Adviseur provincie minacht openlijk hoogste rechtsorgaan
(tekst: schrijver/journalist Abe de Vries op zijn weblog)
Rektifikaasje: Adema transparant!
Wy hawwe it ferkeard sjoen. De eksterne miljeu-adviseurs fan deputearre Piet Adema binne it oer ien ding hertstochtlik iens: wat hat dy Adema op it stik fan saken fan de REC yn Harns dochs transparant west.
Want hy hat dus e-mails fan ingenieursburo’s iepenbier makke – hielendal �t himsels. ‘Een stuk royaler’ as oare bestjoerders it dien hiene, neffens ien of oare heechlearaar. Noch in pluspunt: Adema presidearre oer in fergunningsproseduere dy’t ‘heel erg transparant’ wie, docht ien of oare miljeu-adviseur fan ien of oar buro ek in stoer yn ’t ponkje. De man wol ek noch wol kwyt dat er net begrypt w�r’t de tsjinstanners fan de REC har yn fredesnamme drok oer meitsje.
It foel allegear te l�zen juster op de foarside fan de LC. Grappich dat niisneamde miljeu-adviseur it ek noch efkes hat oer dy ‘stomme Raad van State’, dat lestige orgaan dat him benammen dwaande h�ldt mei it sykjen nei foarmfouten. Ek grappich dat it provinsjebestjoer him ynstekke lit troch adviseurs dy’t de rjochtssteat blykber leechachtsje.
Wol spitich dat de krante net meldt hoefolle jild dizze ‘externe’ adviseurs foar harren advizen krigen hawwe. Wat wie de fergoeding? Of dat se bygelyks fergees sokke advizen jouwe, inkeld om’t se Piet Adema sa’n aardige fint fine. Ja, dat hie ik dan ek wol efkes witte wollen.
De miljeu-adviseur, alwer deselde, sinjalearret fierder noch dat de diskusje hieltyd mear giet oer relatyf �nbelangrike detailfragen, lykas hat Piet Adema it leafst borgers of irenes op tafel of hoe skjin is dy REC eins yn ferliking mei oare ynstallaasjes.
No, dan is de kontra-revol�sje wol wer kompleet. In pear dagen lyn hie de krante al in regio-iepening tabetocht oan boargemaster Scheffer. W�rom? Nije feiten? Unthullingen? Nee, dat wie inkeld om Scheffer sizze litte te kinnen dat de REC in ‘milieu-klapper’ wie. Dat is in wize fan sjen dy’t al s�nt in jier as wat nei foarren skood wurdt troch Omrin en it provinsjebestjoer – de REC besparret it s�ltfabryk gas en soarget dus foar minder CO2 �tstjit.
Tank, boargemaster, dat jo �s dat feit noch efkes yn it omtinken bringe woene. Tank, krante, dat jo �s wat dat oanbelanget efkes by de les h�lde koene. Spitigernoch, boargemaster, en lullich, krante, dat jimme net efkes melding meitsje fan de miljeu-skea dy’t it �nhillich b�n fan jiskefabryk en s�ltfabryk tabringt oan Noardwest-Frysl�n.
Of fan de wize sa’t de befolking mei opset sin oan kant set is, negearre en skoffearre is, by it besl�t om de REC yn Harns te bouwen. Of fan de demokratyske idee�n fan Adema c.s. oer draachflak. Of fan de skimmige wize sa’t Omrin – de �fgod fan Adema – b�ten alle gemeenterieden om yn it djipste tsjuster bestjoerd wurdt. Prosedueres wit de deputearre, burokraat yn hert en nieren dy’t er is, alles fan. Mar polityk? Polityk yn de werklike sin fan it wurd?
En jo sizze boaiemdelgong. Soe it net ris wat w�ze om �t te rekkenjen hoefolle jild dy delgong kostet? Want dy boaiem moat net te hurd sakje. Oars bliuwe der te deale te min eury oer foar al dy eksterne miljeu-adviseurs fan transparante Adema.
Meer berichten
- Politiek Café Leeuwarden met Geu Luik, Johannes Beers, Johan Magré en Jan-Willem Tuininga
- Happy Weather: Waarom we met deze app de betutteling en ‘angst-meteorologie’ de rug toekeren
- Kerkbestuurders kunnen zich aanmelden voor lessen Behoud je kerkgebouw
- Leeuwarder broers op het Edinburgh Fringe Festival 2026
- Britse doofpotschandaal, waarbij we de onthullende cijfers achter de 250.000 slachtoffers blootleggen
- Het is niet de bedoeling dat u denkt dat JA21 een vriendenclub is
- Welzijnscoach bekijkt wat er nog wel kan (nadat huisarts niks kan vinden)
- Jacques Monasch: De ondergang van de PvdA begon met het voortrekken van allochtonen
- Het front in Oekraïne is ons front
- Plein Publiek – Ellen de Bruin wendt zich tot de kunstwereld en weet deze goed te tarten
- Gerhard Bakker lost onoplosbare dampuzzel op (na 240 jaar)
- Nog maar 100 gemeenten heffen hondenbelasting
- Hoe je als journalist continu door de politiek wordt gebruikt
- Klein coronanieuws en andere zaken – Besluit over ROL had niet genomen mogen worden – Plantenwand legt het loodje – Rapen gaar nu Fries op site dreigt te verdwijnen – Gebak van Holtkamp bij DE
- Van Haersma Buma ten overstaan van de Koning beëdigd op Paleis Noordeinde
- Ljouwerter Kampioenschap op vrijdag en de Donateursdag op zaterdag gaan niet door
- Kijk vooruit hoe werk verandert – Focus ligt nog te weinig op banen van de toekomst
- Uitgaven gezondheidszorg 6,1 procent hoger in 2025
- Natuurmuseum vrijdag dicht. Het wordt gewoon te warm
- Sicko Klaver had eerder moeten doorpakken met de Stienser Vecht
- Misschien moet ik mijn oordeel over voetballiefhebbers een beetje bijstellen, denk ik
- Werken in de koele Grote Kerk? Voel je vrij om te komen
- Het verhaal dat niet op je broodzak staat – Ontdek alles over goed graan bij de Graanbroeders
- Hoera! Vrij reizen! Zijn we vergeten waar dit genereuze aanbod vandaan komt?
- Waarom heeft het meer dan 5 maanden geduurd voordat er reactie is gegeven op de aangenomen motie van de FNP Ljouwert GBL van 7 mei 2025?
- Friesland behaalt doelstelling voor nieuw bos ruimschoots
- Mijn schermtijd ging van 7 naar 3 uur – AFAS-medewerkers op digital detox
- Koopwoningen in mei ruim 4 procent duurder dan jaar eerder
- Tien jaar Brexit: rem op Britse groei, Nederland profiteert
- Ondernemersvertrouwen het laagst in afgelopen 3 jaar
- Meer mensen stoppen met werken en verlaten de arbeidsmarkt
- Nederlandse e-commerce start officieel met verkoop via TikTok Shop
- Open dag bij 80-jarig Elzinga: kijkje achter de schermen in Uithuizermeeden
- Logistieke sector hoeft niet wakker te liggen van AI
- Lokale voorrang lost het woningtekort niet op, maar zet de woningmarkt verder op slot
- Streamen van voetbal hapert vaker: app-kijkers twee keer zo vaak de pineut
- Onderzoek: de ideale lengte voor de Nederlandse man ligt tussen 1,85 en 1,89 meter
- Dus als je ‘Casta Diva’ voor de tweede keer hoort weet je hoe laat het is
- Arbeidsmarkt Friesland koelt langzaam af
- Wat willen we nu eigenlijk op de radio en tv? NPO vraagt om uw mening




