Fries Museum giet ‘op paad’ troch de provinsje mei kolleksje fan Fryslân
(tekst: persbericht)
Fries Museum giet ‘op paad’ troch de provinsje mei kolleksje fan Fryslân
Oftraap trijejierrige toer op sneon 5 oktober yn Swichum
Op sneon 5 oktober begjint it Fries Museum syn jierrenlange toer troch de provinsje. Mei it projekt Fries Museum op Paad reizget it museum hast trije jier mei museumstikken troch Fryslân, nei de plakken dêr’t se wei komme. De foarwerpen foarmje op lokaasje de basis foar moeting, ferbining en goede petearen. Wat betsjut erfgoed foar ús? Wat fertelt it oer my en myn identiteit? Is it belangryk om keunst en erfgoed te bewarjen? En: watfoar oantinkens en ferhalen oer in plak ropt sa’n foarwerp op?
It earste programma op 5 oktober fynt plak yn Swichum. It museum is dan ‘op paad’ mei in iermidsiuwske Domburgfibula. De mantelspjelde waard yn 2020 fûn by it doarp troch detektorsiker Robbert Velt. De fibula is yn Swichum foar it earst te sjen foar publyk. Ek binne der workshops, fertelle eksperts ferhalen oer de fibula én is der livemuzyk fan Brassband Wirdum. It projekt wurdt mooglik makke troch de VriendenLoterij. Benijd nei it folsleine programma, of wolst witte wannear’t de bus by dy yn ‘e buert is? Sjoch dan foar mear ynformaasje op friesmuseumoppaad.nl.
Stikjes fan dy
Mei mear as 200.000 foarwerpen beheart it Fries Museum de grutste provinsjale kolleksje fan Nederlân. Al dy museumstikken sizze wat oer Fryslân en de Friezen, en binne dêrmei ûnderdiel fan it DNA fan de provinsje en syn ynwenners. Mei it projekt Fries Museum op Paad bringt it museum ynwenners fan Fryslân yn kontakt mei dy stikken, en dêrmei mei har eigen skiednis en kultuer. It wurdt in moeting fan wjerskanten, want it museum sil ek ferhalen fan bewenners dokumintearje. Sa wurdt op itselde plak en stuit de kennis oer de kolleksje ferrike en it ‘ferhaal fan Fryslân’ libben holden. It museum is hast alle wiken op in oar plak yn Fryslân te finen. Sjoch foar de komplete aginda op www.friesmuseumoppaad.nl/agenda.
De fibula fan Swichum
Ien fan de stikken dy’t diel útmakket fan it ferhaal fan Fryslân is in bysûndere Domburgfibula (mantelspjelde) út de sânde iuw. De fibula waard yn 2020 troch detektorsiker Robbert Velt fûn by Swichum en is letter yn dat jier opnommen yn de kolleksje fan it museum. Op sneon 5 oktober keart de fibula wer efkes werom nei it fynplak by de ôftraap fan Fries Museum op Paad.
Programma
Fanôf 15.30 oere organisearret it museum, yn gearwurking mei it Tsjerkje fan Swichum, in feestlik iepeningsprogramma foar jong en âld. Besjoch de echte fibula en gean dêroer yn petear. Genietsje fan bysûndere ferhalen fan finer Robbert Velt en ekspert Diana Spiekhout (konservator by it Fries Museum). Of sko mei it hiele gesin oan by in workshop pronkjuwielen meitsje. Ek is der livemuzyk fan Brassband Wirdum.
Tank oan de VriendenLoterijIt Fries Museum is geweldich bliid mei in golle skinking fan de VriendenLoterij fan 1 miljoen euro foar Fries Museum op Paad, wêrtroch’t elkenien yn Fryslân genietsje kin fan Fryske topstikken. De VriendenLoterij fiert wat it libben moai makket: ús ferbûnens mei oaren en mei ús keunst en kultuer.
Fries Museum op Paad wurdt mooglik makke troch de VriendenLoterij.
Fries Museum op Paad wurdt mei mooglik makke troch it VSBfonds, Mondriaan Fonds, Cultuurfonds, Iepen Mienskipsfûns, Haaima Hylkema, FGD Assurantiën, FGD Lease, Meindersma Sybenga Stichting en de Boersma Adema Stichting.
It Fries Museum wurdt mei finansiere troch Wynpark Fryslân, de Provinsje Fryslân, it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, de VriendenLoterij, Ir. Abe Bonnema Stichting en de Freonen fan it Fries Museum.
Meer berichten
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Klein coronanieuws en andere zaken – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen – Peter Kooistra (De Lorentz) ontvangt aow – Reddingspoging Wilhelminaboom – IJzerhandel Postma sluit 31 oktober
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar
- Babyboomers hebben te lang aan de knoppen gezeten en het is een puinhoop geworden
- Toeristische bestedingen met ongeveer 3 procent gestegen in 2025
- Bijna helft mensen ervaart sociale overlast in buurt, vooral van hangjeugd
- Steen des aanstoots: Hoe we het historische gezicht van de Voorstreek, het pand van Slauerhoff, eigenhandig verknalden
- Zoveel stijgen verkeersboetes in 2027 – Hoogste boete blijft het vasthouden van een telefoon achter het stuur
- Voorheen banketbakker Tonny van de Oostersingel zoekt met zijn vriend een woning in Spanje
- Brekelmans (VVD) stevig aangepakt na lastenverzwaring werkenden
- Horeca-expert over NVWA-sluitingen: Schoonmaken wordt te makkelijk uitgesteld tot morgen
- Vaker ontslag om bedrijfseconomische redenen, minder vaak vanwege nieuwe baan
- NVM: Voor het eerst meer dan 100.000 euro per hectare landbouwgrond
- Nationaal Ouderenfonds en Pathé slaan handen ineen tegen eenzaamheid





