FNP: Goed mis, Botte Jellema!
(tekst: ingezonden)
Goed mis, Botte Jellema!
Hoe is it mooglik, dat in betûft kollumnist fan Omrop Fryslân de planke sa misslacht !
De FNP hat mei fernuvering de kollum fan Botte Jellema heard en lêzen;dy ‘t hjoed ek op’ e side fan
Omrop Fryslân stiet. As sjoernalist in kollum skriuwe oer wichtige saken yn in doarp (yn dit gefal
Mantgum ) dan liket it my ta, dat je je wol op ‘e hichte stelle moatte fan de aktuele situaasje.
It is dúdlik, dat Botte Jellema dat net dien hat. No mei in kollumnist himsels wol wat romte jaan, mar
dan moatte je gjin ûnwierheden fertelle of guon Mantgumers negatyf delsette. Dat docht er wol en
dêrmei giet hy as sjoernalist wol oer in grins .
Wat spilet der dan?
Mantgum is in moai doarp , dêr ‘ t de minsken graach wenje. Dat fynt de âlderein, mar dat wol ek de
jongerein.
It hat fan âlds altyd in hechte mienskip west en dat is hjoeddedei noch sa.
Dat der no yn Mantgum ferskillend reageard wurdt op in plan fan it CPO om 12 nije wenten te
bouwen, dat is op himsels neat nijs. Elkenien komt foar syn eigen belang op .
Sa binne der foar- en tsjinstanners fan de nije plannen fan it CPO, elk mei eigen ûnderbouwing.
Politike partijen prate mei beide om goede argumenten te sammeljen om letter dit jier hjiroer in
goed beslút yn de gemeenteried nimme te kinnen. Neffens Botte Jellema soe de FNP by de
tsjinstanners hearre. Mis Jellema, de FNP is foar it bouwen op de doarpen en is boppedat in partij, dy
‘t inisjativen fan ûnderen op graach stipet.
De goed gearstalde doarpsfyzje, dy ‘t yn oerlis mei de Mantgumers fan ûnderen op oannaam is, jout
oan dat der grut ferlet is fan senioarewenten en fan starterswenten foar de jongerein. En krekt troch
dit CPOplan , dêr ‘t ferskate jonge minsken út Mantgum foar yntekene ha, komme der
starterswenningen frij. Sa komt der trochstreaming yn it doarp.
Yn dy doarpsfyzje past dit plan hiel goed en “Doarpsmienskip Mantgum”is dan ek posityf oer dit
plan. Hoewol ‘t de tsjinstanners it oars sizze.
De FNP is troch ferskate minsken en belutsenen, dy ‘ t hjir soargen oer ha, benadere .
Nei oanlieding fan dy petearen, hat de FNP yn augustus frege om efkes in ‘pas op de plaats’ te
meitsjen om de proseduere goed ferrinne te litten . Mar dat wol net sizze, dat de FNP dêrmei in
tsjinstanner is!
De FNP wol, dat der boud wurdt nei aard,skaal en karakter en dat soks soarchfâldich troch de
gemeente Ljouwert begelaat wurdt. Der is no sa njonkelytsen al hiel wat yn gong setten en der hat in
goeie presintaasje fan it CPOplan west ,dêr ‘t in soad fragen steld binne en ek in protte antwurden
dúdlik makke ha, wat it plan krekt ynhâldt.
Wy wolle hjir mei klam sizze, oars as Jellema beweart, dat de FNP wol posityf is oer it plan. Der is by
de planûntwikkeling rekken holden mei de útgongpunten fan de doarpsfyzje. Wy fine it
doarpsoansicht fan de dyk ôf ek in wichtich punt fan oandacht en dêr is yn dit plan gelokkich
oandacht foar.
De FNP hat sjoen, dat de proseduere oant no ta helder en transparant delsetten is.
Miskommunikaasje en foute ynformaasje oer sa ‘n gefoelige kwestje yn in doarp, dêr hat net ien wat
oan!. Dan is it as oalje op it fjoer! Spitich, dat sa ‘n kollum sa wurket!
It giet ús om ús mienskip, in wichtich útgongspunt foar de FNP.
Foar de FNP Ljouwert,
Jan Willem Tuininga (fraksjefoarsitter)
Hinke Roorda(stipefraksje)
Meer berichten
- Rapport: Rendement hoger onderwijs in Nederland onder de maat
- Het mysterie van de verspeelde onderwijsmiljarden
- Samenwerking bewoners-gemeenten: Wat is dit voor democratie?
- ‘Wetgever moet boetestelsel herzien voordat rechtspraak overbelast raakt’
- Explosieve groei datacenters in Nederland zet stroom, CO₂ en water onder druk
- Opnieuw investeren minder bedrijven in verduurzaming
- Een politieagent die ziet hoe tegen een politieauto wordt geschopt, hoeft niet eerst een sociologische analyse te maken
- Helft Nederlanders verlangt naar eenvoud op vakantie: luxe minder belangrijk
- Weer minder nieuwbouwwoningen verkocht
- Drie decennia eilandleven Schiermonnikoog door Dick Kool
- Volksvertegenwoordigers leggen verantwoording af en mogen stevig worden bevraagd. Maar ergens zijn we de grens gaan overschrijden
- Ik zie het al voor me, iemand die een moestuin om zeep helpt met Round-up
- George Pars Graanhandel Hofleverancier
- Op naar wonen zonder winstoogmerk – SP-wet aangenomen
- Na het vonnis over het Fotomuseum begint de echte bestuursvraag
- Goed nieuws: we zijn Europees kampioen zitten!
- Bijna 22 miljoen zomervakanties in 2025, Frankrijk populairste bestemming
- ‘Consumenten moeten risico’s van goedkope buitenlandse aankopen kennen’
- Online supermarkt Crisp neemt bedrijfslunch-aanbieder De Buurtboer over
- En wat helemaal geweldig zou zijn dat ook de (school)jeugd van pakweg 10 tot 18 jaar van zich doet spreken (Wij zoeken dichters)
- Onderzoek Humanitas: Kwart Nederlanders ontdekt eenzaamheid vaak pas als het te laat is
- Onderzoek: Mannen geven vaker toe om discussies te voorkomen
- Economisch beeld minder negatief in juni – Meer export en consumptie huishoudens, minder investeringen
- Nije skriuwersbeurs foar talintfolle Fryske skriuwers
- Gemeente kiest voor de platte kabel van Flatpower. Waarom?
- Ongekende aanval op de onafhankelijke journalistiek van De Orkaan
- Klein coronanieuws en andere zaken – Raad borrelt bij Jonker Sikke – Liander zet bedrijven Ruiterskwarier van het stroom – Gluren bij de Buren valt bij The Saint in het water – Besluit over ROL had niet genomen mogen worden – Plantenwand legt het loodje – Rapen gaar nu Fries op site dreigt te verdwijnen
- Foort van Oosten gaat genieten en hard zijn best doen na krijgen van groot cadeau
- Proef met afhaalpunten voor kranten op eilanden gestart
- Docent Griekse en Latijnse taal Ninah Tiemersma Alumnus van het Jaar 2026
- Zorgverzekeraars willen dat de opslag op de premie verdwijnt voor mensen die langdurig hun premie niet kunnen betalen
- Gerben Dijkstra lijsttrekker Volt voor grensoverstijgende oplossingen
- Goedkoop trouwen? Dan naar Harlingen
- Inwoners gemeente Leeuwarden positief over Wmo-ondersteuning
- Open brief Landbouwnatuur over stikstof
- Gemeente Leeuwarden staat stoepladen toe onder voorwaarden
- Oppervlakte aardappelen gedaald naar laagste niveau sinds 2012
- Hein Jaap Hilarides en de Biltske Wassenaars
- Verkeerspsycholoog: Wie denkt dat hij kan appen en rijden overschat zijn brein
- Eva Pennings nieuwe kinderburgemeester – Dalène Ndikumana loco-kinderburgemeester




