Geart Benedictus en Jannewietske de Vries naar Straatsburg voor het Fries
(tekst: persbericht)
Ljouwert, 18 jannewaris 2011
PARSEBERJOCHT
Fryske organisaasjes �tnoege foar oerlis mei Europarlemintari�rs
Harksit oer it Frysk troch Intergroup Europeesk Parlemint yn Straatsburch
Ljouwert – Op tongersdei 20 jannewaris komt de posysje fan it Frysk yn Nederl�n oan de oarder op in harksit fan de Intergroup for Traditional Minorities, National Communities and Languages fan it Europeesk Parlemint yn Straatsburch.
De oanlieding is dat Nederl�n op ferskate m�den net foldocht oan de �fspraken dy�t makke binne yn it ramt fan it Europeesk H�nf�st foar regionale en minderheidstalen en it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden fan de Ried fan Europa. Al trije kear earder hawwe eksperts fan de Ried fan Europa ferskate oanbefellings dien. Foarbylden binne fierdergeande desintralisaasje, maatregels te nimmen om de posysje fan it Frysk yn it �nderwiis en yn de media te ferbetterjen, mear oerlis mei de Fryske oerheid en it fierder stimulearjen fan it Frysk yn de rjochtseal. Soks wurdt as teloarstellend sjoen, want Nederl�n wie yn 1998 ien fan de earste fiif lidsteaten fan de Ried fan Europa dy’t it neamde H�nf�st �ndertekene en ratifisearre en d�rmei rjochtsjildich makke. It ent�sjasme fan lidsteat Nederl�n fan de earste jierren is fier fuortsakke, want tsjintwurdich sjocht it Ryk ek gjin k�ns om de Ried fan Europa op ‘e tiid de frege ynformaasje te leverjen.
De Intergroup hat it Frysk op de wurklist set nei oanlieding fan it brief dat 17 Fryske organisaasjes, feriene yn it Europeeske Buro foar Lytse Talen (EBLT), oer it Frysk yn Nederl�n skreaunen oan de Ried fan Europa en it Europeesk Parlemint. It EBLT en it Steatekomitee Frysk – d�r’t alle politike partijen yn de Fryske steaten yn fertsjintwurdige binne – binne �tnoege om harren brieven en st�npunten ta te ljochtsjen. It is foarsafier bekend foar it earst dat it Frysk apart op de wurklist stiet fan in gearkomste fan in kommisje fan it Europeesk Parlemint.
Tidens de gearkomste op tongersdei 20 jannewaris sille in fertsjintwurdiging fan it EBLT, in grutte fertsjintwurdiging fan it Steatekomitee Frysk, Geart Benedictus (Earste Keamerlid) en Jannewietske de Vries (deputearre) yn Straatsburch mei de leden fan de Intergroup fan it Europeesk Parlemint en meiwurkers fan de Ried fan Europa yn petear.
De Intergroup fan it Europeesk Parlemint ferienet Europarlemintari�rs dy�t sels in minderheidstaal prate of opkomme foar de rjochten fan minderheidstalen. Sa�n tsien persint fan �e ynwenners fan �e Europeeske Uny praat th�s ien fan de tsientallen minderheidstalen lykas it Baskysk, Bretonsk, Frysk, Katalaansk, Fri�lysk, Gaelic, Oksitaansk, S�mi, Sorbysk, ensfh.
Fryske organisaasjes dy�t de brief fan oktober 2010 stypje binne: Af�k, Berie foar it Frysk, Cedin-Taalsintrum Frysk, Freonen fan Omrop Frysl�n, Feriening Frysk Underwiis, Folkshegeskoalle Schylgeral�n, Fryske Akademy, Fryske Rie, Jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK), NHL Hogeschool, Omrop Frysl�n, Ried fan de Fryske Beweging, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Stichting Ons Bildt, Tresoar, Tryater en Vereniging Levende Talen – seksje Frysk.
Meer berichten
- Nico Haasbroek: Managers delen de lakens uit in de journalistiek
- Helft van de ouderen voelt zich niet altijd veilig online
- Minder nieuwbouwwoningen verkocht in tweede kwartaal, meer bestaande woningen
- SLIM: Hoeveel gezinshuizen zijn momenteel binnen Friesland actief?
- LTO: Woningnood raakt ook de voedselproductie
- Klein coronanieuws en andere zaken – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- The Dark Economy: How Dirty Money Shapes the World – With Oliver Bullough and Thomas Bollen
- Hogere wegenbelasting zet camper vaker stil
- Iedereen een prijs – De Lutz Jacobi-speld gaat dit jaar naar Lutz Jacobi
- Rijden zonder rijbewijs komt veel vaker voor dan gedacht: bijna 6 op 10 jongeren doen dit
- Friese Bibob-ambtenaren weten nog lang niet hoe ze fraude moeten aanpakken
- Inflatie in september 3,4 procent bij snelle raming
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar




