FNP makket har grutte soargen oer de opheffingsnoarm fan de lytse skoallen
(tekst: persbericht)
FNP Fraksje Ljouwert makket har grutte soargen oer de opheffingsnoarm fan de lytse skoallen.
Skriftlike fragen artikel 41, earste kêst neffens Reglemint fan Oarder foar de gearkomsten fan de gemeenteried fan de gemeente Ljouwert, yntsjinne troch de FNP fraksje Ljouwert op moandei 20 febrewaris 2017.
Acht kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders,
Ynlieding:
Mei it each op de kommende weryndieling yn 2018, is de FNP fraksje fan miening dat de opheffingsnoarm foar skoallen dy’t aanst binnen de gemeentegrinzen fan Ljouwert falle,
heger útfalt dan de hjoeddeiske noarm yn de gemeente Littenseradiel.
Foar de gemeente Littenseradiel leit de opheffingsnoarm no op 33.
Sjoen it grut tal lytse skoallen yn de gemeente Littenseradiel is dit in geunstige opheffingsnoarm.
De opheffingsnoarm foar skoallen dy’t aanst binnen de gemeentegrinzen fan Ljouwert falle, wurdt mei yngang fan 2018: 91.
Dit is in stik heger dan de hjoeddeiske opheffingsnoarm yn Littenseradiel en is in grutte bedriging foar it fuortbestean fan de basisskoallen yn Littenseradiel.
De FNP is fan miening dat der útgien wurde moat fan twa opheffingsnoarmen t.w.
in opheffingsnoarm foar de stêd en in opheffingsnoarm foar de doarpen.
Fragen:
Is it kolleezje ek fan betinken dat nei de weryndieling yn 2018 it besteande foarsjenningsnivo op it plattelân en de “nije”doarpen oerein bliuwe moat?
Is it kolleezje it mei de FNP iens, dat de leefberens yn de doarpen foarop stean moat en wol it kolleezje har hjir maksimaal foar yn sette?
Is it kolleezje it mei de FNP iens, dat de skoalle it sintrale punt yn in doarp is as it giet om de leefberens?
Is it kolleezje it mei de FNP iens dat in slúting fan de lytse basisskoallen nei 2018 foarkommen wurde moat?
Is it kolleezje dêrby ree om twa opheffingsnoarmen te hântearjen, n.l. ien foar de stêd en ien foar de doarpen?
Is it kolleezje ree yn oerlis mei de skoallebestjoeren in fersyk yn te tsjinjen by it ministearje ta it ynstellen fan twa opheffingsnoarmen?
Graach soene wy binnen sa’n koart mooglike termyn in antwurd hawwe wolle op ús fragen.
FNP Fraksje Ljouwert
Lyda Veldstra-Lantinga
Meer berichten
- ‘Een leeuw is eigenlijk iemand, die bang is voor niemand’ , zeg ik tegen een mevrouw die het boekje ‘Gedichten van den Schoolmeester’ koopt.
- Drie kunstenaars Rein de Valk, Marten Alkema en Nieske Blaauw, drie werelden in De Nieuwe Smederij in Ferwert
- Hoge luchtvochtigheid in Friesland maakt hitte fysiek zwaarder: risico op hittestress
- ‘Gezond ouder worden vraagt om inzicht, niet om steeds meer scans’
- Geld genoeg, maar niet voor jou
- Met Joris spreken we onder meer over de niet-gevoelde urgentie van de hybride oorlog waarin we ons bevinden
- Geert Schaaij start offensief tegen beleggingsfraude: Mijn naam wordt misbruikt
- Gemeente verprutst monumentaal stadsgezicht – Teruggetrokken voegen dichtgesmeerd
- Computer zelf moet ontremming op sociale media corrigeren
- ING: Groei horeca valt vrijwel stil – Prijzen stijgen met 5 procent – Consumenten vinden prijzen veel te hoog
- En weer staan gemeente en buurtbewoners lijnrecht tegenover elkaar, nu aan het Zwitserswaltje
- Inflatie stijgt in juli naar 3,2 procent – Kleding is tijdelijk goedkoper
- Zijn waterschapsverkiezingen een goed plan? Een paar twijfels
- De blinde vlek op het Ruiterskwartier: Hoe Leeuwarden blind en zonder audit trail boetes uitdeelt
- PvdA-raadslid Afrah Abdullah: Niemand praat met mij – Ik maak me zorgen over wat de splitsing in de partij teweeg gaat brengen
- Eric Jansen: Ik hou mijn hart vast
- Paul Krugman in Pakhuis De Zwijger
- Abel Reitsma: Het CDA staat voor een redelijke en genuanceerde politiek – ‘Papa, waarom ga je weer weg?’
- Caroline de Groot (Partij voor de Dieren): De hoofdofficier was laaiend, ik werd direct op het matje geroepen
- Impact sociaal werk nauwelijks vertaalbaar in klinkende statistiek
- André Keikes: Mes en vork? Nee, vork en lepel
- Sietske Poepjes: Ik heb nog nooit zoveel kift meegemaakt
- Crowdfundingactie voor restaurant Eccoci Qua staat op 18.204 euro
- Beton, bluf en gebakken lucht: Waarom het Werelderfgoedcentrum Waddenzee en Cambuur uit hetzelfde vaatje tappen
- Zomermarkt Nije Leije gaat niet door
- Zorgen over leefbaarheid rondom opvanglocatie Harlingertrekweg
- De hang naar steeds groter heeft al veel charmante zaken kapot gemaakt
- Kunst is meer dan een gevoel. Het houdt ons bij de wereld en bij elkaar
- Huishoudens kochten vooral meer duurzame goederen
- Jerre Hakse: Je moet hier wel vreselijk aan de bel trekken om een beetje lawaai te krijgen
- ‘Benut Europese ruimte om middenhuur vlot te trekken’
- Praten met kinderen over hitte en klimaat begint bij wat ze zien en voelen
- Laten we het vooral van de positieve kant bekijken (expositieruimte brugwachtershuisje)
- Van Hulsen en zijn Franse, lange sigaren rokende vrouw Marguerite (Meta) Boucher waren lange tijd autoriteiten in het Leeuwarder en Friese galeriewezen
- Hein Kocken: Ik heb het gehad met de galeries
- Daar is dit boek uitermate geschikt voor, zeg ik. Het laat zich lezen als een inburgeringscursus
- Klaas Jansma: Op een dag zei mijn moeder We doen nu eerst de soep en dan het brood. Vernieuwing!
- Finale uitverkoop ruim 1000 kunstwerken Kunstuitleen
- Nederlanders zien vakanties uitbundiger worden, terwijl 49% juist naar eenvoud verlangt
- Eigen Huis opent meldpunt na toenemende signalen van agressieve verkoop bij verduurzaming




