Jelle Wiersma Nederlânsk Kampioen Frysk
(tekst: persbericht)
Jelle Wiersma Nederlânsk Kampioen FRYSK!
Op 30 desimber 2025 waard op Tresoar yn Ljouwert foar de 9de kear in Nederlânsk Kampioenskip FRYSK! holden.
FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei 5 skiven (ynstee fan 20) foar elke spiler. It spul FRYSK! is ûntwikkele mei stipe fan de Provinsje Fryslân om it Frysk Damjen tagonklik te meitsjen foar nije spilers. Dy opset docht bliken suksesfol te wêzen: sûnt de lansearring yn 2016 is it tal wedstrydspilers fan it Frysk Damjen mear as ferdûbele, mei in protte nije spilers fan bûten Fryslân en sels bûten Europa.
Op 30 desimber wiene der 13 dielnimmers dy’t strieden om de titel. Nei sân omlopen stiene Jelle Wiersma (notiids Frysk kampioen Frysk Damjen) en Marten Walinga (notiids wrâldkampioen Frysk Damjen) beide op 6 punten. Nei in spannende barraazje loek Wiersma by eintsjebeslút oan de langste ein.
It spul FRYSK! hat troch de tinne basisopstelling gjin iepeningsteory, mar winst en ferlies lizze noch altyd tige ticht byinoar. Dat die wol bliken út it feit dat bygelyks Niek Tolsma út Lollum, in dammer dy’t it spul yn ‘e koroanatiid ûntdutsen hat, tsjin regearjend Nederlânsk Kampioen FRYSK! Hein de Vries kamp spylje koe. Ek fierders wiene der in protte spannende partijen en ûnferwachte útslaggen.
Alle útslaggen en de einstân binne te finen op ‘e webside fan ‘e Stifting WFD: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/150/12/14/wcf-2026.html
Jelle Wiersma hat him mei dizze titel kwalifisearre foar it folgjende wrâldkampioenskip FRYSK!, dat spile wurde sil op 8 maart 2026 yn Frjentsjer. Oare spilers dy’t har dêr al foar kwalifisearre hawwe, binne Joseph Niyongabo út Rwanda en Pavel Noga út Tsjechië. Op 18 jannewaris 2026 wurdt der yn Itaalje om ‘e nasjonale titel FRYSK! damd, en de winner dêrfan mei ek in wraam dwaan op ‘e wrâldtitel.
Foar fragen: Liuwe Westra, skriuwer Stifting WFD, 06-30837586
foto’s frij te brûken mei fermelding: foto Stifting WFD
foto 1: regearjend kampioen Hein de Vries (l) tsjin Niek Tolsma
foto 2: barraazje tusken Marten Walinga (l) en de nije kampioen Jelle Wiersma
foto 3: Siward Walinga (l) tsjin de nije kampioen Jelle Wiersma

Meer berichten
- De vergeten oorzaak van de huurcrisis: de koper woont in een fiscaal paleis
- Aandacht voor ervaringsdeskundigen in gemeentelijke raadsstukken: deze Friese gemeenten springen eruit
- Friezen vinden vanuit WW bovengemiddeld vaak weer werk
- Iets meer werklozen in oktober – Meer mensen blijven werkloos
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Ruim vijftig jaar sieraadkunst van Ruudt Peters in Museum Arnhem
- Some red flags look like love: NHL Stenden maakt geweld in relaties bespreekbaar
- Datacenters verbruiken 5,0 procent van de elektriciteit
- Restauratie Oldehove duurt langer
- Meer dan 250 inzendingen op www.liwwadder-spreekwoorden.nl
- Veel patiënten in grote problemen bij meerdaagse stroomuitval
- Meer bulkaanbiedingen op vlees ondanks groeiende kritiek – Dirk en Lidl al gestopt
- Pro Friesland blaakt van optimisme – Scherpe teksten uit verkiezingsprogramma geweerd
- Camerabeelden minder objectief als bewijs dan vaak wordt gedacht
- Ruim een kwart meer mkb-bedrijven afgelopen 5 jaar
- Ondertussen blijven we onze woningen vullen met materialen waarvan we ons nauwelijks afvragen wat ze doen met onze gezondheid
- Jaarwisseling brengt financiële kansen voor huiseigenaren
- NVM en VGM NL: Huuraanbod historisch laag, steeds meer huurders lopen vast
- Detailhandel zet 3,1 procent meer om in derde kwartaal – Aantal faillissementen licht gestegen
- KHN, De Horecabond en CNV starten campagne voor sociale veiligheid in de horeca
- FNP: ondernemers niet betrokken bij terrasbeleid
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo




