Nije skriuwersbeurs foar talintfolle Fryske skriuwers
(tekst: persbericht)
Nije skriuwersbeurs foar talintfolle Fryske skriuwers
Tresoar siket fiif talintfolle, begjinnende Fryske skriuwers mei in ambisjeus plan foar in modern en orizjineel literêr proazawurk yn it Frysk! Mei begelieding en finansjele middels biedt Tresoar dizze skriuwers de mooglikheid om harren plan yn in pear jier út te bouwen ta in Fryske roman. Mei as doel om hjir in bestseller fan te meitsjen, dy’t ferskynt yn in nije Frysk literêre rige: de Gielegou Rige.
In nije ympuls foar de Fryske literatuer
De Fryske taal hat in rike literêre tradysje mei in sterk literêr netwurk dat wichtich is foar it fuortbestean fan de taal. Dochs fergrizet de groep proazaskriuwers en nimt de produksje ôf. Boppedat is it foar Fryske literatuer faak lestich om in breed lêzerspublyk te finen. Tresoar wol besykje it bredere publyk te finen troch talintfolle skriuwers te fasilitearjen en in jongere groep lêzers foar Frysktalige literatuer te ynteressearjen. Hjirmei set Tresoar yn op de fersterking fan it Frysk literêre fjild, fan skriuwer oant lêzer.
De Gielegou Rige
De boeken dy’t binnen dit projekt skreaun wurde, sille ferskine yn in nije Frysk literêre rige: de Gielegou Rige. De gielegou (wielewaal; goudlijster) is in seldsume sangfûgel mei in bysûnder lûd. De namme gielegou ferwiist nei it goudgiel yn it fearrekleed, mar is ek in onomatopee foar it lûd en de melody dy’t de fûgel produsearret: sy sjongt har eigen namme. Dy skaaimerken passe by it talint dat Tresoar foar dit projekt siket: skriuwers mei in eigen stim en persoanlike styl.
Iepen oprop
Fan hjoed ôf kinne debutanten en begjinnende auteurs harren oanmelde foar dizze nije skriuwersbeurs. Alle ynformaasje (oer û.o. betingsten) is te finen op de webside fan Tresoar.
De skriuwers – dy’t troch in ûnôfhinklike kommisje fan saakkundigen beoardiele wurde – sille begjin novimber by in feestlike literêre byienkomst yn de Fryske Boekewike bekend makke wurde. Dêrnei wurkje sy foar de doer fan it projekt (2027-2029) oan harren boek. Tresoar stribbet dernei om de earste boeken yn de Gielegou Rige yn 2029 te presintearjen.
Yn de Gielegou Rige wurket Tresoar gear mei dielnimmende útjouwers. Tresoar is pinfierder fan it projekt en belûkt oare organisaasjes by de útfiering. Provinsje Fryslân en it Nederlands Letterenfonds hawwe it projekt finansjeel mooglik makke.
Meer berichten
- Zef Hemel: Heerenveen zou het bestaande moeten koesteren en niet moeten willen groeien maar eerder ontspannen
- De grootste klimaatrisico’s voor vastgoed staan niet op de balans
- Prijsstijging jaar op jaar bestaande koopwoningen vlakt verder af
- Visserijdagen met herinnering aan vergaan HA-10
- IJzerhandel Postma aan de Voorsteek stopt na negentig jaar
- De gevaarlijkste kruispunten en rotondes van de provincie
- Jelmer Staal nieuwe fractievoorzitter van PRO Leeuwarden
- Investeren in technisch talent hard nodig om klimaatdoelen in Friesland te realiseren
- Er staan wel leukere kookboeken in de kast. Als je hier uit gaat koken kun je de spruitjes al bijna weer ruiken.
- Hoe archeologie welzijn kan bevorderen
- Spooronderhoud heeft de neiging het slechtste in de mens naar boven te halen
- Nieuw cursusseizoen Seewyn Kunsteducatie
- Ouderen voelen zich niet gehoord bij woonprobleem
- Laten we het vooral van de positieve kant bekijken (expositieruimte brugwachtershuisje)
- Steeds meer mensen zijn single of hebben een latrelatie – Single vrouw is gelukkiger dan single man
- Eric Hoekstra ruikt sensatie in Franeker kerk vol lekkere hapjes
- Bij de aankoop van een woonboot komt net even iets meer kijken
- Deade Dichters Deklamatoarium yn Lippenhuzen
- De afgelopen weken kwam ik er niet onderuit: het gesprek over boetes
- Nieuw bij introductieweek studenten in Leeuwarden: minder drinken
- Mini-expositie over Cornelis Bruinsma (1925-1988), de filmende brugwachter
- Jagers: Woningnood in Nederland treft ook dieren
- Melk en varkens leveren minder op, eieren meer
- Dolle Mina stapt op 21 augustus weer door heel nachtelijk Nederland op de fiets
- Wie Peter Faber zegt, zegt Duel in de Diepte, Camping, Een Vrouw als Eva, Soldaat van Oranje. Nu in de Rode Loper
- Stevige politieke stammenstrijd in fractie PvdA Leeuwarden
- Hoe de kleine geuren verdwenen uit Leeuwarden
- Senator Henk ten Hoeve: geef provincies verschillende bevoegdheden
- Gert Jaap van Ulzen: Je wordt met een jaarstuk gewoon bij de neus genomen
- Wim van der Veer – Van Hulsen zei: hang us wat spul op, juh!
- Rik Zaal: het beste Marokkaanse restaurant van het land is gesloten
- Omwonenden tekenen toch beroep aan bij de rechtbank over gang van zaken Regionale Opvang Troelstraweg
- Symen Tamminga: Er wordt te weinig melk gedronken en kaas gegeten
- Provincie vraagt inwoners hoe ze straks willen wonen
- Fuerza Bruta stevent af op tonnen verlies – LC-pr-journalisten konden de tent niet volschrijven
- Geert Dales: We gaan veel te mild om met leugenaars, alsof liegen normaal is
- Ik heb hem in de raad gezegd: was lekker bij je kinderen gebleven als je dat zo mooi vond
- PvdA-raadslid Dirk Visser: Dit land heeft een goede sociaal-democratische partij nodig
- Geen vee meer op dijken door droogte
- ‘Een leeuw is eigenlijk iemand, die bang is voor niemand’ , zeg ik tegen een mevrouw die het boekje ‘Gedichten van den Schoolmeester’ koopt.




