Digitale kânsen – Hat soks nut foar in skriuwer, is it te realisearjen?
(tekst: ingezonden)
Diskusjedei oer digitale kânsen foar skriuwers
It Skriuwersboun organisearret op sneon 1 novimber 2014 in diskusjedei oer Digitale kânsen foar (Fryske) skriuwers. De digitale mooglikheden om boeken te publisearjen, te lêzen en út te lienen nimme hieltyd mear ta. It program, dat nijsgjirrich is foar alle (oankommende) skriuwers, is dit jier ek tagonklik foar net-leden.
Utjouwerijen publisearje boeken on demand, de biblioteken binne in aksje begûn om it útlienen fan eboeken te promoatsjen, literêre tydskriften sette ferhalen en gedichten op harren websites, en mei in abonnemint op Elly’s Choice krije jo elke moanne 10 nije ebooks ta jo beskikking – de hiele literêre wrâld is yn beweging.
Mar wat betsjut de digitalisearring foar it skriuwen, publisearjen, en lêzen fan literatuer? Wat hâlde alle mooglikheden krekt yn, en wat binne de falkûlen? Wat smyt it op, wat kostet it? Op de diskusjedei wurde soksoarte fragen, antwurden en mooglikheden op in rychje set.
Der komme seis sprekkers; saakkundigen út de ebook-wrâld, mar ek skriuwers, útjouwers en redakteurs. Dy sprekkers hâlde har al in skoft dwaande mei de digitale kanten fan de literatuer en diele graach har ûnderfiningen en ideeën mei de dielnimmers. It program (fan it hiele Skriuwerswykein) stiet op de webside fan It Skriuwersboun.
Datum: sneon 1 novimber 2014 – fan 10:00 oant sirka 23:00 oere
Dielname: € 35 (leden fan it Skriuwersboun betelje € 25)
Ynbegrepen: kofje, tee, lunsj en waarm iten!
Plak: Hotel Gaasterland, Riis (Rijs)
Program: www.skriuwersboun.nl
Skriuwerswykein – programma sneon 1 novimber 2014
10.00 Ynrin, yn ’e kunde komme, kofje mei wat derby.
10.30 Earste sessy, mei bydragen fan:
Gert Jan de Vries – www.boenda.nl
Gert Jan de Vries is in literêre tûzenpoat en mei-eigner fan de site Boenda.nl, in online platfoarm foar earlike eboeken, dat op in transparante wize goedkeapere eboeken biedt, mei hegere ynkomsten foar de skriuwers.
Koos Tiemersma – www.froonakker.nl
Koos Tiemersma hat syn spoaren allang fertsjinne yn de Fryske literêre wrâld. In skoft lyn hat er it skriuwen fan papieren boeken farwol sein. Om dy reden ferskine der no fan syn hân allinnich e-boeken. Om yn ’e kikert te spyljen hâldt er dêrfoar in webside yn ’e loft dêr’t er in bloch op hat.
André Looijenga – www.ensafh.nl
André Looijenga is einredakteur fan de digitale ferzje fan it Frysk Literêr Tydskrift Ensafh. Hy is einferantwurdlik foar de publikaasjes dy’t ferskine en hat dêrtroch in beskate fyzje op it digitale publisearjen fan literêre teksten.
12.30 Lunch en frije tiid.
14.00 Twadde sessy, mei bydragen fan:
Ernst Bruinsma – www.demoanne.nl
Ernst Bruinsma is sawol haadredakteur fan de papieren ferzje as fan de digitale ferzje fan it algemien kultureel opinyblêd De Moanne.
Louw Dijkstra – www.wijdemeer.nl
Utjouwers sykje ek nije wegen. Sa hat Louw Dijkstra (Utjouwerij Wijdemeer) mei oare partijen in app ûntwikkele. Hat soks nut foar in skriuwer, is it te realisearjen?
Jitske Kingma – www.elikser.nl
Elikser jout al in jiermannich eboeken út. Hoe giet soks yn syn wurk, is der ek in ûntwikkeling yn te merkbiten? Wat is de ferhâlding mei it tal ferkochte eboeken ta papieren boeken?
16.00 Tiid yn te foljen nei eigen ynsicht.
18.00 Jûnsmiel – buffet mei waarm iten.
20.00 Literêr programma mei Koos Tiemersma en Gert Jan de Vries.
Koos Tiemersma skriuwt tsjintwurdich ûnder it pseudonym Froon Akker, en allinnich mar eboeken. It earste eboek fan Froon Akker wie Einum, en koartlyn ferskynde In aap klimt út’e beam, de Fryske oersetting fan it eboek Hoe blond je aap. Ek âlder wurk fan Koos Tiemersma bringt er as Froon Akker op’e nij út as eboek.
Gert Jan de Vries hat as skriuwer meardere kanten. Hy skriuwt non-fiksje, (poëzij)oersettings, wittenskiplik wurk, romans ûnder pseudonym, en boeken as ghost-writer. Ek wurke er mei oan De Canon van de Europese Poëzie mei 500 gedichten, wêrfan 4 fan Fryske komôf. Op dit stuit wurket er oan syn earste roman ûnder syn eigen namme. (fanôf sirka 22.00 neisit mei ynformeel petear)
Meer berichten
- Ruim 2 op de 5 Nederlanders heeft weleens ruzie met de buren
- Hoe vrij zijn de media? Ad Verbrugge in gesprek met Sander Compagner
- Weer een toekomstscenario. Weer een grote bijeenkomst. Weer een boekje
- Sinne viert 70 jaar kinderopvang met gratis festival voor 2.000 kinderen en ouders
- Vier avonden klassieke muziek met Rudolf Nammensma
- Meerdere kilo’s cannabis aangetroffen tijdens coffeeshopcontroles
- Burendag? Maak afspraken met je buren over noodsituaties
- Het Europese ledenreferendum illustreert Pro’s brakke partijdemocratie
- Henry de Boer had taart met slagroom verwacht. Hij kreeg een bezuiniging van 5 miljoen euro
- PFAS-vervuiling vraagt om een andere kijk op duurzame producten
- Mensen met sociale uitkering vaakst sterk eenzaam
- Bent u net als Faye Weldon ook al heel veel mannen vergeten, vraag ik
- Sociale troonrede 2026: sociaal werk is hard nodig
- Nederlanders zien vooral andere fietsers als risico: 93% denkt zelf veiliger te fietsen
- Arbeidsmarkt Friesland krapper door seizoenseffect
- Kwart 15-jarigen heeft gescheiden ouders, laatste tien jaar niet veranderd
- Binnenkort minder beveiliging bij opvanglocaties – FNP en GB058 stellen vragen
- Nieuw Leeuwarder college gooit voorstel om meer transparantie in de prullenmand
- Eigen Huis: Tweede Kamer: stel grens aan stijging energierekening
- Tekort sociaal advocaten zet rechtsbescherming onder druk
- Alleen al voor onze yogajuf zou je je moeten aanmelden bij sociëteit De Remise
- Luister dit jaar anders naar de Troonrede
- Meer thuiszorg vraagt om woningen en buurten die hierop aansluiten
- Treinbotsing op komst – Voorbeschouwing Prinsjesdag 2026
- Mythevorming en vergankelijkheid: BKB heeft wel wat weg van de PvdA
- Klein coronanieuws en andere zaken – Bakker uw Slager nu definitief voorbij – slager Haye Glas overleden – café De Spoek stopt – Weer afvalpuinhoop op Ruiterskwartier – Sjonnie fleurt Sint Anthonygasthuis op
- Festivals draaien steeds vaker om meer dan muziek: meer drugs
- Ruim 125.000 auto’s rijden al meer dan een jaar met een airbag die kan ontploffen
- Verborgen AI-schuldenberg vergroot risico voor Nederlands pensioengeld
- BNR: sigaar uit eigen doos – 5 nieuwe locaties voor versnelde bouw 30.000 huizen – Leeuwarden Middelsee-Spoordok (circa 6.000)
- Grote controle maaltijdbezorgers in Leeuwarden
- FNP: we willen graag betere antwoorden over ROL Troelstraweg
- Ruim 1 op de 5 Nederlanders sloot nieuwe lening af om bestaande schuld te verbergen
- Eigen Huis: Onbetrouwbare overheid grote zorg huiseigenaren; ook vrees voor hoge energierekening
- In augustus 9 procent meer faillissementen dan een jaar eerder, vooral in horeca
- Herstelwerkzaamheden Stationsweg later uitgevoerd
- NVM: Wonen in een dorp niet automatisch goedkoper dan in de stad
- 6 op 10 jongeren hebben vertrouwen in politiek – Toename politieke belangstelling jongeren
- 42 procent van de zzp’ers heeft minder dan drie maanden zicht op werk of omzet
- Oplossingen, ook financieel, voor PFAS-vervuiling bij vliegbasis Leeuwarden blijven mistig




