Open brief van Sijbe Knol (FNP) aan Mark, Sigrid, Wopke en Gert-Jan – It is in grutte binde. Op eins alle beliedsterreinen
(tekst: Sijbe Knol op de website van de FNP)
Iepen brief oan Mark Rutte, Sigrid Kaag, Wopke Hoekstra en Gert-Jan Segers
Bêste Mark, Sigrid, Wopke en Gert-Jan,
It is in grutte binde. Op eins alle beliedsterreinen. It lân wurdt bestjoerd troch managers yn stee fan fisjonêrs. In lang skoft wie fyzje foar dy, Mark, ‘als een olifant die het zicht belemmert.’ Yntusken is wol dúdlik dat dit lân der ferlet fan hat.
Ien stelde my koartlyn de fraach: wêr’t ik grutsk op bin wat de BV Nederlân de lêste 15 jier prestearre hat? Ik moast it antwurd skuldich bliuwe en dat fernaam ik lyk sa by de minsken dy’t ik dyselde fraach stelde.
De asylkrisis, de wenkrisis, de taslaggenkrisis, de arbeidsmerkkrisis, de Grinzer ierdbevingenkrisis, de stikstofkrisis, de klimaatkrisis, de enerzjykrisis en de hieltyd tsjusterder wurdende keapkrêftplaatsjes. Problemen wurde net mear oplost, mar wurde stelselmjittich sa leech mooglik yn de organisaasje fan ús lân dellein. It leafst wol mei knipende kaders der by en mei net in soad each foar de praktyske útfierberens. It boadskip oan de legere oerheden is: ‘los de puzzel maar op en doe je best. Bevalt het ons niet, dan grijpen wij alsnog in. Provincie en gemeente, redt u er maar mee!’
Woansdei waard Bant oerfallen mei de plannen foar in oanmeldlokaasje foar asylsikers. De timing koe hast net ûngelokkiger. Op in troch it Ryk opkocht stik boerelân. Mei in gemeente dy’t fan neat wist. Mar it as de meast direkte oerheid wol wer ferantwurdzje mei. Itselde is it gefal by de stikstofkrisis. De regearing is wol yn steat om it hurde nijs ta yn de details te presintearjen (mei de yntusken kontroversjele ‘yndikative’ kaart), mar in fyzje en konkrete plannen nei in takomstbestindige lânbou wiene dúdlik (noch) te folle frege. Fierder dan algemienheden kamen jimme net. Op ‘e nij sille de provinsjes har der mei rêde moatte.
Yn oktober komme dan noch de beliedsbrieven oer klimaat, enerzjy en wenjen. Op ‘e nij meie de provinsjes de puzzel lizze. Binnen ien jier. Want nei’t de formaasje folslein út de hân rûn is, driuwt de tiid foar jimme. Der moat levere wurde. Befalt de puzzel jimme net, dan driget yngripen fan boppe.
Mark, Sigrid, Wopke en Gert-Jan,
Dat ik op sneintemoarn om 06.00 oere efter myn laptop sit om dizze iepen brief te typen is gjin lúkse. Ik meitsje my mear as grutte soargen. De bedrigingen en yntimidaasjes fleane my en myn kollega’s yntusken om de earen. Ultrarjochtse media rinne troch Nederlân hinne en ek troch de strjitten fan Ljouwert. Der binne feilichheidsmaatregels troffen en woansdei wurdt in spannende dei yn en om ús Provinsjehûs. In part fan de ynwenners is wanhopich en wurdt yn de hannen fan it populisme dreaun.
Wy sjogge it foar ús eagen barren en meie de klappen opfange.
Noch in kear de oprop oan jimme: los saken op en gean oan de slach, bestjoer. Meitsje begryplike karren, lis dy út en jou perspektyf. Der is wurk, in hiel soad wurk te fersetten.
Sijbe Knol,
Fraksjefoarsitter FNP Fryslân.
Meer berichten
- Nico Haasbroek: Managers delen de lakens uit in de journalistiek
- Helft van de ouderen voelt zich niet altijd veilig online
- Minder nieuwbouwwoningen verkocht in tweede kwartaal, meer bestaande woningen
- SLIM: Hoeveel gezinshuizen zijn momenteel binnen Friesland actief?
- LTO: Woningnood raakt ook de voedselproductie
- Klein coronanieuws en andere zaken – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- The Dark Economy: How Dirty Money Shapes the World – With Oliver Bullough and Thomas Bollen
- Hogere wegenbelasting zet camper vaker stil
- Iedereen een prijs – De Lutz Jacobi-speld gaat dit jaar naar Lutz Jacobi
- Rijden zonder rijbewijs komt veel vaker voor dan gedacht: bijna 6 op 10 jongeren doen dit
- Friese Bibob-ambtenaren weten nog lang niet hoe ze fraude moeten aanpakken
- Inflatie in september 3,4 procent bij snelle raming
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar





