Boarnsterhim nog niet ingelijfd of FNP Ljouwert is al boos
(tekst: FNP Leeuwarden)
De FNP-Ljouwert steIt hjoed fragen oan it Kolleezje oer it no fêstlizzen fan de fan de eveneminten kalinder 2014. Ljouwert freget Boarnsterhim noard midden yn de fakânsje, binnen 14 dagen harren eveneminten foar de kommende oardel jier troch te jaan. Mei it stringinte eveneminten belied fan de gemeente Ljouwert binne earder profesjonele organisatoaren al op de kofje kaam. Alle spontane inisjativen út de mienskip wei wurde mei dizze kontrôle obsesje fuortreage. Hoe sa Kulturele Haadstêd 2018?
Hjirûnder steane de fragen yntegraal opnommen:
Oan it Kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert
Ljouwert, 15 augustus 2013
Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer it no fêstlizzen fan de eveneminten kalinder 2014 ek foar Boarnsterhim noard.
Rju achte Kolleezje,
De FNP-fraksje hat kundskip nommen fan de lêste ferzje fan ‘Op ‘e hichte’, dêr’t de ynwenners fan dy gemeente mei ynformearre wurde troch it gemeentebestjoer. Sjoch http://www.boarnsterhim.nl/document.php?m=5&fileid=9609&f=96d08cd50c49a3590880d280271bb936&attachment=1&c=11167
Us each foel op in artikel fan de kant fan de gemeente Ljouwert, dat nochal wat fragen by ús oprôp. Midden yn ‘e fakânsje prestearret de gemeente Ljouwert it om ynwenners en organisaasjes yn Boarnsterhim twingend op te roppen om al foar 1 septimber al har eveneminten/aktiviteiten yn 2014 troch te jaan yn ferbân mei in saneamde ‘aktiviteiten kalinder’.
De FNP-fraksje hat 4 beswieren.
Punt 1, dat it midden yn de fakânsje oankundige wurdt (in soad minsken binne fuort!).
Dêrneist de hiele koarte termyn (2 wiken) foardat de eveneminten trochjûn wurde moatte.
Punt 3 it twingende en demotivearjende karakter (‘Een van de veranderingen zal zijn dat u evenementen voor 2014 in Leeuwarden voor 1 september aan moet melden’). It giet dêrby dus ek om aktiviteiten yn novimber of desimber 2014!
En ta beslút, de grutte ûndúdlikens dy’t dit stikje opropt. Giet it ek om karbidsjitten, de buert barbekjû, de merke?
Om koart te kriemen werklik in hannelwize dy’t net stimulearjend oerkomt, earder burokratysk en ôfremjend. Yn it ramt fan it stimulearjen fan festivals en doarp- en wykaktiviteiten, it aktyf meidwaan fan minsken oan de mienskip en Kulturele Haadstêd 2018 komt ús dat hiel frjemd oer. It is ek net útnoegjend en wolkom nei ús nije ynwenners fan Grou, Eagum, Friens, Idaerd, Jirnsum, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea.
Us fragen:
- Is it Kolleezje it mei ús iens dat in oankundiging op 13 augustus oan ús nije ynwenners foar it melden fan eveneminten yn 2014, midden yn de fakânsje as in soad minsken fuort binne, net ferstannich is?
- Binne jim it mei ús iens dat de termyn fan mar 18 dagen om de eveneminten troch te jaan fia de webside of fia in gearkomste op 26 augustus (13 dagen letter) yn de fakânsjetiid wol hiel koart is, omdat in soad minsken fuort binne mar ek om’t men dizze omslachtige proseduere sa net wend is?
- Is it Kolleezje it mei ús iens dat de oprop oan ynwenners en organisaasjes yn de doarpen fan Boarnsterhim in tige twingend en demotivearjend karakter hat? Hoe soe it Kolleezje der foar oer stean as de gemeente Ljouwert alle aktiviteiten dy’t sy op priemmen hat yn 2014 al foar 1 septimber oan provinsje of Ryk melde moatte soe?
- Is it Kolleezje it mei ús iens dat it stikje yn it artikel grutte ûndúdlikens oproppe kin? Bygelyks de fraach watfoar type evenemint no wol of net foar 1 septimber oanmeld wurde moat?
- Binne jim ree om op hiele koarte termyn de ynwenners en organisaasjes yn Boarnsterhim op ‘e nij oan te skriuwen, diskear nei de fakânsje, mei mear reaksjetiid, in dúdliker omskriuwing fan watfoar eveneminten it giet en ek dúdlik omskreaun dat nije aktiviteiten fansels altyd noch organisearre wurde kinne?
- Is it Kolleezje ree om nei de weryndielings datum mei in nij belied stik foar eveneminten te kommen, dat minder burokratysk en ôfremjend is en mear klant freonlik en krekt stimulearjend is?
Mei rju achtinge,
Pier Tilma
FNP-fraksje,
Meer berichten
- Nico Haasbroek: Managers delen de lakens uit in de journalistiek
- Helft van de ouderen voelt zich niet altijd veilig online
- Minder nieuwbouwwoningen verkocht in tweede kwartaal, meer bestaande woningen
- SLIM: Hoeveel gezinshuizen zijn momenteel binnen Friesland actief?
- LTO: Woningnood raakt ook de voedselproductie
- Klein coronanieuws en andere zaken – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- The Dark Economy: How Dirty Money Shapes the World – With Oliver Bullough and Thomas Bollen
- Hogere wegenbelasting zet camper vaker stil
- Iedereen een prijs – De Lutz Jacobi-speld gaat dit jaar naar Lutz Jacobi
- Rijden zonder rijbewijs komt veel vaker voor dan gedacht: bijna 6 op 10 jongeren doen dit
- Friese Bibob-ambtenaren weten nog lang niet hoe ze fraude moeten aanpakken
- Inflatie in september 3,4 procent bij snelle raming
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar




