Elske Schotanus: Wat in fergriem fan enerzjy, meidwaan oan soksoarte wedstriidsjes
(tekst: Elske Schotanus op Facebook)
De ien seit: bist te kritysk. De oar: se ha leaver jongeren. Of: sitst net yn de netwurken.
Yn myn plan sit in behoarlik tal oeren. Ferbjustere wie ik dan ek doe’t ik, in dei nei de deadline fan Tresoar oer de mail te hearren krige dat de skriuwer dy’t yn it ramt fan Oare Wurden acht wiken nei Dublin gean sil, net nei Dublin giet mar nei in gat, te fergelykjen mei Moddergat, trijehûndert kilometer fan de stêd Dublin. Briefke oer skreaun, kopytsje nei de baas, frege om it nei de sjuery troch te dwaan en neat op werom heard. En fansels hast it dêr mei oaren wolris oer. Immen murk op: Dat in sjuery oan sok foar de gek hâlden meiwurkje wol.
Stekst der tiid yn, in soad tiid ek: yn it skriuwplan, yn watst oan aktiviteiten fierder noch dwaan wolst, yn it sykjen nei ynformaasje oer organisaasjes, eveneminten, minsken dy’tst yn Dublin treffe wolle soest, dêr’st yn de sin fan nevenaktiviteiten wat mei kins en wolst, yn it bywurkjen fan it CV. Mar altyd is der in orizjineler plan, in bettere skriuwer, in nijsgjirriger cv.
Ik mei dit hjir allegear net melde, teminste, dat is it fersyk, want pas moarn / woansdei de alfde giet der fanút Tresoar wei in parseberjocht de doar út en wurdt bekend wa’t nei Ierlân giet. Mar wa bin ik geheimhâlding ferskuldige? Ik bin gewoan slim teloarsteld. Fersin dy net: ik gun it in oar. Boppedat, ik wie net nei de Ierske wjergader fan Moddergat ta gien. It plak fan ferbliuw, 2000 ynwenners, fier fan alles, dêr is in “bilingual Arts Centre” en dêr leit, neffens de kalinder, de boel by ’t simmer sa’n bytsje stil. En it festival dêr’t de skriuwer sa leuk optrede kinne soe, dat hat in webside mei sokke teksten: ワキの臭い対策ラボ@あなたのワキの臭いの悩みを解決します ワキの臭いが気になるあなたへ. It is gewoan Dublin net.
Wat in fergriem fan enerzjy, meidwaan oan soksoarte wedstriidsjes. Foar my wie it dan ek de lêste kear. Mei in plan dêr’t neat geheim oan is.

Meer berichten
- De vergeten oorzaak van de huurcrisis: de koper woont in een fiscaal paleis
- Aandacht voor ervaringsdeskundigen in gemeentelijke raadsstukken: deze Friese gemeenten springen eruit
- Friezen vinden vanuit WW bovengemiddeld vaak weer werk
- Iets meer werklozen in oktober – Meer mensen blijven werkloos
- Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
- Ruim vijftig jaar sieraadkunst van Ruudt Peters in Museum Arnhem
- Some red flags look like love: NHL Stenden maakt geweld in relaties bespreekbaar
- Datacenters verbruiken 5,0 procent van de elektriciteit
- Restauratie Oldehove duurt langer
- Meer dan 250 inzendingen op www.liwwadder-spreekwoorden.nl
- Veel patiënten in grote problemen bij meerdaagse stroomuitval
- Meer bulkaanbiedingen op vlees ondanks groeiende kritiek – Dirk en Lidl al gestopt
- Pro Friesland blaakt van optimisme – Scherpe teksten uit verkiezingsprogramma geweerd
- Camerabeelden minder objectief als bewijs dan vaak wordt gedacht
- Ruim een kwart meer mkb-bedrijven afgelopen 5 jaar
- Ondertussen blijven we onze woningen vullen met materialen waarvan we ons nauwelijks afvragen wat ze doen met onze gezondheid
- Jaarwisseling brengt financiële kansen voor huiseigenaren
- NVM en VGM NL: Huuraanbod historisch laag, steeds meer huurders lopen vast
- Detailhandel zet 3,1 procent meer om in derde kwartaal – Aantal faillissementen licht gestegen
- KHN, De Horecabond en CNV starten campagne voor sociale veiligheid in de horeca
- FNP: ondernemers niet betrokken bij terrasbeleid
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo



