Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!
  • Abonneren

FNP: Meiinoar kinne je in soad beskreppe

30 oktober 2013 Actueel, Liwwadders TV
← Terug naar archief

(tekst: FNP)

Frysk perspektyf foar jongerein

Jongerein binne best ree om hjir te weinjen en te wurkjen, mar dan moat dat wurk der ek wêze. Hoe moai at it is om hjir te meiinoar te wurkjen, nei skoalle te gean en te weinjen, docht bliken út it filmke dat yn gearwurking ûntstien is mei it Fryslân Koleezje (praktyk wurkgroep O3 wat stiet voor onderwijs, onderneming en ondersteuning).
It filmke is makke troch Ruben de Vries. Hy is krekt klear mei de mediaoplieding en hat de kâns krigen om foar ús (as FNPj en FNP) it tema Kansryk foar ús jongerein ut te wurkjen. Meiinoar kinne je in soad beskreppe. Dat lit ek Johannes Rypma ek sjen yn dizze film. De tekst “wurkje tegearre” is oersetten troch Michiel de Waal.

 

http://youtu.be/FbvYsiVh8kg

 

De lêste tiid heart men hieltyd faker fan de saneamde ‘braindrain’: De flecht fan heechoplate minsken dy’t nei harren oplieding fuortgeane út Fryslân fanwege harren kânsen op wurk. Dat is trouwens in ferskynsel wat ek spilet yn de oare noardlike provinsjes. De jongerein dy’t hjir fuortset tinkt dat se hjir minder gau karriêre meitsje kinne as yn it westen. Dochs is der net allinnich mar min nijs. Der liket sels wer wat in tsjinbeweging te ûntstean. Ien op de fiif ynwenners fan de Rânestêd wol ferhúzje nei ‘de regio’. Foar in part is dat alderein dy’t weromkomme nei it gebiet fan har jonge jierren, it oare part binne minsken dy’t fan oarsprong gjin bining hawwe mei sa’n regio.
Wurkje en wenje yn Fryslân hat in hiel soad foardielen, wy neame der hjir in stik as wat. Der binne hjir minder files, en de files dy’t hjir steane binne minder lang. It wenjen hjir is goedkeaper. De kriminaliteit is minder as yn it westen. Der is hjir mear boartersromte foar bern. Mear sosjale kontrôle, mienskip! Yn Fryslân is der minder in ‘afrekencultuur’. Troch ferieningslibben binne de ferskillen minder grut tusken de minsken dy’t hjir weinjen. Men komt mear meiinoar yn oanrekking. Ta beslút, it libben is hjir sûner en dat is fansels ek net ûnbelangryk. Foar de FNPj is dit fansels gjin nijs. Lykas de FNP brûke wy al in oantal jier IK (Pompebled) FRYSLÂN.
Mar wat wol de jongerein no eins? It antwurd is tige simpel: in passende baan en wurkûnderfining. Dy twa saken binne frij maklik te realisearjen mei saneamde traineeships. By ferskate grutte bedriuwen, de Provinsje en oare oerheden ha se al trainees yn tsjinst. By in traineeship wurde de minsken, wylst sy by in bedriuw wurkje, ek oplaat binnen dat bedriuw mei de yntinsje dêr wurkjen te bliuwen yn de takomst.
Troch ynnovaasje kinne bedriuwen, organisaasjes, it ûnderwiis mar ek de mienskip sels in grutte stap foarút meitsje op it mêd fan heechweardige wurkgelegenheid. De oerheid, mar foaral de bedriuwen kinne in grutte bydrage leverje oan in goed wurkklimaat yn Fryslân. En de earste multinationals, lykas Philips, fokusje net allinnich mear op it westen. Bygelyks yn Drachten stiet ien fan de meast high-teg farbiken fan Nederlân. Ek Wetsus op it mêd fan wetter en Friesland Campina hawwe hjir harren ûndersykslaboratoaria sitten dy’t heechoplate minsken freegje. De polityk soe in bydrage leverje moatte oan it stimulearjen fan traineeships by bedriuwen sadat de kennisflecht ferminderet as sels stoppet. In grut bykommend foardiel is dat by fakatueres foar heechoplate minsken der as in feit bykomt dat der ek fakatueres frijkomme foar leger opliede minsken.

Lunchroom ter overname
 
Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Leeuwarden Tabe Kooistraplein en Margaretha Zelle Akwadukt rijker

Volgende bericht

Niek Donker over 150 jaar handel in de Kleine Kerkstraat

 

Meer berichten

  • De vergeten oorzaak van de huurcrisis: de koper woont in een fiscaal paleis
  • Aandacht voor ervaringsdeskundigen in gemeentelijke raadsstukken: deze Friese gemeenten springen eruit
  • Friezen vinden vanuit WW bovengemiddeld vaak weer werk
  • Iets meer werklozen in oktober – Meer mensen blijven werkloos
  • Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
  • Ruim vijftig jaar sieraadkunst van Ruudt Peters in Museum Arnhem
  • Some red flags look like love: NHL Stenden maakt geweld in relaties bespreekbaar
  • Datacenters verbruiken 5,0 procent van de elektriciteit
  • Restauratie Oldehove duurt langer 
  • Meer dan 250 inzendingen op www.liwwadder-spreekwoorden.nl
  • Veel patiënten in grote problemen bij meerdaagse stroomuitval
  • Meer bulkaanbiedingen op vlees ondanks groeiende kritiek – Dirk en Lidl al gestopt
  • Pro Friesland blaakt van optimisme – Scherpe teksten uit verkiezingsprogramma geweerd
  • Camerabeelden minder objectief als bewijs dan vaak wordt gedacht
  • Ruim een kwart meer mkb-bedrijven afgelopen 5 jaar
  • Ondertussen blijven we onze woningen vullen met materialen waarvan we ons nauwelijks afvragen wat ze doen met onze gezondheid
  • Jaarwisseling brengt financiële kansen voor huiseigenaren
  • NVM en VGM NL: Huuraanbod historisch laag, steeds meer huurders lopen vast
  • Detailhandel zet 3,1 procent meer om in derde kwartaal – Aantal faillissementen licht gestegen
  • KHN, De Horecabond en CNV starten campagne voor sociale veiligheid in de horeca
  • FNP: ondernemers niet betrokken bij terrasbeleid
  • Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
  • ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
  • Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
  • De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
  • Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
  • Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
  • Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
  • Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
  • Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
  • Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
  • Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
  • In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
  • Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
  • Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
  • Kinderen hebben vaker een kansrijke start
  • Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
  • Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
  • Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
  • Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl
Bennerpark

De vergeten oorzaak van de huurcrisis: de koper...

19 november 2026

Aandacht voor ervaringsdeskundigen in...

19 november 2026

Friezen vinden vanuit WW bovengemiddeld vaak weer...

19 november 2026
Europaplein

Iets meer werklozen in oktober – Meer mensen...

19 november 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Webarchief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN