Gjin stimadvys – FNP wol aktyf yn EFA fraksje Brussel
(tekst: Sybren Posthumus)
De leden fan de FNP hawwe fia enkêtes oanjûn dat de FNP him aktyf opstelle moat yn Europa en dat se sa út en troch ynformearre wurde wolle oer wat der spilet. Dêrom dit artikel.
Sybren Posthumus,
foarsitter EFA-kommisje fan de FNP
en wurdfierder Europa yn de Steaten fan Fryslân
Reaksje? Mail s.posthumus@fryslan.nl
Yn it foarste plak moat sein wurde dat by de ferkiezings foar it Europeesk parlemint allinnich noch mar steatsnasjonaal stimd wurde kin. Dat wol sizze, op dy partijen dy’t yn in beskate lidsteat aktyf binne. Yn Nederlân binne dat de PvdA, CDA, VVD of de SP. Transnasjonale (Europeeske) kieslisten binne noch altyd net mooglik neffens de Europeeske regels ek al wurdt dêr sa út en troch in baltsje oer opgoaid. Dat betsjut foar FNP’ers en de efterban dat wy allinnich mar de mooglikheid hawwe om op ‘Haachske’ partijen te stimmen. It ideaal dat bygelyks immen út Burgum op in Katalaan út Barselona stimme kin, echt Europeesk dus, is noch fier fuort.
Troch dy konstruksje fan nasjonale kieslisten is it dus ek net mooglik om op de EFA (Europeeske Frije Alliânsje), de Europarlemintspartij dêr’t de FNP by oansletten is, te stimmen. En dat is fansels ôfgryslik spitich, want as de ynwenners fan alle regio’s lykas Fryslân mei in sterke eigen identiteit of taal en kultuer de krêften bondelje soenen, dan soenen leafst 50 miljoen minsken op de EFA stimme kinne. Dan soe in Europeeske ‘machtsfaktor’ (om sa’n wurd mar te brûken) fan komsa yn it Europeesk parlemint ta stân komme kinne. Fansels hawwe de besteande sintralistyske partijen dêr hielendal gjin belang by. Dy hâlde it leaver op lidsteatbasis.
Om’t de FNP yn it Nederlânske systeem lang net genôch stimmen helje soe (sa’n 200.000 nedich foar ien sit) hawwe HB en ledegearkomste novimber lêstlyn besletten om net mei te dwaan op 22 maaie. Hoe komt de EFA dan oan syn stimmen, freegje jo jo faaks ôf? Dat binne de stimmen dy’t de ynwenners fan benammen de wat gruttere regio’s jûn hawwe oan regiopartijen lykas de SNP yn Skotlân en de N-VA yn Flaanderen. Op dit stuit hat de EFA 7 sitten op in totaal fan 766 yn it EP. De Europarlemintsleden komme fan Skotlân (SNP, 2), Flaanderen (N-VA, 1), Wales (Plaid Cymru, 1), Korsika (PNC, 1), Kataloanje/Baskelân/Galisië (kombypartij, 1) en fan de Russen út Letlân (1). Om’t benammen de Skotten, Katalanen, Flamingen en de partij út Wales winst ferwachtsje soe de EFA nei de ferkiezings wolris mei 9 of 10 leden weromkomme kinne.
Yn it parlemint hat de EFA in technyske gearwurking mei de Greens. Dat wol sizze, beide partijen foarmje ien groep, mar de EFA is by stimmings folslein frij en hat syn eigen partij-aktiviteiten en meiwurkers. Yn it Europeesk parlemint is dy groep de fjirde yn grutte en dêrom geregeld fan belang om in mearderheid te foarmjen.
De FNP jout syn leden gjin stimadvys, dêr is elkenien frij yn. Yn de oanrin nei de Europeeske ferkiezings hawwe ferskate partijen kontakt mei de FNP socht, fansels ek mei it each op de 40.000 kiezers dy’t no har kar noch meitsje moatte. Fansels binne dy petearen om goed fatsoen net wegere, mar de FNP bliuwt in ûnôfhinklike partij dy’t him net foar it karke fan hokker partij of beweging spanne lit.
De bêste wize om de Fryske saken yn Brussel te behertigjen is it kontakt mei en de ynspannings fan de EFA sels, dêr’t de FNP al mear as tritich jier in ferbining mei hat. De ôfrûne jierren is der skrept foar Tryater, foar de Omrop, foar eigen sizzenskip oer Romtlike oardering en mynbou, it lânboubelied en gean sa mar troch. Sa bouwe wy Europa op út de minsken en de folken wei en net technokratysk fan boppen ôf. Op www.e-f-a.org is it ferkiezingsprogram fan de EFA te lêzen.
As jo fragen hawwe nei oanlieding fan dit stik kinne jo kontakt opnimme mei Olrik Bouma (bestjoerslid EFA) of mei my (foarsitter EFA-kommisje yn de FNP).
Adresgegevens steane op de webside fan de FNP.
Sybren Posthumus
Dit artikel is ek publisearre yn de Frijbûtser fan maart 2014
Meer berichten
- Nico Haasbroek: Managers delen de lakens uit in de journalistiek
- Helft van de ouderen voelt zich niet altijd veilig online
- Minder nieuwbouwwoningen verkocht in tweede kwartaal, meer bestaande woningen
- SLIM: Hoeveel gezinshuizen zijn momenteel binnen Friesland actief?
- LTO: Woningnood raakt ook de voedselproductie
- Klein coronanieuws en andere zaken – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- The Dark Economy: How Dirty Money Shapes the World – With Oliver Bullough and Thomas Bollen
- Hogere wegenbelasting zet camper vaker stil
- Iedereen een prijs – De Lutz Jacobi-speld gaat dit jaar naar Lutz Jacobi
- Rijden zonder rijbewijs komt veel vaker voor dan gedacht: bijna 6 op 10 jongeren doen dit
- Friese Bibob-ambtenaren weten nog lang niet hoe ze fraude moeten aanpakken
- Inflatie in september 3,4 procent bij snelle raming
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar




