FNP: Regio sil it lêste wurd hawwe moatte bij delfstoffewinning
(tekst: ingezonden)
FNP: mear demokrasy en solidariteit yn Europa
Tarieding Europeeske ferkiezings op kongres Galisië
Ljouwert – De FNP sil nije wike mei in delegaasje fan 4 persoanen nei it jierlikse EFA-kongres. Dat sil dit jier yn Santiago de Compostella (Galisië) wêze en stiet yn it teken fan de Europeeske ferkiezings. Op it kongres sil it definitive ferkiezingsprogram fêststeld wurde en wurde tal fan moasjes en amendeminten fan de lidorganisaasjes bepraat. De FNP komt sels mei in moasje om de takomst fan Omrop Fryslân feilich te stellen. Fierder sil de partij moasjes en resolúsjes stypje foar in Europeeske kommissaris foar minderheden, mear wurkgelegenheid en foar mear sizzenskip fan de regio’s yn de EU. As lêste sil de FNP in resolúsje mei yntsjinje dat regio’s dêr’t delfstoffewinning is, it lêste wurd hawwe moatte oft dat al as net tastien wurdt. Yn Fryslân en Grinslân hiel aktueel mei de gaswinning.
De FNP is bliid mei it konsept-ferkiezingsprogram dêr’t de ynbring fan de FNP yn ferwurke is. De EFA sil fan 2014 oant en mei 2019 wurkje foar rjochtfeardigens, solidariteit, in duorsum Europa, mear foech foar de regio’s, demokrasy en minskerjochten. De FNP stipet dat fan herten. De ferwachting is ek dat de EFA nei de ferkiezings groeie sil fan 7 sitten no nei 9 of 10 yn de nije perioade. Benammen yn Flaanderen, Kataloanje en Skotlân stiet de EFA op winst en ferwachtet mear leden yn it Europeesk parlemint.
Neist de ledegearkomste is der ek in byienkomst oer it rjocht op selsbeskikking fan lannen. Ta beslút is der op sneontemiddei in ‘cultural visit’ oan de regio Galisië.
De groep FNP’ers bestiet út de steateleden Sybren Posthumus en Auke Bijlsma, Johannes Kramer (deputearre), Olrik Bouma (bestjoerslid foar de FNP yn de EFA en Sekretaris Generaal fan de EFAyouth. Op it kongres wurde mear as 180 minsken ferwachte út alle wynstreken fan Europa.
De Europarlemintspartij EFA (European Free Alliance, www.e-f-a.org) is in partij dy’t mei 7 minsken yn it Europeesk parlemint sit. De EFA is mei de Greens (EFA/Greens) de 4e partij yn it Europeesk parlemint. De FNP is mei 40 oare partijen út hiel Europa oansletten by de EFA en leveret al mear as 30 jier in bestjoerslid.

Meer berichten
- De vergeten oorzaak van de huurcrisis: de koper woont in een fiscaal paleis
- Aandacht voor ervaringsdeskundigen in gemeentelijke raadsstukken: deze Friese gemeenten springen eruit
- Friezen vinden vanuit WW bovengemiddeld vaak weer werk
- Iets meer werklozen in oktober – Meer mensen blijven werkloos
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Ruim vijftig jaar sieraadkunst van Ruudt Peters in Museum Arnhem
- Some red flags look like love: NHL Stenden maakt geweld in relaties bespreekbaar
- Datacenters verbruiken 5,0 procent van de elektriciteit
- Restauratie Oldehove duurt langer
- Meer dan 250 inzendingen op www.liwwadder-spreekwoorden.nl
- Veel patiënten in grote problemen bij meerdaagse stroomuitval
- Meer bulkaanbiedingen op vlees ondanks groeiende kritiek – Dirk en Lidl al gestopt
- Pro Friesland blaakt van optimisme – Scherpe teksten uit verkiezingsprogramma geweerd
- Camerabeelden minder objectief als bewijs dan vaak wordt gedacht
- Ruim een kwart meer mkb-bedrijven afgelopen 5 jaar
- Ondertussen blijven we onze woningen vullen met materialen waarvan we ons nauwelijks afvragen wat ze doen met onze gezondheid
- Jaarwisseling brengt financiële kansen voor huiseigenaren
- NVM en VGM NL: Huuraanbod historisch laag, steeds meer huurders lopen vast
- Detailhandel zet 3,1 procent meer om in derde kwartaal – Aantal faillissementen licht gestegen
- KHN, De Horecabond en CNV starten campagne voor sociale veiligheid in de horeca
- FNP: ondernemers niet betrokken bij terrasbeleid
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo



