Fan patio mei tafelplatanen nei in kontenerterminal?
(tekst: FNP Leeuwarden)
Parseberjocht
Fan patio mei tafelplatanen nei in kontenerterminal?
De sfearrike patio mei sierlike tafelplatanen yn it stedskantoar moat omset wurde ta in konternerterminal. Dat is de oplossing fan it kolleezje foar de tydlike húsfesting fan in 30-tal amtners. As de bomenridders takom wike gjin gelyk krije yn har beswier, lit wethâlder Van der Molen de kettingseage raze. De FNP-Ljouwert lûkt oan de needrem omdat in stêd mei de KH 2018 ambysje sokke goedkeape barbarij net past.
Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Pier Tilma.
Hjirûnder steane de fragen yntegraal opnommen:
Oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert en mear spesifyk wethâlder Van der Molen
Ljouwert, 20 maaie 2015
Oangeande: Kontener terminal yn patio stedkantoar as tydlike húsfesting.
Rju achte kolleezje, wethâlder Van der Molen,
De FNP Ljouwert is tsjin it pontifikaal pleatsen fan konteners by it monumintale Burmaniahûs en stedskantoar. Yn oanrin fan KH 2018 fine wy it gjin gesicht dat mei dizze “goedkeape” oplossing de sfearrike patio mei tafelplatanen omset wurdt ta in kontenerterminal. Op 27 maaie oansteande komt in útspraak op it beswier fan de Bomenridders. Los fan dizze útspraak freegje wy wethâlder Van der Molen gjin ûnomkearbere maatregels te nimmen foar dat de polityk him hjir oer dizze saak útsprekke kin.
De FNP komt mei dit net gebrûklike fersyk omdat troch de knyntsjedagen der foar 27 maaie net mear in offisjeel momint is foar de polityk om oan de needrem te lûken. Los fan it ferlies fan de sierlike platanen ha de Bomenridders de FNP ek dúdlik makke dat by de gemeente sawol bestjoerlik as organisatoarysk wat iepen eintsjes lizzen bleaun binne. Ta beslút ha de amtners sels middels in petysje kenber makke net lokkich te wêzen mei dizze ûntjouwing.
De FNP hopet dat it kolleezje it plan net trochset omdat it nei takom wike woansdei miskien bestjoersrjochterlik kinne soe. Of it no giet om de platanen, de útstrieling fan de gemeente Ljouwert of de ferantwurdlikens as wurkjouwer, it soe de wethâlder siere dat hy de polityk de romte jout foar in evenredige ôfwaging.
Fanwege de urginsje geane wy der fan út dat it kolleezje de fraach op hiel koarte termyn beäntwurdet.
Mei rju achtinge,
Pier Tilma, FNP fraksje Ljouwert
CC riedsleden en fraksjemeiwurkers
Meer berichten
- Britse doofpotschandaal, waarbij we de onthullende cijfers achter de 250.000 slachtoffers blootleggen
- Het is niet de bedoeling dat u denkt dat JA21 een vriendenclub is
- Welzijnscoach bekijkt wat er nog wel kan (nadat huisarts niks kan vinden)
- Jacques Monasch: De ondergang van de PvdA begon met het voortrekken van allochtonen
- Het front in Oekraïne is ons front
- Plein Publiek – Ellen de Bruin wendt zich tot de kunstwereld en weet deze goed te tarten
- Gerhard Bakker lost onoplosbare dampuzzel op (na 240 jaar)
- Nog maar 100 gemeenten heffen hondenbelasting
- Hoe je als journalist continu door de politiek wordt gebruikt
- Klein coronanieuws en andere zaken – Besluit over ROL had niet genomen mogen worden – Plantenwand legt het loodje – Rapen gaar nu Fries op site dreigt te verdwijnen – Gebak van Holtkamp bij DE
- Van Haersma Buma ten overstaan van de Koning beëdigd op Paleis Noordeinde
- Ljouwerter Kampioenschap op vrijdag en de Donateursdag op zaterdag gaan niet door
- Kijk vooruit hoe werk verandert – Focus ligt nog te weinig op banen van de toekomst
- Uitgaven gezondheidszorg 6,1 procent hoger in 2025
- Natuurmuseum vrijdag dicht. Het wordt gewoon te warm
- Sicko Klaver had eerder moeten doorpakken met de Stienser Vecht
- Misschien moet ik mijn oordeel over voetballiefhebbers een beetje bijstellen, denk ik
- Werken in de koele Grote Kerk? Voel je vrij om te komen
- Het verhaal dat niet op je broodzak staat – Ontdek alles over goed graan bij de Graanbroeders
- Hoera! Vrij reizen! Zijn we vergeten waar dit genereuze aanbod vandaan komt?
- Waarom heeft het meer dan 5 maanden geduurd voordat er reactie is gegeven op de aangenomen motie van de FNP Ljouwert GBL van 7 mei 2025?
- Friesland behaalt doelstelling voor nieuw bos ruimschoots
- Mijn schermtijd ging van 7 naar 3 uur – AFAS-medewerkers op digital detox
- Koopwoningen in mei ruim 4 procent duurder dan jaar eerder
- Tien jaar Brexit: rem op Britse groei, Nederland profiteert
- Ondernemersvertrouwen het laagst in afgelopen 3 jaar
- Meer mensen stoppen met werken en verlaten de arbeidsmarkt
- Nederlandse e-commerce start officieel met verkoop via TikTok Shop
- Open dag bij 80-jarig Elzinga: kijkje achter de schermen in Uithuizermeeden
- Logistieke sector hoeft niet wakker te liggen van AI
- Lokale voorrang lost het woningtekort niet op, maar zet de woningmarkt verder op slot
- Streamen van voetbal hapert vaker: app-kijkers twee keer zo vaak de pineut
- Onderzoek: de ideale lengte voor de Nederlandse man ligt tussen 1,85 en 1,89 meter
- Dus als je ‘Casta Diva’ voor de tweede keer hoort weet je hoe laat het is
- Arbeidsmarkt Friesland koelt langzaam af
- Wat willen we nu eigenlijk op de radio en tv? NPO vraagt om uw mening
- Geu Luik-Schalk nieuwe fractievoorzitter van VVD Leeuwarden
- Hoe verlies de blinde vlek werd van de politiek
- Lautenbag Borren Staalenhoef Architecten bij beste bureaus Nederland
- Studenten en Moes dagen studenten uit meer groente en fruit te eten




