Open brief aan Hans Konst: politicus met statuur durft in te grijpen
(tekst: schrijver/journalist Abe de Vries op zijn weblog)
IEPEN BRIEF: Hans Konst, it is tiid
Achte deputearre, b�ste Hans Konst,
Jo binne in man d�r�t je wat mei kinne. In ynteger minske, dy�t it goede dwaan wol, wat dat dan ek mar is. Alteast, dat hear ik fan de jongste suster fan �s mem. No wol it gefal dat de prakkesaasjes fan de jongste suster fan �s mem yn �e regel wol de muoite wurdich binne om in pear tellen by stil te stean; der sit wolris wat yn, sille we mar sizze. Mar ik ken jo net persoanlik. D�rfandinne dizze iepen brief oan jo, in pear dagen foar de ynsprekkerij by de Steaten � no woansdei � oer it �nhillige, �nsalige en healwize wynm�neplan fan it troch de provinsje Frysl�n sels yn it libben roppen arsjitekteburo Atelier Frysl�n.
Dochs is dat plan allinnich mar de oanlieding foar dit brief. Ik wol noch wat mear op it aljemint bringe. Us mem wie yn Harns, de st�d d�r�t jo wenje, aktyf belutsen by de partij, de PvdA, d�r�t jo op �t heden de foaroanman fan binne. Yn Harns giet in tal saken net goed, dat witte jo likegoed as ik. Yn Frysl�n giet in tal saken ek net goed. De fraach d�r�t it op delkomt is: wat dogge jo d�r oan?
Wynm�nen is ien. Hjoed lies ik in stik yn Kijk op het Noorden oer Atelier Frysl�n en d�ryn komt l�nskipsarsjitekt Peter de Ruyter rom oan it wurd. Ik lies dat de provinsje dit Atelier folslein betellet en dat de kommissaris fan de Keninginne foarsitter is fan in Atelierried. Ik mei dus oannimme dat de advizen fan dit Atelier by de provinsje der wol yn weagje. Ik mei fan jo ferwachtsje dat jo lykwols de �n�fhinklikens opbringe kinne om te sizzen: nee, b�ste Peter de Ruyter, wat jim no op tafel lizze, faaks is it goed bedoeld en allegear b�st, mar it roait igge noch seame en it moat fan tafel.
De Leeuwarder Courant hat de �fr�ne wiken it iene nei it oare opinystik fol arguminten tsjin de stelselmjittige ferwoasting fan �s Fryske l�nskip troch de pleatsing fan wynm�nen brocht. Ik hoech hjir dus net de neidielen en de minimale enerzjy-opbringst fan dizze apparaten nochris oer te eidzjen en �t te pl�zjen. Teminsten, ik nim oan dat jo dy krante ek l�ze. Ik nim lykwols n�t oan dat de provinsjale polityk sa yninoar sit, dat sa�n oerfloed oan arguminten ek dalik in beliedswiziging fan gefolgen hat. Mar och, wat soe ik dat graach al tinke wolle…
Twa is it jiskefabryk. Yn jo eigen st�d, yn Harns, oan de Waadsee. �Se binne net wiis,� hat jo foargongster Andriesen sein, doe�t hja koart foar har �ntidige dea ferge waard op har persoanlike miening oer it plan om yn Harns in folslein oerstallige REC te bouwen.
Trije is de Sintrale As nei Dokkum. Ferline wike ha ‘k mei de bern meidien oan in protestfytstocht yn �e krite Garyp-Feanw�ldsterw�l. De treannen springe jo yn de eagen as jo foar jo sjogge hoe�t aansens troch dat unike l�nskip hinne in fjouwerbaansdyk wynderje sil. Ek hjir: gjin needsaak. Ek hjir: burokrasy slacht foar master op. Ek hjir: ferwoasting, imago-skea, protest, �nr�st, �nfrede, argewaasje, yrritaasje, in hieltyd bredere en djippere kleau tusken befolking en polityk.
Fjouwer is de Heak om Ljouwert. Nimmen oars as Geert Mak hat him d�dlik �tsprutsen tsjin dat deaf�nnis foar it l�nskip westlik fan Ljouwert. Ekskl�syf foar it boek Giftige Simmer / Giftige Zomer, dat ein oktober by de Friese Pers Boekerij ferskine sil � in boek fol mei protestuteringen fan keunstners, mear as fjirtich, tsjin de wize sa�t wy yn Frysl�n omgeane mei de kearnwearden fan �s provinsje � hat Mak in nij, grut en geweldich essay skreaun w�ryn�t er ien en oar nochris helder �t de doeken docht. Dat giet net allinnich oer de Heak, dat giet ek oer de As, it jiskefabryk, de wynm�nen. Ik wol it earste eksimplaar fan dat boek graach oan jo oanbiede, nammentlik oan de deputearre dy�t romtlike oardering yn syn portefeuille hat. It boek is dan, om it samar te sizzen, yn ien klap te plak. Ik soe wiis w�ze mei in berjocht dat jo Giftige Simmer yn �ntfangst nimme wolle.
Achte deputearre, fertel my no net dat jo mei de r�ch tsjin de muorre stean. Machteleas binne. Dat der oan de fjouwer �nderwerpen dy�t ik hjir neamde, neat mear te dwaan is. Dat de plannen no ienris makke binne, it jild no ienris binnenhelle is, de lodde no ienris yn �e gr�n moat. Jo hawwe �t eigen frije wil keazen foar it fak fan politikus. Jo binne oannommen om de polis, de st�d, yn dit gefal de provinsje, te bestjoeren. Om it goede te dwaan. Om ferstannich en wiis en mei oerlis te sykjen nei it b�ste. Ek as dokter witte jo w�r’t ik it oer ha.
It b�ste, Hans Konst, is it om sa gau mooglik in ein te meitsjen oan it lijen fan dizze koalysje PvdA, CDA en KristenUny. In koalysje dy�t him folslein fersjoen hat op in tal grutte, megalomane mar �nnoadige en ferskriklik skealike ynfrastrukturele projekten, en dy’t himsels no ferskuorrend ferbrekke moat om de skyn op te h�lden. It helpt net om te sizzen dat jo eigen partij yn it ferline meiwurke hat oan it meitsjen fan dizze plannen. De tiden feroarje. In politikus fan kwizekw�nsje doart ta te jaan dat oare ynsjoggen op in stuit de oerh�n krije moatte. De PvdA moat syn tinten op ‘e nij opsette �nder de himel. De beakens fan tsien jier lyn lizze net langer op de goede plakken. Jo, as foaroanman, moatte se fersette.
D�r binne ek praktyske redenen foar. Ien fan jo kollega�s yn de Steaten hat my ferd�tst dat de PvdA by de folgjende Steateferkiezings rekkenet mei 50 persint ferlies, dat wol sizze dat fan de 12 PvdA-Steateleden der aansens noch mar 6 oerbliuwe sille. Jo kinne dat fansels folslein op it buordsje fan lanlike �ntjouwings skowe, as jo wolle, as jo dat in ger�st gefoel jout. Mar ik tink dat it sa net hoecht. De opfjefte d�r�t de partij yn Frysl�n foar stiet yn de kommende jierren is de omfoarming fan in � yn �e eagen fan in grut part fan it werklik by de publike saak belutsen elektoraat � synyske beropsbestjoerdersclaque nei op �e nij in folksorganisaasje. Let wol, s�nder te ferfallen yn it maklike opportunisme sa�t wy dat oan de linker- en de rjochterkant fan it politike spektrum ek wol sjogge.
Hans Konst, it is tiid. No dalik. Frysl�n sil him tsjin jimme keare as jimme de moed net opbringe kinne om it b�ste te sykjen en it goede te dwaan.
Mei heechachtinge,
Abe de Vries
Meer berichten
- Impactmakers: De waarheid is gekleurd
- Dit boek is pas te koop als ik het uit heb
- Woningmarkt steeds schever: insiders veilig, outsiders komen er niet tussen
- Hotels fors duurder door btw-verhoging: Zo verandert het reisgedrag
- Winnie & Wibo hebben een missie: natuur, vriendelijkheid en eerlijke producten promoten
- Kwart statushouders na half jaar werkzaam in horeca
- Koningsdag: onze stad vergeet soms dat er ook niet-studenten wonen (bericht van de buren)
- Politiek Café Leeuwarden – Van der Galiën: Sport is jarenlang sluitstuk van de begroting geweest, nu is een inhaalslag nodig
- UN Women: Vrouwelijke journalisten censureren zichzelf steeds vaker uit angst voor online misbruik
- De complexiteit bij ‘multiprobleemhuishoudens’ ligt niet alleen bij gezinnen
- Leeuwarder systeem verwerkt miljoenen statiegeldteruggaven op festivals
- Wat prachtig Jelle Stegeman! Ik zit er gewoon bij te huilen, zo mooi, vooral de zin Moge God mij behouden want de wateren zijn tot aan mijn ziel gekomen
- Buiten denk ik: zonde. Had ik het maar wel gedurfd. Dit gaat straks allemaal in de container
- Een maatschappelijke beweging zoals Forum bouwen? Dat blijkt nog niet zo eenvoudig
- Hoe is het mogelijk dat de heer Jager een puur in paraplu’s gespecialiseerde winkel kon drijven aan de Kelders?
- Historisch Centrum Leeuwarden viert 25-jarig jubileum
- Schiphol! Toen ontwaakte ik uit mijn nachtmerrie
- Zelfs een groot staatsman als Anne Vondeling had niet kunnen functioneren zonder de onbetaalde zorg van anderen
- Bijzondere gemeentelijke onderscheidingen voor team, staf en trainer Cambuur
- Geen naoorlogs politicus heeft Nederland meer schade berokkend dan Diederik Samsom
- Verbouwing De Harmonie is begonnen
- Het was begin december 2023 dat ik het graf van Troelstra bezocht en schrok van de staat ervan
- Meer dan Babi Pangang toch op NPO
- Toeristen schikken van hoge prijzen – Dagje strand kost al snel 100 euro
- Klein coronanieuws en andere zaken – Oranje Bierhuis (nog niet) verkocht aan Eric Kooistra – 9 lege winkelpanden in winkelcentrum Bilgaard – Leeuwarden geeft toegankelijkheidsprijs aan café waar gehandicapten niet kunnen komen
- Vandaag op 1 mei hebben de Friese Dolle Mina’s standbeelden gekaapt
- Ben Tardy verder als zelfstandig adviseur
- Jitske Kingma: Twintig jaar geleden werd Print on demand nog niet serieus genomen
- Waarom heb jij een een tiny house in je tuin, vraag ik. Puur uit nieuwsgierigheid
- Jongeren gebaat bij minder druk ouders en scholen
- Wacht niet op de volgende Straat van Hormuz
- Eerbetoon aan Jan Donkers op internetstation 40UP Radio
- Werken bij Fenner Dunlop: een technische baan in het hart van Friesland
- 33 procent meer asielaanvragen in eerste kwartaal
- Woningmarkt koelt verder af: vaker prijsverlagingen en minder overbieden
- Helft Nederlanders wil vaker lokaal kiezen, maar betrouwbare vakman vinden blijft lastig
- Analyse: Hoe Dagblad van het Noorden het middelpunt werd van een discussie over transhaat in de journalistiek
- Onderzoekers laten zien dat jongeren uit omgevingen met laaggeletterdheid en financiële krapte talentvolle overlevers zijn
- Europarlement legt regels bescherming honden en katten vast
- Opening watersportseizoen Leeuwarden met gratis activiteiten



