Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!

Fryske Oersonate fan Erik de Boer nei Oerol

23 april 2026 Actueel

(tekst: ingezonden)

Fryske Oersonate fan Erik de Boer nei Oerol

Byldzjend keunstner en performer Erik de Boer, dy’t ek gemeentedichter fan Smellingerlân is, stiet dizze simmer op Oerol mei syn projekt De Fryske Oersonate. Op 16 juny is de premjêre yn it WestEnd Theater op West-Terschelling.

Erik de Boer fette foar it gearwurkingsprojekt de Gjalp it plan op om in Fryske ferzje fan de Ursonate te meitsjen. Dêrby wie syn doel om de klanken fan it orizjineel te ferbinen mei de klankrykdom fan it Frysk. Mei it winnen fan de Gjalp hat er dat stribjen no realisearje kinnen. It hat in plak yn de line-up fan Oerol opsmiten.

Yn de foarstelling kombinearret De Boer de performance mei in pastiche fan Fryske filmbylden, wêrmei’t er taal, byld en klank by elkoar komme lit yn in nije festivalproduksje. De Boer: “It is in tige bysûnder makproses. Sitst wol eefkes oan it wichtichste klankgedicht fan de wrâld te wurkjen. Dat soks it ljocht sjen sil op Oerol, makket it foar my wol ekstra bysûnder.”

De Fryske Oersonate

De Fryske Oersonate is basearre op de ferneamde Ursonate fan de Dútske dadaïst Kurt Schwitters. Dat klankgedicht út de jierren tweintich fan de foarige iuw bestiet út in rige klanken sûnder gewoane wurden, mar mei de struktuer fan in klassike sonate. Schwitters hie in bysûndere bân mei Fryslân: yn 1923 brocht er in besite oan Drachten, dêr’t er in optreden fersoarge op de ferneamde dada-jûn yn Hotel De Phoenix en wêr’t ek de bekende Dr8888-letters ûntstiene.

Dat De Fryske Oersonate op Oerol komt, is in moaie opstekker foar De Boer, én foar de Gjalp, mei in grut berrik en útstriering foar de Fryske literatuer. De Boer: “It is in erkenning foar dada dat de sjuery fan de Gjalp de urginsje en wearde yn seach yn it stypjen fan dit, foar in soad minsken dochs nuvere projekt.” De Fryske Oersonate giet op 16 juny yn premjêre op Oerol, en is dyselde jûns noch twa kear te hearren en te sjen. Ynformaasje oer tagong en tiden is te finen op oerol.nl.

Oer Erik de Boer

Erik de Boer (Drachten, 1991) is dadaïstysk wurker as byldzjend keunstner, teätermakker, komponist en dichter. Hy studearre artiestdrama oan it Friesland College, brocht twa poëzijbondels út, is gemeentedichter fan Smellingerlân en waard yn jannewaris 2026 twadde fan de 924 dielnimmers by de Poëziewedstrijd van Stad Oostende. Yn 2025 wûn er de Gjalp 2 (eigen literêre projekt mei film) mei syn Fryske Oersonate, basearre op de Ursonate fan de Dútske keunstner Kurt Schwitters.

Oer de Gjalp

De Gjalp is in gearwurkingsprojekt fan literêr tydskrift de Moanne, literêr tydskrift Ensafh en Frysk dichterskollektyf RIXT. Mei de Gjalp wolle de organisatoaren nije poadia kreëarje foar Frysk skriuwtalint en skriuwers in plak besykje te jaan op festivals dêr’t de Fryske literatuer noch net altyd fanselssprekkend oanwêzich is. De nije edysje fan de Gjalp is ein maart wer iepensteld foar ynstjoeringen fan Fryske skriuwers en dichters op it mêd fan poëzij en literêre festivalproduksjes. Ynstjoere kin oant en mei 10 maaie fia gjalp25@gmail.com. Alle ynformaasje is te finen op demoanne.nl/gjalp.

Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Theater na de Dam in Leeuwarden: Herdenking van de kleine daad

Volgende bericht

Manifestatie Driemaal Slauerhoff in tuin boekhandel Van der Velde

 

Meer berichten

  • Etiquette-experts over zomerkleding op werk: slippers zijn een absolute no-go
  • Meer dan twee derde van mkb’ers kampt met onbetaalde facturen
  • Jaap Stalenburg: Het echte examen voor PRO wordt afgenomen in Heerenveen
  • Overzichtstentoonstelling Henk Mual (1932-2015) in Museum Arnhem
  • Drink je glas leeg, zeg ik. Ik sluit de tent. Dan kan ik nog net in Harlingen de laatste boot terug naar Terschelling halen
  • PowNed de Jack Russell van Hilversum
  • Gerenoveerde 1e Kanaalsbrug dinsdag terug in Leeuwarden
  • Hoe verlies de blinde vlek werd van de politiek
  • Het fietspad van 2026 is ontworpen voor de fiets van 1990
  • Meer mensen stromen bijstand in dan uit
  • Onderzoek: Waddeneilandbewoners hebben goud in handen – merk Vlieland het meest waard
  • Aan de Amsterdamse Herengracht wordt Gert-Jan Dröge node gemist
  • Musk bijna biljonair, verdient $1 miljoen per minuut. Rijker dan 46% van wereldbevolking
  • Lara Kool nieuwe Havendichter van Leeuwarden
  • Zakelijke dienstverlening zet bijna 5 procent meer om (door hogere prijzen) in eerste kwartaal 2026
  • Aantal internationale studenten in Nederland daalt voor het eerst in twintig jaar
  • Asfalt voor de bühne, gaten in de regio
  • Oud-burgemeester Geert Dales veroordeeld tot taakstraf na ruzie met taxichauffeur
  • SP Leeuwarden bezorgd over plannen nieuwe coalitie: hogere afvalstoffenheffing en ozb, meer ruimte voor huisjesmelkers en bezuinigingen op de sociale zekerheid
  • Minder dan de helft medewerkers openbaar bestuur vindt het veilig om risico’s te nemen
  • Drie waves en meerdere bezoekende eenheden op vliegbasis
  • De therapeutische elite en uw krimpende leven
  • GB058 stelt vragen over aanhoudende overlast Harlingertrekweg
  • Partij voor de Dieren presenteert Anke Schothorst als Ombudsvrouw voor de Dieren
  • Het fietspad is 1,50 meter breed (zie Foto 1). Fietsers kunnen elkaar op dit drukke fietspad eigenlijk niet passeren. Kan het college uitleggen waarom hiervoor gekozen is?
  • Groene Michelin Ster verdwijnt – Albert Kooy: elke keuken moet biodiversiteit versterken
  • FNP: Veel is nog onduidelijk over herinrichting Nieuwestad en Ruiterskwartier
  • Banengroei Friesland valt tijdelijk stil bij hoge energieprijzen
  • Sheila Sitalsing over rellen, referenda en bange bestuurders
  • Fysiotherapeut stopt voor pensioendatum – Hoge werkdruk, administratieve lasten en onvoldoende waardering
  • Fryske Vlogger Eduard Rekker op visite bij Ursula von der Leyen
  • Vragen FNP over ligplaatsen Dokkumer Ee
  • ASML nodigt Musk uit voor besloten technologie-evenement – medewerkers dreigen met boycot
  • Afzetprijzen landbouw sterker afgenomen dan inkoopprijzen
  • Gemeente Leeuwarden zit erbij met een pak boter op het hoofd dat zo groot is dat het de Friese zon verduistert
  • Het mag niet goed gaan met de Waddenzee, anders komt de miljardenbusiness van de ecolobby in gevaar
  • Wie zijn baas (of vrienden) niet de waarheid durft te zeggen, hoort niet in de journalistiek thuis
  • Yvo Buruma: Er zit een kern van waarheid in de kritiek van populistische politici
  • Schilderijen pater Pieter Bootsma in Dominicuskerk
  • Bijna een derde tevreden over zichtbaarheid politie in de buurt – Een derde tevreden over functioneren politie
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl

Etiquette-experts over zomerkleding op werk:...

15 juni 2026
Kledingwinkel

Meer dan twee derde van mkb’ers kampt met...

15 juni 2026
PvdA campagne

Jaap Stalenburg: Het echte examen voor PRO wordt...

14 juni 2026

Cranberry tiramisu Terschelling de niet vertelde...

13 juni 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Webarchief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN