FNP Boarnsterhim verbaasd en boos over voorstel herindeling
(tekst: FNP Boarnsterhim; http://www.fnpboarnsterhim.nl
Parseberjocht 26 augustus 2010
FNP: ferdieling Boarnsterhim teloarstellend
Doarpen no oan set
Grou � De FNP hat mei fernuvering it �tstel fan it Kolleezje fan B&W l�zen oer de ‘ferdieling’ fan de gemeente Boarnsterhim. It liket der op dat de ‘petearen’ yn ‘e doarpen in farce west hawwe. Yn dy petearen hawwe de doarpen har meastentiids d�dlik �tsprutsen foar bepaalde gemeenten en dat fynt de FNP no lang net altyd werom. De partij is dan ek fan betinken dat gjin rjocht dien is oan it kritearium ‘draachflak’. D�rom ropt de FNP doarpen yn Boarnsterhim op om har hearre te litten.
Dat draachflak is wol enoarm fan belang. Yn ‘e diskusje yn ‘e Twadde Keamer oer de weryndieling fan ‘e S�dwesthoeke is bygelyks neamd dat per doarp hifke wurde moat wat de ynwenners wolle. Op himsels is der wol hifke, mar blykber is net goed harke.
Sa woe 94% fan de Terhernsters nei Skarsterl�n mar d�r hat it Kolleezje har neat fan oanlutsen. Ek Akkrum en Nes (doarpsbelang en ynwenners, sjoch http://www.akkrum.net/) wolle yn grutte mearderheid nei Skarsterl�n. It is hiel frjemd dat by de posysje fan Akkrum Skarsterl�n net iens yn ‘e beneaming kaam neffens de stikken. Yn Warten hat 65% fan ‘e befolking te witten dien dat se graach nei Tytsjerksteradiel wolle (en net nei Ljouwert). Dat is dus wat oars as ‘een kleine meerderheid’. Doarpen as Sibrandabuorren en Tersoal hawwe mei grutte mearderheden fan omtrint 80% oanj�n leafst nei Snits cq de nije S�dwesthoeke te gean. De arguminten w�rom’t dat net kinne soe steane yn it dokumint fan it Kolleezje net d�dlik werj�n. Ek in ferslach fan it petear mei Snits of in position paper �ntbrekt. Yn de doarpen Reduzum, Friens en Idaerd woe 57% yn in enk�te fan doarpsbelang wat oars as nei Ljouwert ta. Mar d�r wurdt no al foar keazen. Yn it stik stiet dat Aldeboarn ’tamelijk verdeeld’ is oer de fraach nei Hearrenfean of Opsterl�n. Mar de Boarnsters woenen yn elk gefal net nei Hearrenfean of Ljouwert en wol nei Opsterl�n ta.
De FNP is dan ek fan betinken dat it Kolleezje fan B&W in politike ’tekentafel-weryndieling’ makke hat, it l�d fan �nderen op fan de befolking is folslein �ndersnijd. It stik dat der no leit is dan ek teloarstellend.
It is ek net sa dat gemeenten as Opsterl�n, Skarsterl�n en Tytsjerksteradiel net iepen stean soenen foar it opnimmen fan ien of mear doarpen. Neffens it kolleezje fan B&W fan Opsterl�n ‘past de kern Aldeboarn prima bij Opsterland’. Warten is ‘van harte welkom’ yn Tytsjerksteradiel en Skarsterl�n ferwachtet in ‘positieve bijdrage’ fan it tafoegjen fan Akkrum/Nes en Terherne.
Kleau boarger-polityk net noch grutter
De FNP wol dat boargers it gefoel hawwe dat se in bepaalde ynfloed hawwe op ‘e polityk. De FNP wol d�rom dat yn de ferskate doarpen fan ‘e gemeente ynspraakj�nen h�lden wurde oer it �tstel fan it Kolleezje. D�rby soenen yn alle gefallen Grou, Akkrum, Terherne, Warten, Tersoal/Sibrandabuorren, Reduzum en Wergea oan bod komme moatte. Fierder ropt de FNP de ynwenners en de doarpsbelangen op om har l�d de kommende tiid goed hearre te litten en eventueel yn aksje te kommen as sy it perfoarst net iens binne mei de yndieling.
De FNP hopet ek dat de mearderheid fan de ried noch ree is om kritysk te sjen nei it �tstel fan it Kolleezje en prate wol oer in better alternatyf. De kleau tusken boarger en polityk moat net noch grutter wurde. D�rom sille de resultaten fan ‘e ynspraakj�nen en de mooglikheden dy’t oare gemeentebestjoeren as Hearrenfean en Ljouwert j�n hawwe om doarpen op te nimmen better ferwurke wurde moatte yn de �teinlike besluten.

Meer berichten
- De vergeten oorzaak van de huurcrisis: de koper woont in een fiscaal paleis
- Aandacht voor ervaringsdeskundigen in gemeentelijke raadsstukken: deze Friese gemeenten springen eruit
- Friezen vinden vanuit WW bovengemiddeld vaak weer werk
- Iets meer werklozen in oktober – Meer mensen blijven werkloos
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Ruim vijftig jaar sieraadkunst van Ruudt Peters in Museum Arnhem
- Some red flags look like love: NHL Stenden maakt geweld in relaties bespreekbaar
- Datacenters verbruiken 5,0 procent van de elektriciteit
- Restauratie Oldehove duurt langer
- Meer dan 250 inzendingen op www.liwwadder-spreekwoorden.nl
- Veel patiënten in grote problemen bij meerdaagse stroomuitval
- Meer bulkaanbiedingen op vlees ondanks groeiende kritiek – Dirk en Lidl al gestopt
- Pro Friesland blaakt van optimisme – Scherpe teksten uit verkiezingsprogramma geweerd
- Camerabeelden minder objectief als bewijs dan vaak wordt gedacht
- Ruim een kwart meer mkb-bedrijven afgelopen 5 jaar
- Ondertussen blijven we onze woningen vullen met materialen waarvan we ons nauwelijks afvragen wat ze doen met onze gezondheid
- Jaarwisseling brengt financiële kansen voor huiseigenaren
- NVM en VGM NL: Huuraanbod historisch laag, steeds meer huurders lopen vast
- Detailhandel zet 3,1 procent meer om in derde kwartaal – Aantal faillissementen licht gestegen
- KHN, De Horecabond en CNV starten campagne voor sociale veiligheid in de horeca
- FNP: ondernemers niet betrokken bij terrasbeleid
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo



