EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk
(tekst: persbericht)
EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk
Op de jiergearkomste fan de Europeeske organisaasje Network for the Promotion of Linguistic Diversity NPLD hat it EBLT deputearre fan kultuer Jannewietske de Vries frege om de kommende jierren omtinken te jaan oan de sichtberens fan it Frysk yn Fryslân. It EBLT die dat troch frou De Vries, dy’t ek foarsitter fan it NPLD is, in foarbyld oan te bieden fan in twatalich ANWB-ferkearsboerd.
It EBLT hat okkerdeis besletten om fan de sichtberens fan it Frysk ien fan de prioriteiten foar de kommende jierren te meitsjen en is dwaande om hjir neiere plannen en foarstellen foar te ûntwikkeljen. Utgongspunt fan dy foarstellen is twataligens: brûk njonken it Nederlânsk ek it Frysk op bygelyks de ANWB-ferkearsboerden en op alle treinstasjons. De twataligens en it Frysk binne dan beide sichtber. Nederlânsktaligen en minsken fan bûten Fryslân, dy’t faak krekt aardichheid oan de twataligens hawwe, wurde dan net útsletten en beide talen komme sa better as no ta syn rjocht.
Yn it ferline is der yn Fryslân gauris striid fierd omdat der in kar makke wurde moast tusken of Nederlânsk of Frysk, wêrtroch der altiten in groep is dy’t him achtersteld fielt. It EBLT wol dizze patstelling graach trochbrekke troch te pleitsjen foar in twatalige benadering.
Twatalige buordsjes passe neffens it EBLT ek goed by de status dy’t it Frysk krigen hat troch de nije ‘Wet gebruik Friese taal’, dy’t útgiet fan de gelykweardichheid fan Frysk en Nederlânsk yn Fryslân. It EBLT wol de kommende tiid befoarderje dat dy gelykweardigens better sichtber wurdt en wol dêrta ek graach oparbeidzje mei de provinsje Fryslân en oare partijen, lykas de Kulturele Haadstêd en it nije Orgaan foar de Fryske taal. Itselde útgongspunt fan twataligens soe neffens it EBLT ek tapast wurde kinne yn it Bilt en de Stellingwerven. Dêr soene de boerdsjes twatalich Nederlânsk-Bilts en Nederlânsk-Stellingwerfs wurde kinne.
By it NPLD binne tsientallen Europeeske regio’s en taalorganisaasjes út meartalige gebieten yn Europa oansletten. Yn in soad fan dy regio’s binne saken as twatalige ferkearsboerden en stasjonsboerden hiel gewoan. Guon fan harren sjogge der dan ek fan op dat dy fanselssprekkende twataligens noch ûntbrekt yn it Ljouwerter strjitbyld. It EBLT hat hjir gauris fragen oer krigen op ynternasjonale konferinsjes en dat hat ús ek oan it tinken set.
It EBLT is in koepelorganisaasje fan organisaasjes dy’t opkomme foar de minderheidstalen Frysk, Biltsk, Nedersaksysk en Papiamentu. Neffens it EBLT soe Fryslân goed gebrûk meitsje kinne fan goeie foarbylden yn oare Europeeske regio’s om it strjitbyld yn Fryslân meartaliger te meitsjen. It EBLT begrypt dat dit yn Fryslân swierder keallet as yn bygelyks Kataloanië of Wales. Fryslân is ommers gjin autonome regio mei it foech om soks sels te regeljen en taalwetten te meitsjen, mar hat dêr oare partijen foar nedich, lykas it Ryk.
It EBLT is fan betinken dat meartalige boerdsjes treflik passe by de status fan Kulturele Haadstêd fan Europa en soe graach sjen dat it Frysk yn 2018 mear sichtber is Ljouwert as no.
Sjoch ek op www.eblt.nl
Meer berichten
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Klein coronanieuws en andere zaken – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen – Peter Kooistra (De Lorentz) ontvangt aow – Reddingspoging Wilhelminaboom – IJzerhandel Postma sluit 31 oktober
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar
- Babyboomers hebben te lang aan de knoppen gezeten en het is een puinhoop geworden
- Toeristische bestedingen met ongeveer 3 procent gestegen in 2025
- Bijna helft mensen ervaart sociale overlast in buurt, vooral van hangjeugd
- Steen des aanstoots: Hoe we het historische gezicht van de Voorstreek, het pand van Slauerhoff, eigenhandig verknalden
- Zoveel stijgen verkeersboetes in 2027 – Hoogste boete blijft het vasthouden van een telefoon achter het stuur
- Voorheen banketbakker Tonny van de Oostersingel zoekt met zijn vriend een woning in Spanje
- Brekelmans (VVD) stevig aangepakt na lastenverzwaring werkenden
- Horeca-expert over NVWA-sluitingen: Schoonmaken wordt te makkelijk uitgesteld tot morgen
- Vaker ontslag om bedrijfseconomische redenen, minder vaak vanwege nieuwe baan
- NVM: Voor het eerst meer dan 100.000 euro per hectare landbouwgrond
- Nationaal Ouderenfonds en Pathé slaan handen ineen tegen eenzaamheid
- Vier avonden klassieke muziek met Rudolf Nammensma
- Bernard M. Maarsingh: We schrijven in de ggz sneller een slaapmiddel voor dan een ochtendwandeling, want een wandeling (liefst in de natuur) valt slecht te declareren
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Tuinen 14 (Coco Nuts) is open for business!
- Hoe beoordeelt het college de situatie van de 172 kinderen die verblijven in de noodopvang aan de Heliconweg?




