VVD Littenseradiel: halvering reserve is onverantwoord
(tekst: VVD Littenseradiel)
18 febrewaris 2014 Unferantwurde beslút: Algemiene finansjele reserve Littenseradiel de helte lytser
Tidens de riedsgearkomste fan 17 febrewaris hawwe de fraksjes fan SAM, FNP en CDA besletten € 432.000,- út te jaan oan foarsjennings yn in tal doarpen yn Littenseradiel. Utjêften dêr’t wy as VVD net op tsjin binne, mar wol as wy net goed foar eagen hawwe hokker gefolgen dit hat foar ús finansjele posysje en wy net by alle doarpen hifke hawwe hokker winsken dêr libje. Dêrom hat de VVD Littenseradiel dizze jûn tsjin it útstel stimd en frege om it te behanneljen by de maitiidsnota as der mear bekind is oer ús finansjele sitewaasje. Troch it riedsbeslút is de algemiene finansjele reserve fan ús gemeente foar de helte útjûn! En dat wylst der mei it each op de feroarings yn de soarch nog ûnwisse tiden oankomme. We hawwe no noch net foar eagen hokker ynfloed dit hawwe sil op ús begrutting. Wy meitsje ús soargen oer de finansjele posysje fan ús gemeente. Hjirûnder it stânpunt fan de VVD Littenseardiel. Eltse euro kin mar ien kear útjûn wurde. Dit wurket net allinich sa foar ús ynwenners en ûndernimmers, mar ek foar de gemeente. Wy moatte earlik wêze nei ús ynwenners oer wat se fan ús ferwachtsje meie. Wolle wy no earlik wêze as hâlde we se in moanne foar de ferkiezings in woarst foar? De VVD kiest foar it earste. Wy fine it belangryk dat ynwenners witte wat se ferwachtsje meie. It útstel dat troch in mearderheid fan de ried oannommen is, is foar in tal doarpen tige belangryk. Dat begripe wy hiel goed. Mar is it wol in earlik útstel? De bydragen steane op de winskenlist fan de begrutting, al in tal jierren lang. Mar is de sitewaasje yntusken net feroare? Der is minder jild beskikber, we sille weryndiele en der komme mear taken op ús ôf. Kin it sa wêze dat it iene doarp no noch wat krijt en dat der aanst gjin jild mear is foar oare doarpen. Op 1 jannewaris 2018 sil Littenseradiel weryndiele. It doel is dan dat alle foarsjennings op nivo binne. En net dat it iene doarp alles op oarder hat, wylst der yn oare doarpen noch fan alles opknapt wurde moat. We sille as gemeente Littenseradiel dêrom mear programmatisch wurkje moatte. Op dy wize wurdt it foar eltsenien dúdlik wat hy of sy ferwachtsje kin fan de gemeente. It is dus net sa dat de VVD de doarpen de foarsjennings net gunt. Hielendal net. Wy moatte de kommende jierren ús gemeente klearmeitsje foar de takomst. Mar om dan no sa’n flinke oanslach op ús begrutting te dwaan is folslein ûnferantwurde. Hiene wy de útjêften dy’t we no dogge opnommen yn ‘e begrutting fan novimber , dan tinke wy dat de begrutting troch de provinsje net goedkard wie. It beslút dat no naam is, is dus net earlik tsjinoer de ynwenners fan Littenseardiel. Troch no dit beslút te nimmen, kieze we foar ynvestearje yn stiennen, yn gebouwen. Dêr is de VVD net op tsjin. Mar wol yn in tiid dat der grutte feroarings op de gemeenten ôfkomme. We sille in soad jild nedich hawwe om de soarch oan ús ynwenners te organisearjen. Koalysjepartij Sam seit it sels yn har ferkiezings-program:
Voor de gemeente Littenseradiel zal er, net als bij alle gemeenten in Nederland, veel veranderen door de decentralisatie van rijkstaken, de participatiewet, de jeugdzorg en de transitie in zorg en welzijn. Dit houdt in dat de gemeente aanzienlijk meer taken krijgt uit te voeren. Helaas niet altijd met voldoende budget. Ek sizze sy: Door het rijk opgelegde bezuinigingen hebben de komende jaren flinke gevolgen voor onze gemeente. Creatief denken in kansen, een ruime blik en een sociaal hart zijn hierbij onmisbaar. It sosjale hert is krekt wêr’t it ús om giet. Is it no de VVD dy’t hjir yn Littenseradiel foar op de barrikaden moat? Wy witte net hoe’t de finansjele sitewaasje oer in pear moanne is. Wy witte wol dat der in soad taken op ús ôfkomme. En dat ús ynwenners op it mêd fan de soarch in soad fan ús ferwachtsje sille. En dit moat betelle wurde. Fan jild dêr’t wy no noch net fan witte of wy dat wol hawwe. Is it dan no it momint om goed 430 tûzen euro út te jaan? Kolleezjepartij FNP skriuwt dizze wike opfallend genôch yn de Op ‘e Skille dat ús gemeente net fierder springe kin as har pols lang is. Wy witte op it stuit noch net iens hoe lang as ús pols is! Hoe kinne wy dan no op in ferantwurde wize dit beslút nimme!? VVD Littenseradiel fynt it belangryk om ek no, op dit momint, earlik te wêzen. En net pas nei de ferkiezings. As der dan finansjele problemen ûntstean mei de útfiering fan taken dy’t op ús ôfkomme, kinne wy as VVD de rêch rjocht hâlde. Wy begripe dat der ynwenners binne dy’t teloarsteld wêze sille. Mar wy moatte as gemeentebestjoer ek betrouber wêze en ynwenners it earlike ferhaal fertelle. Wy fine dat it kolleezje fan Sam en FNP ús ried mei dit útstel sa foar de ferkiezings foar it blok set. It is net dúdlik hoe’t de finansjele sitewaasje is as de nije ried oan set is nei de ferkiezings op 19 maart. Dúdlikens hjiroer sil der pas wêze tidens de behanneling van de maitiidsnota as der wer mear bekind is oer de ryksbydragen oan ús gemeente. VVD Littenseradiel hat de ried oproppen om dit beslút út te stellen oant wy mear witte oar ús finansjele sitewaasje. It is sa maklik om no ja te sizzen mei it each op de ferkiezings. Mar wat is no de werklikheid: Kieze foar de stimmen op 19 maart of foar it earlike ferhaal oer de takomst fan ús ynwenners nei 19 maart? VVD Littenseradiel bliuwt earlik. Ek no.
Meer berichten
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Klein coronanieuws en andere zaken – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen – Peter Kooistra (De Lorentz) ontvangt aow – Reddingspoging Wilhelminaboom – IJzerhandel Postma sluit 31 oktober
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar
- Babyboomers hebben te lang aan de knoppen gezeten en het is een puinhoop geworden
- Toeristische bestedingen met ongeveer 3 procent gestegen in 2025
- Bijna helft mensen ervaart sociale overlast in buurt, vooral van hangjeugd
- Steen des aanstoots: Hoe we het historische gezicht van de Voorstreek, het pand van Slauerhoff, eigenhandig verknalden
- Zoveel stijgen verkeersboetes in 2027 – Hoogste boete blijft het vasthouden van een telefoon achter het stuur
- Voorheen banketbakker Tonny van de Oostersingel zoekt met zijn vriend een woning in Spanje
- Brekelmans (VVD) stevig aangepakt na lastenverzwaring werkenden
- Horeca-expert over NVWA-sluitingen: Schoonmaken wordt te makkelijk uitgesteld tot morgen
- Vaker ontslag om bedrijfseconomische redenen, minder vaak vanwege nieuwe baan
- NVM: Voor het eerst meer dan 100.000 euro per hectare landbouwgrond
- Nationaal Ouderenfonds en Pathé slaan handen ineen tegen eenzaamheid
- Vier avonden klassieke muziek met Rudolf Nammensma
- Bernard M. Maarsingh: We schrijven in de ggz sneller een slaapmiddel voor dan een ochtendwandeling, want een wandeling (liefst in de natuur) valt slecht te declareren
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Tuinen 14 (Coco Nuts) is open for business!
- Hoe beoordeelt het college de situatie van de 172 kinderen die verblijven in de noodopvang aan de Heliconweg?




