Eeltsje Hettinga over Culturele Hoofdstad: politiek topdown-denken
(tekst: ingezonden schrijver Eeltsje Hettinga)
Eeltsje Hettinga over KH201820 december 2011
De taal en polityk achter Kulturele Haadsted 2018
Moarn moatte de Fryske Steaten in besl�t nimme oer de subsydzje fan 2,4 miljoen Euro oan de stichting Frysl�n Kulturele Haadst�d 2018. Yn in besykjen om de twiveljende Steaten, en dan benammen it CDA, oer de streek te krijen, setten de belanghawwende partijen �fr�ne wike �tein mei in machtich media-offensyf. Siem Jansen, �ld-deputearre fan de Provinsje Frysl�n � hy is tsjintwurdich direkteur fan de NOM (Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij) en foarsitter fan it stichtingsbestjoer Frysl�n 2018 � krige �fr�ne sneon in heale pagina yn it Friesch Dagblad. De Ko�peratie 2018, in groep fan minsken dy�t yn oerlis mei Frysl�n 2018 it saneamde bidbook skriuwt, kaam mei de notysje �Nocht oan �e takomst�, wylst, last but not least, de Ljouwerter Krante l�stensneon iepene mei in stevich pleit fan Bert Looper, direkteur fan it ynstit�t Tresoar. By de ferskillende publikaasjes rint in gauris prek�re terminology yn it each, de taal is hjir en d�r kr�de fan histoarysk al te swier beladen begripen. Polityk sjoen hat it der in soad fan wei dat der by it trochsetten fan it projekt Frysl�n-2018 sprake is fan in r�cksichtlos top-down-tinken. In ynventarisaasje.
het DNA van de Fries
Bert Looper rept as pleitbesoarger foar de Kulturele Haadst�d 2018 (KH-2018) fan de needsaak dat Frysl�n himsels op �e nij �tfynt. Ien fan de punten yn syn betooch seit: wat is Fryske kultuer en wat is kultuer yn Frysl�n? It binne fragen dy�t neffens de direkteur fan Tresoar bepalend binne foar dat wat de identiteit fan Frysl�n (�t)makket. Fierders moat de regio him ori�ntearje en beriede op syn ferh�lding mei en syn posysje binnen Europa. Looper: �Niet de cultuur, de taal of het landschap, maar de betrokkenheid bij het steeds weer zoeken naar ons eigen dna is de kracht van Friesland.�
Op syk nei �ons eigen dna�? Understeld mei wurde dat Looper � hy is fan profesje histoarikus � sawol de kontekst as de konnotaasjes en bybetsjuttings fan de troch him hantearre begripen ken. De taal twingt hjir yn alle gefallen ta in refleksje op de kontekst. Goed l�ze is korrespondearjend l�zen. (Roland Barthes). Bert Looper syn sizzen oer de syktocht nei �ons eigen dna� komt oerien mei in tal begripen �t in betooch, sa�t dat te finen is yn it rapport �Fan de minsken en de gr�n. Toekomstagenda Frysl�n duurzaam 2040�. Der�t de folgjende passaazje: �Naast die probleemperceptie, is het ook goed te kijken naar de historie van een gebied en hoe dat de mensen daar heeft gevormd. Het DNA van in dit geval de Fries, of ook wel hier de Friese ziel genoemd, bepaalt ook wat in het gebied wel en niet past. Aansluiten bij de historie en de genen van de Friezen kan de omslag naar een duurzamer systeem vergemakkelijken en natuurlijker maken. [�]�
�Aansluiten bij de genen van de Friezen?� By soks moat ik altiten tinken oan de grapjeierij fan ien as Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), dy�t hawwe woe dat de Friezen oarspronklik �t Yndi� kamen. Mar ja, wy binne goed twa ieuwen fierder. It Fryske fjild leit der wilens in pear slaggen oars hinne. Dat jildt ek foar de sinsnede oer de �genen fan de Friezen�. Dy krijt in ekstra navrante lading, as betocht wurdt dat de titel fan it rapport �Fan de minsken en de gr�n. Toekomstagenda Frysl�n duurzaam 2040� in fariant is op de yn 1940 ferskynde Fryske heimatroman Fan groun en minsken fan Reinder Brolsma (1882-1952), d�r�t de skriuwer yn 1941 de troch de D�tsers ynstelde Harmen Sytstra-priis foar krige. Eefkes fierderop komt men yn datselde rapport �Fan de minsken en de gr�n� mei de neifolgjende en allike �fleurige� passaazje op �e lappen: �De vraag of de Fries moet, wil en kan veranderen is niet eenduidig te beantwoorden. Het kan zeker wel, maar dan moeten de prikkels tot verandering raken aan de Friese ziel en het achterliggende oergevoel. Anders gesteld, dan moeten de prikkels geaard zijn in de Friese kernwaarden van water, natuur, ruimte, vrijheid en onafhankelijkheid, taal, cultuur en historie.� [kursyf, e.h.]
histoarysk besef
It giet yn dizzen om in maatskiplik nuodlik �nderwerp. Fansels is it net sa dat de nije swarte learzens de provinsje yn marsjeard binne. Nee, d�r giet it net om. W�r�t it al om giet, is de terminology dy�t der yn de ferskillende publikaasjes op nei holden wurdt, in taal dy�t sa altemets rare broekhoest jout. Hoe kin dat? Of oars sein: Hoe kin it dat by de diskusje oer de (kulturele) identiteit fan Frysl�n alderhande histoarysk swier beladen begripen op it aljemint brocht wurde? Wat is de reden dat der al te maklik foarby sjoen wurdt oan de tekens [de ferwizings] �nder de taal, sis mar: de kontekst? Hawar, kin der, as Frysl�n himsels dan dochs �op �e nij �tfine moat� ek in nije, oare taal �tf�n wurde? Ik bedoel, wat mear histoarysk besef oangeande de kar fan de ferskillende begripen en titels, it soe de inisjators en stipers fan Frysl�n Kulturele Haadst�d 2018 yn alle gefallen net misstean. Dat skynt yn �e praktyk fan de 2018-dissipelen lykwols dreech te w�zen. Twa jier ferlyn �ntstie grutte kommoasje doe�t de Provinsje Frysl�n it histoarysk sjoen nochal �nsmaaklike promoasjefilmke Frysl�n culturele hoofdstad 2018 meitsje liet, in film w�ryn�t op in stuit it bloed troch it hert en de klaai � de gr�n � fan Frysl�n rint.
Binne de hjir boppe oanhelle gefallen inkeld �nhandige, domme en faaks �t na�viteit fuortkommende aksidinten? Is der miskien sprake fan in tekoart oan in echte brede fokus, of oars: Is de blik tefolle nei binnen rjochte? Lit yn dizzen bygelyks ris sjen nei de gearstalling fan de Ko�peraasje 2018, dy�t �fr�ne moandei mei de notysje �Nocht oan �e takomst� op �e lappen kaam. Dy nau oan Frysl�n 2018 ferb�ne Ko�peratie 2018, dy�t �nder mear ek te set sil mei it skriuwen fan it bidbook, l�s: mei de ynh�ld, de ynrjochting en foarmjouwing fan Kulturele Haadst�d 2018, dy groep is, �fgeand op �ndertekeners fan de notysje �Nocht oan �e takomst� sa blank as de dunen by Appelskea, gjin b�tenlanner yn te bekennen. Mar faaks sit der yn it laadsje �e.o.� (en oaren), dat achter it rychje �ndertekeners stiet, noch in Surinamer, in Marokkaan of in heale Sinees fersk�le.
W�r�t it hjir om giet is it fenomeen partisipaasje. De Ko�peratie 2018 skriuwt datoangeande dat ien fan har basisprinsipes �het belang van de participatie is, zowel door de kunstenaars als de bewoners.� Dat heart moai en foarnaam. Mar as it by dy partisipaasje om de represintativiteit fan de ferskillende befolkingsgroepen giet c.q. de kulturele en etnyske diversiteit, dan komt dat (dus) net ta utering yn de gearstalling fan de Ko�peratie 2018. Yn Ljouwert, mei in allochtoane befolking fan 9,9 persint � der wurde mar leafst 63 talen praat � wenje en wurkje mei-inoar in goed 100 ferskillende befolkingsgroepen, in getal dat foar de rest fan Frysl�n in pear slaggen leger leit.[i] Koartsein: bestiet Frysl�n KH-2018 ek foar de yn de provinsje Frysl�n libjende minsken, mei oare genen? Is der yn de Ko�peratie 2018 ek plak foar minsken dy�t net ta de blanke, autotochtoane Fryske elite heare? In skriuwer-keunstner as, krij beet, de koartby mei de Literatuerpriis fan de Europeeske Uny bekroande Rodaan al Galidi � hy wenne jierren oanien yn Frysl�n � soe in mear as bys�ndere �ynput� hawwe kinne.
Hoe dan ek, ek by de gearstalders fan it rapport �Fan de minsken en de gr�n. Toekomstagenda Frysl�n duurzaam 2040�, �ndertekene troch �nder oaren Klaas Sietse Spoelstra � hy is ien fan de oprjochters fan �Stasjon 2018. Leef de ziel van Frysl�n� en teffens lid fan de Ko�peratie 2018 � wurdt it etnysk-kulturele ferskaat binnen de provinsje oersljochte c.q. negearre. Sa�t docht bliken �t de earder sitearre passaazje, w�ryn�t d� Fries it primaat hie.
polityk top-down-tinken
Deputearre Jannewietske de Vries hat har 2018-plannen �nder mear dellein yn de kultuerfizy �Finsters iepen (2009-2012)�. By sa�n titel heart, sa mei �ndersteld wurde, ek de iepen politike en kulturele dialooch, it iepen petear tusken de ferskillende partijen, ynst�nsjes en persoanen. Mar hoe iepen steane dy finsters werklik? W�rom wurdt in kritikaster as Huub Mous, de fleurige nar fan Frysl�n dy�t wolris in krityske noat oer de KH-2018 sjongt, te ferstean j�n dat der ophoepelje moat? Abe de Vries, lid fan de Ko�peratie 2018 en ien fan de skriuwers fan it bidbook foar KH-2018, seit plan-�t dat de neffens him �twiveleftige figuer� Mous �opsokkebalje� moat, in tiidwurd dat synonym is foar �oprotte� of �opsoademiterje�. De Vries skrillet der net foar tebek en spylje yn dizzen de etnyske kaart: �As je sa�n grouw�lige hekel ha oan alles wat mei Frysl�n yn it algemien, en de Fryske skriuwerij en kultuer yn it bys�nder te krijen hat, wat dogge jo hjir dan? […] En mocht de oanw�zigens fan jo rju eale persoan yn dizze provinsje dochs safolle ynfloed ha op jo net te betwingen drang ta it publisearjen fan baggerstikjes? Sokkebalje dan asjeblyft op nei in miljeu d�r�t jo folle better th�shearre.� [Ut: �Mous,sokkebolje asjeblyft op! [�] Wat dogge jo hjir?�]
.
Yn it ferlingde fan dizze oprop ta it smoaren fan it krityske tsjinwurd, leit ta in hichte ek it negearjen fan it publike debat troch deputearre Jannewietske de Vries. Hie de deputearre yn de provinsjale kultuerfizy �Finsters Iepen 2009-2012� noch de ambysje om �iepen te stean foar de wr�ld om �s hinne�, no�t de kniper op �e skine komt, � moarn moatte de Fryske Steaten kedize oer it ferfolch fan Frysl�n 2018 � no rint De Vries wei foar it debat oer KH-2018. Dat hie justerj�n (19-12) w�ze sillen yn it debatsintrum De Bres yn Ljouwert. �Ze voelt er niets voor,� lit in wurdfierder fan De Vries witte, �debat hoort thuis in straten.[ii] Is dat, is dat faaks de yllustraasje fan in r�cksichtlos Frysk polityk top-down-tinken?
.
De k�ns om Frysl�n yn 2018 Kulturele Haadst�d fan Europa wurde te litten, dy k�ns moat fansels � io vivat � net fersokkeballe wurde. Minsken as Sjoerd Bootsma, Jacco de Boer, Harmen van der Hoek c.s. hawwe mei in muldissiplin�r festival as Explore the North, �nderdiel fan it Frysl�n 2018-gebeuren, sjen litten dat se fantastyske dingen beg�chelje kinne. Mar mei it each op de bytiden bline polityk en de sa altemets wat al te prek�re taal yn en om it festijn Frysl�n KH-2018 hinne driget it sirkus �t te rinnen op it �lde spultsje dat seit: � Frysl�n is altyd swier mar sil nea net bernje!
.
Eeltsje Hettinga, 20 desimber 2011
.
[1] boarne: Liesbeth Wiersma, beleidsadvisur Integratie en Inburgering by de gemeente Ljouwert
[11] boarne: Liwwadders (www.liwwadders.nl)

Meer berichten
- Ondernemers delen groot leeg winkelpand om huur betaalbaar te houden
- ‘Banken moeten medewerkers beter wapenen tegen phishingaanvallen’
- Prognose levensverwachting 65-jarigen: nog 21 jaar in 2032
- De laatste keer dat ik aan geschoren vrouwenbenen heb gedacht is al weer even geleden
- Wanneer PRO, als provinciale partij, geen probleem heeft met woningbouw in De Hem laten ze zich hierover dan ook duidelijk uitspreken
- Leeuwarden eindelijk volwassen dankzij migranten – Sneu, geen bloemen voor de nieuwkomer uit Afghanistan of Syrië
- Sybz en De Walrus serveren de komende jaren lunches en maaltijden voor het Leeuwarder college
- Waarom de elfjarige Ricardo anderhalf uur lang in de kou naar huis moest lopen
- Annemarie Lindeboom: Wat zijn de cijfers hiervan? Waarom zie ik dit nergens? Want dat kan echt aantonen dat het oneerlijk is, toch?
- Het is waar. Komend voorjaar stop ik als advocaat
- Nederland hoort bij klimaatkoplopers, maar verliest terrein
- In oktober 27 procent meer faillissementen dan een jaar eerder
- Sinterklaas brengt Nederland samen: minder scrollen, meer spelletjes
- Caparis in problemen – Raadsleden die de bijeenkomst bezoeken krijgen, naar we aannemen, zwijgplicht opgelegd
- Kinderen hebben vaker een kansrijke start
- Leeuwarden wil één plek voor vragen over zorg, geld, werk en jeugdhulp
- Gemeente Leeuwarden geeft startsein voor aanleg aquathermienet in Baard
- Meer dan 1000 jongeren ontdekken kunst en cultuur tijdens ArtTrip
- Inboedel van mediaman Frank Botman online geveild bij Auctivo
- Op tournee met de FNP in De Treemter – In Grou trekken bepaalde families aan de touwtjes
- Lisa Spooren beheerder van 35.000 kunst- en cultuurhistorische objecten Ottema Kingmastichting
- Gerechtshof Arnhem-Leeuwarden maakt van Kneppelfreed een vrolijk evenement
- Helft van de gezinnen met pubers discussieert over de thermostaat
- Vorstseizoen in Nederland in ruim een eeuw vijf weken korter geworden
- Ufo’s van Gorredijk nu in bioscopen Pathé
- Ik ben Henk Tanahatoe en al 36 jaar woonachtig in de directe omgeving van de vliegbasis
- Werkzaamheden Hermesbrug starten in februari 2027
- Leeuwarden komt er niet uit met de PFAS en zoekt hulp
- Zuchtend leg ik de telefoon weg. Vanochtend ben ik al drie keer gebeld door verschillende mensen, die op straat staan, geen thuis meer hebben
- Sijbe Knol tegen Femke Halsema: prima om trots te zijn op cultuur in Amsterdam, maar er gebeurt ook nog wat buiten de hoofdstad
- Afvoerputje Waddenzee: hoe zorgen we beter voor ons grootste werelderfgoed?
- Muziekdocenten: muziekles te vaak afhankelijk van inkomen en woonplaats
- ‘Adverteerders financieren het verdienmodel achter verslavend telefoongebruik’
- Urk hoogste percentage jongeren, Schiermonnikoog laagste
- 1 op 5 werknemers psychisch vermoeid door werk, meer dan tien jaar geleden
- Big Band Friesland brengt spetterende livemuziek naar Fire Café Leeuwarden
- FNP Ljouwert tegen belastingverhogingen: geen verhoging van de OZB
- Zonet had ik ook al een moeder die een boek voor haar dochter kocht. Lezen moeders zelf niet meer?
- Mooie woorden Jelmer, maar goed bestuur begint bij een volle maag voor ieder kind en een veilige straat voor iedereen
- Bijna kwart bedrijven heeft investeringen uitgesteld of geschrapt – Tekort aan arbeidskrachten blijft belangrijkste belemmering



