Het wil Jouke van der Zee (PvdA) nog niet lukken met het spoor: opnieuw vragen
(tekst: statenfractie PvdA)
Ljouwert,
PvdA Steate-fraksje sit boppe op flugge spoarferbining.
LJOUWERT– De PvdA Steate-fraksje sit boppe op in goeie útfiering fan de makke ôfspraken omtrint in flugge spoarferbining. PvdA steatelid Jouke vd Zee stelt it Kolleezje fragen oer de De “Langere Termijn Spooragenda, deel 2” dy’t it Kabinet op 28 maart 2014 fêststeld hat. Dy foarmet it beliedsramt foar it ryksbelied foar it iepenbier ferfier en benammen it treinferkear Nederlân. Hy makket him soargen oer de útfiering fan earder makke ôfspraken. Derom freget hy wat DS dien hawwe en noch dwaan sille om in folweardige spoarferbining fan Ljouwert nei Swolle better yn de Agenda fan it Ryk opnommen te krijen. Quote Jouke vd Zee: Wy fine dat it spoar de basis is fan ús Iepenbier Ferfier Systeem. Wy moatte faker en sneller nei de oare dielen fan it lân reizigje kinne. Mei dy boadskip ha wy DS op paad stjoerd.
SKRIFTLIKE FRAGEN, ex artikel 39 Reglement van Orde
Rjochte oan DS / lid DS
Deputearre Kramer Ynliedende taljochting (fakultatyf) De “Langere Termijn Spooragenda, deel 2” dy’t it Kabinet op 28 maart 2014 fêststeld hat, foarmet it beliedsramt foar it ryksbelied op it mêd fan it iepenbier ferfier en benammen it ferfier op it spoar yn Nederlân. Hoewol’t de aginda sûnder mis noch breedfoerich yn allerhande gremia bepraat wurde sil, binne der foar de PvdA-fraksje in tal saken út te heljen dy’t it no al it omtinken freegje. Dêrom stelt de fraksje it kolleezje fan DS de folgjende fragen:
Fraach / fragen
Yn de bylage 1C (LTSA 2030) is it patroan fan 2 sprinters en 2 yntercity’s tusken Ljouwert en Swolle net yntekene. Der ride wol fjouwer treinen yn it oere tusken Ljouwert en It Hearrenfean, fierderop nei Swolle bliuwe der mar twa yntercity’s oer dy’t dan ek nochris stopje yn Wolvegea, Stienwyk en Meppel.
1. Hokker betsjutting moat neffens DS jûn wurde oan dit skema dat bot ôfwykt fan de ôfspraken dy’t de provinsje mei de NS makke hat? De bydrage fan Euro 10 miljoen fan de provinsje Fryslân foar it projekt Herfte is takend omt mei it oanpakken fan dat knipepunt in folweardige 2×2 frekwinsje fan Ljouwert nei Swolle mooglik wurdt.
2. Hawwe DS oan it ferlienen fan dy bydrage it betingst ferbûn dat dy folweardige tsjinstregeling dan ek echt ynfierd wurdt en as sadanich ek diel útmeitsjen giet fan de konsesje op it lanlike spoarnet (HRN)? De ynfiering fan het befeiligingssysteem ERTMS sil yn earsten noch net ynfierd wurde op de spoaren fan Swolle nei Ljouwert en Grins. Yn it BO MIRT yn novimber 2013 is de provinsjes wol tasein dat ynfiering op de komplete korridôr Rânestêd-Lelystêd-Swolle-Ljouwert/Grins yn oerwaging nommen wurde sil.
3. Hokker stappen wolle DS ûndernimme om de sa nedige bekoarting fan de reisiid dochs te berikken? Desintrale oerheden binne yn de gelegenheid steld nochris konkrete saken ûnder de oandacht te bringen. Troch lânsdiel Noard is dêr gjin gebrûk fan makke, wylst by de PvdA-fraksje dochs de yndruk bestiet dat de hjirboppe neamde saken dêr wol foar yn de beneaming komme soene.
4. Hat it kolleezje war dien de spoarferbining fan Ljouwert nei Swolle en fierder better yn de Agenda opnommen te krijen? En wat sil it kolleesje dwaan om de Fryske belangen by de fierdere utwurking fan de “ Agenda” honoreard te krijen. Oan de ein fan 2012 binne de steaten yn kennis steld fan de “Ontwikkelagenda Noord- Nederland 2012-2025 dêr’t 7 projekten yn de spoartrijhoeke Swolle-Ljouwert-Grins yn beljochte wurde. Yn in resinte publikaasje fan de provinsje Grinslân lêze we dat der ûnderwilens ek in “Spoorplan Noord-Nederlân” bestiet dat op dit stuit 18 projekten beslacht. Oft dit noch net genôch is, wurdt yn de Agenda de ynstelling fan “Landsdelige ov & spoortafels” oankundige.
5. Dat gearwurking op dit flak in must is, stiet foar de PvdA-fraksje fêst, mar: Kinne DS ús ferdútse hoe’t dizze oerliz- en tariedingsstruktueren krekt yn elkoar stekke en noch by elkoar passé?
6. Hawwe DS de yndruk en it fertrouwen dat de steatenbrede ynset om it spoarferfier fan en nei Fryslân oanmerklik te ferbetterjen fia dizze gremia –mei foar in grut part deselde spilers- ta rissultaat liede sil? Troch de PvdA-fraksje, mar likegoed ek troch oare fraksjes, is in tal kearen nei foaren brocht dat ferbettering fan it Lange-ôfstâns-spoarferkear in hege prioriteit ferstjinnet yn it provinsjaal belied en dat de behertiging fan dat belang yn it wurk fan DS en ek yn de dialooch mei de steaten in werkenbere en projektmjittige oanpak ferget.
7. Is it kolleezje ree foar sa’n oanpak te kiezen en kin it kolleezje oanjaan hoe ’t sa’n benadering der dan út komt te sjen?
Meer berichten
- Rapport: Rendement hoger onderwijs in Nederland onder de maat
- Het mysterie van de verspeelde onderwijsmiljarden
- Samenwerking bewoners-gemeenten: Wat is dit voor democratie?
- ‘Wetgever moet boetestelsel herzien voordat rechtspraak overbelast raakt’
- Explosieve groei datacenters in Nederland zet stroom, CO₂ en water onder druk
- Opnieuw investeren minder bedrijven in verduurzaming
- Een politieagent die ziet hoe tegen een politieauto wordt geschopt, hoeft niet eerst een sociologische analyse te maken
- Helft Nederlanders verlangt naar eenvoud op vakantie: luxe minder belangrijk
- Weer minder nieuwbouwwoningen verkocht
- Drie decennia eilandleven Schiermonnikoog door Dick Kool
- Volksvertegenwoordigers leggen verantwoording af en mogen stevig worden bevraagd. Maar ergens zijn we de grens gaan overschrijden
- Ik zie het al voor me, iemand die een moestuin om zeep helpt met Round-up
- George Pars Graanhandel Hofleverancier
- Op naar wonen zonder winstoogmerk – SP-wet aangenomen
- Na het vonnis over het Fotomuseum begint de echte bestuursvraag
- Goed nieuws: we zijn Europees kampioen zitten!
- Bijna 22 miljoen zomervakanties in 2025, Frankrijk populairste bestemming
- ‘Consumenten moeten risico’s van goedkope buitenlandse aankopen kennen’
- Online supermarkt Crisp neemt bedrijfslunch-aanbieder De Buurtboer over
- En wat helemaal geweldig zou zijn dat ook de (school)jeugd van pakweg 10 tot 18 jaar van zich doet spreken (Wij zoeken dichters)
- Onderzoek Humanitas: Kwart Nederlanders ontdekt eenzaamheid vaak pas als het te laat is
- Onderzoek: Mannen geven vaker toe om discussies te voorkomen
- Economisch beeld minder negatief in juni – Meer export en consumptie huishoudens, minder investeringen
- Nije skriuwersbeurs foar talintfolle Fryske skriuwers
- Gemeente kiest voor de platte kabel van Flatpower. Waarom?
- Ongekende aanval op de onafhankelijke journalistiek van De Orkaan
- Klein coronanieuws en andere zaken – Raad borrelt bij Jonker Sikke – Liander zet bedrijven Ruiterskwarier van het stroom – Gluren bij de Buren valt bij The Saint in het water – Besluit over ROL had niet genomen mogen worden – Plantenwand legt het loodje – Rapen gaar nu Fries op site dreigt te verdwijnen
- Foort van Oosten gaat genieten en hard zijn best doen na krijgen van groot cadeau
- Proef met afhaalpunten voor kranten op eilanden gestart
- Docent Griekse en Latijnse taal Ninah Tiemersma Alumnus van het Jaar 2026
- Zorgverzekeraars willen dat de opslag op de premie verdwijnt voor mensen die langdurig hun premie niet kunnen betalen
- Gerben Dijkstra lijsttrekker Volt voor grensoverstijgende oplossingen
- Goedkoop trouwen? Dan naar Harlingen
- Inwoners gemeente Leeuwarden positief over Wmo-ondersteuning
- Open brief Landbouwnatuur over stikstof
- Gemeente Leeuwarden staat stoepladen toe onder voorwaarden
- Oppervlakte aardappelen gedaald naar laagste niveau sinds 2012
- Hein Jaap Hilarides en de Biltske Wassenaars
- Verkeerspsycholoog: Wie denkt dat hij kan appen en rijden overschat zijn brein
- Eva Pennings nieuwe kinderburgemeester – Dalène Ndikumana loco-kinderburgemeester




