Kandidaat-riedsleden en kandidaat-wethâlder FNP-Ljouwert fêststeld

Stadhuis – Foto: Wutsje
(Parseberjocht)
Op in bysûndere algemiene ledegearkomste by hotel Duhoux yn Wurdum hawwe de FNP-leden fan de fúzjegemeenten Ljouwert, Ljouwerteradiel en Littenseradiel-Noard (Lyts Baarderadiel) woansdei 31 maaie de definitive kandidatelist fêststeld foar de weryndielingsferkiezings op 22 novimber dit jier. Ek is in kandidaat-wethâlder oanwiisd.
Kandidaten út trije gemeenten yn top-5
Mar leafst 86 leden wiene nei Wurdum kommen om oer de advys-kandidatelist te stimmen. Dat tsjûget fan in grutte belutsenheid by de takomst fan de partij yn de nije grutte gemeente Ljouwert. Yn de top fan de list hawwe de leden inkele wizigingen oanbrocht. Wichtich is dat alle trije gemeenten fertsjintwurdige binne by de earste 5 plakken: Ljouwert en Ljouwerteradiel mei elk 2 kandidaten en Littenseradiel mei 1 kandidaat. Ek de man-frou-ferhâlding sjocht der goed út: 2 froulju en 3 manlju.
By de gearstalling fan de list is, neist kwaliteit en ûnderfining, rekken holden mei de regionale sprieding en de man-frou-ferdieling. De FNP hopet mei dizze list en it wurk dat ús riedsleden de ôfrûne jierren yn de trije gemeenten út de wei set hawwe, op in soad stimmen, sadat we mei op syn minst fjouwer sitten yn de nije Ljouwerter ried de belangen fan ús ynwenners behertigje kinne.
Kandidaat-wethâlder
Rikus Sinnema út Stiens is troch de leden oanwiisd as kandidaat-wethâlder. It soe samar kinne dat de FNP aanst frege wurdt om diel út te meitsjen fan in nij te foarmjen kolleezje fan B&W. Mei Rikus Sinnema as poergeskikte kandidaat is de FNP der klear foar.
Kandidatelist riedsferkiezings Ljouwert-Ljouwerteradiel-Littenseradiel op 22.11.’17.
Fêststeld op de ledegearkomste yn Wurdum op 31 maaie 2017.
- Jan-Willem Tuininga Stiens
- Lyda Veldstra-Lantinga Grou
- Folkert Dijkstra Stiens
- Hinke Roorda Jellum
- Auke Kleefstra Reduzum
- Klaas Wassenaar Ljouwert
- Evert Wilstra Ljouwert
- Rikus Sinnema Stiens
- Aeltsje de Groot-Zantema Stiens
- Yde Dijkstra Ljouwert
- Saapke de Groot-Voolstra Ljouwert
- Bjinse van der Zwaag Mantgum
- Dorothea Deelstra Baard
- Oege Tjerk Schievink Wurdum
- Jantsje Heeringa Ljouwert
- Harm Hansma Jelsum
- Nynke Beetstra Grou
- Piet Bakker Hilaard
- Bernlef Kornelis Miedum
- Martha Haakma-Geertsma Stiens
- Jaap Kerstma Feinsum
- Lys Scarse-de Jong Mantgum
- Albert Seldenrust Ljouwert
- Pieter Roorda Stiens
- Feikje Toering-van der Weide Weidum
- Bartele Kramer Jirnsum
- Loeki Bijlsma Britsum
- Henk de Vries Stiens
- Tsjerk Buma Grou
- Tette Liemburg Ljouwert
- Nora Pratley Goutum
- Pieter Sipke Bouma Stiens
- Sake Janse Jirnsum
- Hessel Veldstra Grou
- Grieteloek Kingma-Hansma Koarnjum
- Hindrik van der Meer Jorwert
- Reinder Reitsma Ljouwert
- Aesger Stienstra Alde Leie
- Schouwtje Scholte-Tjeerdsma Grou
- Jabik Kramer Goutum
- Richtsje Miedema Ljouwert
- Cees van der Meulen Grou
- Jaap Keizer Jelsum
- Sybren Posthumus Reduzum
- Annigje Toering-Schuurmans Mantgum
Kandidaat-wethâlder:
Rikus Sinnema út Stiens
Oanfoljende ynformaasje oer de boppeste fiif kandidaten en oer de kandidaat-wethâlder
-
Jan-Willem Tuininga, Stiens
Leeftyd: 50 jier.
Berop: administratyf meiwurker Definsje / taksysjauffeur VMNN.
Maatskiplike aktiviteiten: 35 jier frijwilliger en haadkarmaster fan de keninklike iisklup
Stiens; belutsen as frijwilliger by meardere aktiviteiten yn de gemeente Ljouwerteradiel.
Politike ûnderfining: 24 jier lid FNP, 7 jier skaadfraksje, 4 jier bestjoer en 15 jier riedslid yn
Ljouwerteradiel.
Spearpunten: 1. De boarger stiet by my foarop en dat draach ik út yn de ried;
- Stêd en plattelân moatte lykwichtich bestjoerlike oandacht krije.
-
Lyda Veldstra-Lantinga, Grou
Leeftyd: 60 jier.
Berop: riedslid en kommersjeel meiwurkster by nijs/advertinsjemagazine.
Maatskiplike aktiviteiten: nei 30 jier krekt opholden as frijwilliger by it Jopie Huisman
museum yn Warkum.
Politike ûnderfining: riedslid Boarnsterhim 1990-2002; steatelid provinsje Fryslân 2003-2006;
riedslid Boarnsterhim 2006-2014; riedslid gemeente Ljouwert 2014 – 2018.
Spearpunten: 1. Behâld fan de leefberens yn de doarpen;
- Behâld fan lytse skoallen.
-
Folkert Dykstra, Stiens
Leeftyd: 63 jier.
Berop: konstruksjeberekkeningen dwaan foar boubedriuwen en partikulieren.
Maatskiplike aktiviteiten: Ik help elkenien foar safier it yn myn mooglikheden past.
Politike ûnderfining: 18 jier riedslid foar FNP-Ljouwerteradiel.
Spearpunten: 1. Stribje nei in libben plattelân (it spûkbyld sa as yn Spanje, Frankryk, Italië ensfh. fyn ik ferskriklik).
- Stribje nei in iepen, transparant en kontrolearber iepenbier bestjoer.
-
Hinke Roorda, Jellum
Leeftyd: 61 jier.
Berop: trainer ‘begeleid ontdekkend leren’ binnen it zmlk ûnderwiis en organisaasjes foar
minsken mei in ferstanlike beheining, selsstannichheidsbefoardering; kliïntstiper yn
thússituaasjes foar minsken my harsenletsel; foar in part mei pensjoen, eigen kar, om romte
te meitsjen foar de gemeentepolityk.
Maatskiplike aktiviteiten: net struktureel ergens oan ferbûn, mar iepensteand foar help yn
doarp en buert.
Politike ûnderfining: 1 jier FNP-bestjoer en 4 jier riedslid Littenseradiel.
Spearpunten: 1. Kommunikaasje, sizze wat je dogge en dwaan wat je sizze. Iepen en
transparant en fan ûnderen op.
- Stêd en doarpen moatte mekoar fine en mekoar fersterkje mei-inoar kinne wy der in moaie gemeente fan meitsje.
-
Auke Kleefstra, Reduzum
Leeftyd: 52 jier.
Berop: fruchtbeamkweker / hofker.
Maatskiplike aktiviteiten: bestjoerslid/foarsitter St. Slach by Warns ca. 1990-2000; foarsitter
Noordelijke Pomologische Vereniging 1989-1994; foarsitter St.Fruit yn Fryslân 2003-2012;
bestjoerslid Ûndernimmersferiening Bornego, Aldeboarn 1991-1994.
Politike ûnderfining: skaadfraksje D66-Assen 1987-1989; skaadfraksje/bestjoer FNP-
Boarnsterhim 1989-1997; skaadfraksje/fraksje-assistint polityk poadium FNP-Ljouwert
2013-2017.
Spearpunten: 1. Fan de FNP in middelgrutte partij yn de Ljouwerter polityk meitsje sadat we
meibestjoere kinne. Op langere termyn is faaks sels in posysje as grutste partij mooglik.
Der moat dan al in effektive strategy en fisy oan te’n grûnslach lizze. De kiezer yn de stêd
moat op in oare wize ‘ferovere’ wurde as de plattelanner.
- De Fryske taal in lykweardich plak jaan yn it deistich libben yn de gemeente
Ljouwert. De ynstruminten dêrfoar lizze foar in grut part by de gemeentlike oerheid.
Kandidaat-wethâlder
Rikus Sinnema, Stiens
Leeftyd: 59 jier.
Berop: ûndernimmer/foarsitter Rie fan Bestjoer.
Maatskiplike aktiviteiten: wurkgroep ta behâld fan bunker Koehoal.
Politike ûnderfining: 7,5 jier riedslid fan gemeente Menameradiel (maart 2010-okt. 2016).
Spearpunten: 1. Mear mooglikheden foar swiere soarch yn de doarpen.
- In goede balâns sykje tusken stêd en plattelân. De stêd moat krekt as de doarpen libben bliuwe. Dus beide moatte foarsjennings nei aard en skaal ha.
- Sa folle mooglik lytse skoallen behâlde as dat finansjeel mooglik is.
Meer berichten
- Nico Haasbroek: Managers delen de lakens uit in de journalistiek
- Helft van de ouderen voelt zich niet altijd veilig online
- Minder nieuwbouwwoningen verkocht in tweede kwartaal, meer bestaande woningen
- SLIM: Hoeveel gezinshuizen zijn momenteel binnen Friesland actief?
- LTO: Woningnood raakt ook de voedselproductie
- Klein coronanieuws en andere zaken – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- The Dark Economy: How Dirty Money Shapes the World – With Oliver Bullough and Thomas Bollen
- Hogere wegenbelasting zet camper vaker stil
- Iedereen een prijs – De Lutz Jacobi-speld gaat dit jaar naar Lutz Jacobi
- Rijden zonder rijbewijs komt veel vaker voor dan gedacht: bijna 6 op 10 jongeren doen dit
- Friese Bibob-ambtenaren weten nog lang niet hoe ze fraude moeten aanpakken
- Inflatie in september 3,4 procent bij snelle raming
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar




