Obe Postmapriis 2016: Shortlist mei fjouwer titels
(tekst: Tresoar)
Obe Postmapriis 2016: Shortlist mei fjouwer titels
De advyskommisje foar de Obe Postmapriis 2016 hat de shortlist bekendmakke mei fjouwer oersettingen yn of út it Frysk. Dat binne:
De ferjilder fan Marten Toonder, oerset troch Harke Bremer en Jarich Hoekstra
Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans, oerset troch Geart Tigchelaar
In see fan stilte fan Vercors, oerset troch Piter van der Veen
Stofsûgersjongers/Stofzuigerzangers fan Tsead Bruinja, oersetting dichter sels
De kommisje seit oer de boeken ûnder oare it folgjende:
* Mei De ferjilder hat it skriuwers- en oersettersduo Bremer & Hoekstra it safolste staaltsje fan oersetkeunst sjen litten. Marten Toonder syn ûnneifolchber proaza – in gearmjuksel fan argaysk, eigensoartich en ynnovatyf Nederlânsk – is op ’e nij mei grutte krektens oerset.
* Bêst spannend, Erik of it lyts ynsekteboek, in oersetting meitsje fan in klassiker út de Nederlânske berneliteratuer. Tigchelaar jout Bomans syn blomrike taal wer yn geef en soepel Frysk. Boppedat hat er de dûbele laach yn it nuvere ferhaal yntakt hâlden.
* In see fan stilte, in Frânsk boek út 1942, is in oangripend fersetsferhaal dat yn moai Frysk oerset is en dat it beklemmende gefoel fan de oarspronklike tekst goed werjout.
* Stofsûgersjongers/Stofzuigerzangers is in útjefte yn trije diminsjes: gedichten yn twa talen, prachtige yllustraasjes en in cd mei saxofoanmuzyk, in nijsgjirrich gehiel. De dichter slagget deryn om yn de Nederlânske oersettings deselde toan te treffen as yn de Fryske orizjinelen, dy hawwe neat fan har sizzingskrêft ferlern.
De Obe Postmapriis
De Dr. Obe Postmapriis is yn 1984 troch de Provinsje Fryslân ynsteld. It is de priis foar oersettingen yn en út it Frysk, yn alle sjenres. De priis wurdt om de fjouwer jier útrikt. Omdat de foarige priisútrikking mei in jier fertraging plakfûn, beslacht de priis dizze kear it tiidrek 2011-2015. De advyskommisje bestiet út Erica Bergema (foarsitter), Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong.
Fierdere gong fan saken
Op 9 septimber start de kulturele manifestaasje ‘Swalk – Frysk op toernee’ mei it jierlikse Frysk Boekefeest. By dy gelegenheid wurdt de winner fan de priis bekendmakke. Op freed 4 novimber rikt Deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes de priis út yn it Stedhâlderlik Hof yn Ljouwert. Foar mear ynformaasje, sjoch sirkwy.nl.
Meer berichten
- Rapport: Rendement hoger onderwijs in Nederland onder de maat
- Het mysterie van de verspeelde onderwijsmiljarden
- Samenwerking bewoners-gemeenten: Wat is dit voor democratie?
- ‘Wetgever moet boetestelsel herzien voordat rechtspraak overbelast raakt’
- Explosieve groei datacenters in Nederland zet stroom, CO₂ en water onder druk
- Opnieuw investeren minder bedrijven in verduurzaming
- Een politieagent die ziet hoe tegen een politieauto wordt geschopt, hoeft niet eerst een sociologische analyse te maken
- Helft Nederlanders verlangt naar eenvoud op vakantie: luxe minder belangrijk
- Weer minder nieuwbouwwoningen verkocht
- Drie decennia eilandleven Schiermonnikoog door Dick Kool
- Volksvertegenwoordigers leggen verantwoording af en mogen stevig worden bevraagd. Maar ergens zijn we de grens gaan overschrijden
- Ik zie het al voor me, iemand die een moestuin om zeep helpt met Round-up
- George Pars Graanhandel Hofleverancier
- Op naar wonen zonder winstoogmerk – SP-wet aangenomen
- Na het vonnis over het Fotomuseum begint de echte bestuursvraag
- Goed nieuws: we zijn Europees kampioen zitten!
- Bijna 22 miljoen zomervakanties in 2025, Frankrijk populairste bestemming
- ‘Consumenten moeten risico’s van goedkope buitenlandse aankopen kennen’
- Online supermarkt Crisp neemt bedrijfslunch-aanbieder De Buurtboer over
- En wat helemaal geweldig zou zijn dat ook de (school)jeugd van pakweg 10 tot 18 jaar van zich doet spreken (Wij zoeken dichters)
- Onderzoek Humanitas: Kwart Nederlanders ontdekt eenzaamheid vaak pas als het te laat is
- Onderzoek: Mannen geven vaker toe om discussies te voorkomen
- Economisch beeld minder negatief in juni – Meer export en consumptie huishoudens, minder investeringen
- Nije skriuwersbeurs foar talintfolle Fryske skriuwers
- Gemeente kiest voor de platte kabel van Flatpower. Waarom?
- Ongekende aanval op de onafhankelijke journalistiek van De Orkaan
- Klein coronanieuws en andere zaken – Raad borrelt bij Jonker Sikke – Liander zet bedrijven Ruiterskwarier van het stroom – Gluren bij de Buren valt bij The Saint in het water – Besluit over ROL had niet genomen mogen worden – Plantenwand legt het loodje – Rapen gaar nu Fries op site dreigt te verdwijnen
- Foort van Oosten gaat genieten en hard zijn best doen na krijgen van groot cadeau
- Proef met afhaalpunten voor kranten op eilanden gestart
- Docent Griekse en Latijnse taal Ninah Tiemersma Alumnus van het Jaar 2026
- Zorgverzekeraars willen dat de opslag op de premie verdwijnt voor mensen die langdurig hun premie niet kunnen betalen
- Gerben Dijkstra lijsttrekker Volt voor grensoverstijgende oplossingen
- Goedkoop trouwen? Dan naar Harlingen
- Inwoners gemeente Leeuwarden positief over Wmo-ondersteuning
- Open brief Landbouwnatuur over stikstof
- Gemeente Leeuwarden staat stoepladen toe onder voorwaarden
- Oppervlakte aardappelen gedaald naar laagste niveau sinds 2012
- Hein Jaap Hilarides en de Biltske Wassenaars
- Verkeerspsycholoog: Wie denkt dat hij kan appen en rijden overschat zijn brein
- Eva Pennings nieuwe kinderburgemeester – Dalène Ndikumana loco-kinderburgemeester




