Gouden Kneppel foar Aant-Jelle Soepboer
(tekst: persbericht)
‘Gouden Kneppel’ foar Aant Jelle Soepboer
De Jongfryske Mienskip organisearre op sneon 9 april 2022 de twadde edysje fan ‘e Smûke Jûn. Yn in grôtfolle seal mei leden en sympatisanten rikke de Jongfryske Mienskip de Gouden Kneppel út oan Aant-Jelle Soepboer. Aant-Jelle is in bysûnder persoan mei in hiele protte talinten. In kombinaasje fan drummer, skriuwer, politikus, adviseur, sprekker, ûnderwiisman en ferbiner.
Aant-Jelle hat skiednis studearre yn Ljouwert en jout syn kennis op in fernijende wize troch. As ûnderwizer hat Aant-Jelle him bot foar it Frysk ynset. As ûnderwiisman is Aant-Jelle in echte ynspirator. En dat hat er op in protte fronten dien. Op dit stuit is Aant-Jelle adviseur meartaligens by CEDIN.
Aant-Jelle Soepboer begûn yn 2008 as drummer by de band Baldrs Draumar. De nûmers fan dy band binne net allinnich yn it Frysk, se geane ek noch oer de Fryske skiednis. De band Baldrs Draumar ûnderhâldt ek ynter-Fryske kontakten. De band wie ek op Helgolân. Oer dy reis waard troch Vice in skitterjende dokumintêre makke.
En neist ferbiner is Aant-Jelle ek skriuwer, bekend fan de boeken ‘Vet oud’. Yn 2012 kaam it earste diel út en mei Richard Zuiderveld waarden noch mear dielen skreaun.
Yn 2015 kaam Aant-Jelle yn it NOS-sjoernaal mei de Google Translate wike. Aant-Jelle liet sjen hoe’t Fryske jongeren bydrage kinne oan de digitalisearring fan it Frysk. Tsjintwurdich is it Frysk hiel normaal yn Google Translate, mar dêr hat fansels wol aardich wat wurk yn sitten.
As politikus is Aant-Jelle it gesicht fan de FNP yn de gemeente Noardeast-Fryslan. Aant-Jelle hat ús earelid Bertus Postma hiel bliid makke mei syn krewearjen om te kommen ta Fryske plaknammen yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Bertus Postma hat him jierrenlang tige fertsjintlik ynset foar Fryske toponimen. Mei troch it geweldige lobbywurk fan Aant-Jelle Soepboer hat Noardeast-Fryslân no Fryske plaknammen!
Aant-Jelle Soepboer ûntstekt it Fryske fjoer by in soad minsken. En dat is in bysûnder talint! Mei it each op it boppesteande is de Jongfryske Mienskip fan betinken dat de ‘Gouden Kneppel’ dit jier Aant-Jelle Soepboer takomt.
De priis bestiet út in mei de hân makke Fryske ikehouten kneppel mei figueren út it Fryske ferline. De kneppel is makke troch keunstneresse Grethe–Marie Broersen. It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip woe de Gouden Kneppel al yn novimber oan Aant-Jelle Soepboer oerlangje, mar troch it koroanafirus koe it ‘Kneppelfeest’ net plakfine.
Meer berichten
- Ik kijk nog even naar de onuitgepakte dozen in de hoek. Jullie staan er morgen vast ook nog wel, denk ik
- Noem het getal: 955 miljard euro. Dan is iedereen meteen bij de les
- Ard van der Steur over zijn benoeming lid raad van toezicht musea: Ik ben een fan van Friesland
- 1 op de 3 Nederlanders borrelt wekelijks: ‘overgang van verplichting naar ontspanning’
- Talkshows lijden aan journalisten-inflatie
- Fatal Flowers in 1987 ‘een ware happening’ in Zalen Schaaf
- Een dagje erop uit in Noord-Nederland: dit ben je kwijt
- Consumentenvertrouwen daalt verder in mei
- Bestaande koopwoningen ruim 5 procent duurder in eerste kwartaal
- Tweedehands campers verliezen populariteit: lasten wegen zwaarder dan vakantievrijheid
- Klein coronanieuws en andere zaken – Van der Tol in beeld bij Oranje Bierhuis – Oranje Bierhuis (nog niet) verkocht aan Eric Kooistra – 9 lege winkelpanden in winkelcentrum Bilgaard – Leeuwarden geeft toegankelijkheidsprijs aan café waar gehandicapten niet kunnen komen
- Politiek Café Leeuwarden – Van der Galiën: Sport is jarenlang sluitstuk van de begroting geweest, nu is een inhaalslag nodig
- Inflatie stijgt naar 2,8 procent in april
- Ondernemers zijn mensen die niet klagen, maar dragen. Maar de grens is bereikt
- Woning Archipelweg gesloten vanwege illegale prostitutie
- Voor gezondste generatie ooit is meer ambitie nodig
- Eigen Huis roept op: leg biedproces wettelijk vast
- 82% van de Nederlandse 50-plussers wil maar één ding op vakantie… rust
- NVM: Recordaantal verkopen monumentale woningen met uitdagingen energielabelplicht
- Bewoners slaan alarm over verkeersveiligheid in wijk Aldlân
- ‘Terwijl bedrijven schreeuwen om mensen, blijven statushouders werkloos’
- Sociale supermarkt MOES uit Leeuwarden maakt kans op Appeltje van Oranje 2026
- Een stad leeft niet van avocado-toast en havermoutlattes alleen
- Kim van Keken: De omroepen zijn allang vergeten waartoe ze op aarde zijn
- Waar vrijwel alle Joodse Nederlanders moeite mee hebben, is dat ze persoonlijk ter verantwoording worden geroepen voor wat de regering-Netanyahu doet
- Zes op de tien Nederlanders mijdt Amerika als vakantiebestemming: Europa profiteert
- Als ik zoiets lees word ik kwaad en denk ik: wees blij met een dochter idioot!
- De schijf van vijf en Joris Driepinter – Volgens wie zijn wij te dik?
- Het onthutsende zat in een publieke omroep die zichtbaar niet meer durft te corrigeren
- Boodschappen duurder door oorlog, kostenstijgingen en lastenstapeling
- Nederlands bruto binnenlands product per inwoner vierde van de EU
- Verward en onbegrepen gedrag nog steeds maatschappelijke uitdaging
- Waarom ik nee zeg tegen jouw gezellige teamdag om de neuzen weer dezelfde kant op te krijgen
- Exit Karin Spaink – ‘Er moet iets op het spel staan, anders moet je het niet doen’
- Hulpverleners missen signalen bij intieme terreur
- Friese grutto eieren uitgebroed in Vogelpark Avifauna
- Geboren in Zeeland of Noord-Nederland: grootste kans om honderd te worden
- Grootste daling ondernemersvertrouwen sinds begin 2022
- Het park is gebouwd in een Natura 2000-gebied, vlak bij de Waddenzee, UNESCO Werelderfgoed. Dat is wel héél bijzonder
- PvdA: Wij zijn verbijsterd over de eis van coalitiepartij BBB





