidskrachten blijft belangrijkste belemmering



