Camping De Bongerd – lêste hofkecamping – hâld op te bestean
| maandag, 29 september 2014 19:02 |
Jirnsum – It kampeerseizoen stie op it punt te begjinnen, doe’t ôfrûne april de sûnens roet yn it iten smiet. De klachten wienen sa slim, dat it ferstannich wie om nei 27 jier de kamping te sluten; in ferjitten stikje moai Jirnsum oan’e Rykswei..Doe’t ik ôfrûne april hearde dat de ophâlde soe te bestean, woe ik der al in stikje oer skriuwe. It is der net fan kaam. Oan’t no ta. Hja binne beide wer sûn, fertelden se mij. De maitiid foarbij, de simmer foarbij en de hjerst dy komt: it wurdt tiid om yn’e kunde te kommen en foar in útwreide petear oer appels, parren en kampinggasten. De Bongerd is een mini camping mei 15 plakken. Neffens de SVR (Stichting Vrije Recreatie) is dit it maximale tastiene oantal te ferhieren plakken op in eigen stik grûn. Dit eigen stik grûn leit rjocht efter de wente fan de familie Damstra. Mannichien fan jim sille sizze:”Ja, dat witte we wol”. Ik wist dat ek wol, mar ik wie der noch nea west.. Ferskate kearen bin ik der wol lâns draaft en ik koe faak wol sjen dat it der wol drok wie, mar in goed byld hie ik der net fan. Op in hjerstige tiisdei te jûn wurd ik wolkom neamd en beslute we fourtendaliks te kamping oer te strunen foar in pear foto’s; it wie noch ljocht. Yt fertelt my oer de waskhokken, de hinnen, de beammen en de guozzen. We rinne fan foar nei efter en alle plaknammen wurde opneamd. Allegearre mei elektriciteit en in lampe. Wer ik earst tocht dat it yn’e hjerst wat treasteleas wêze soe, falt it my alles mei. De beammen hingje fol fruit en it gers is moai koart. De fallen appels en parren lizze kreas oanharke ûnder de beam. Soarchfâldich doch ik myn bêst om in moaie foto te meitsjen fan it gehiel, mar de iene appelbeam makket it plaatsje noch moaier dan de oare. We dogge in lytse stap troch in hek en in grutte stap nei in oar part fan’e wrâld. Ik rûk cider en rotte appels. De sinne makket him klear om fuort te sakjen yn it lân en de bijen zoeme ús om’e holle. Dit is Frankryk yn Jirnsum! By de koffie komt nei foaren dat de sûnens net de iennige reden is fan it sluten fan de camping. It ûnderhald waard ek te dreech. As earste fansels de meanerij, derbij oan it ein fan it seizoen de plukkerij. “Foarhinne lei der net in appel mear op’e grûn”, seit Nico,”alles waard plukt”. It measte waard ferkocht, fuortjûn as sels opiten. Der hat sels in skofke in winkeltsje yn Ljouwert west dy’t de biologische appels fan de Bongerd yn’e hannel hie. Doe’t de priis trije kear oer de kop gie, binne se der mei stoppe. Dat fûnen se fierstente gek. En dan noch it snoeien fan de beammen. Al sa’n grut karwei. De measte beammen binne fan 1915 en wurde fansels ek heger en âlder. Der komt bij dat it snoeien fan fruitbeammen tige wichtich is foar de fruitopbringst. In sekeur wurkje. Allinnich hast net te dwaan en útbestede is fierstente djoer. Derom waarden noch wol ris túnbou studinten optrommele foar de hege snoeiwurksumheden. Yt sierde in panne mei snert en dan waard it ek noch in geselliche dei mei in protte takkeboel oer de camping, dat dan wol. Dat wie dan ek wer in protte wurk om op te romjen..
Dit is no 27 jier lyn. Sân-en-tweintich jier lang hawwe Nico en Yt neist harren ‘gewoane’ wurk yn de gehandicaptensoarch (Nico) en it basisûnderwiis (Yt) oare, meastentiids frjemde, minsken it nei de sin makke op harren fakânsje. Altyd moast der ien fan beide thús wêze om de saak te regeljen en nea koenen se sels fier fuort mei fakânsje.
De hjerst is no echt begûn. Sa ek de nije ynfulling fan Yt en Nico harren frije tiid. As ik yn’e doar nei de gong stean betankje ik Nico foar it petear en wylst Yt de foardoar iepen docht sis ik nochris dat ik it tige spitich fyn dat de camping der net mear is. “It is net oars”, seit Nico. Hy hat him der al by dellein, tink ik. Yt is leau ik noch net sa fier as Nico. “It moat syn tiid ha”, hat se misskien wol sein doe’t de doar ticht wie. It is wol in paradyske, hear..! Siep Hijlkema
|

Meer berichten
- Zonet had ik ook al een moeder die een boek voor haar dochter kocht. Lezen moeders zelf niet meer?
- Mooie woorden Jelmer, maar goed bestuur begint bij een volle maag voor ieder kind en een veilige straat voor iedereen
- Bijna kwart bedrijven heeft investeringen uitgesteld of geschrapt – Tekort aan arbeidskrachten blijft belangrijkste belemmering
- Vertrouwen woningmarkt daalt voor zevende maand op rij
- Recordaantal prijsverlagingen: 1 op de 6 woningen gaat in prijs omlaag
- Essay: De journalist moet een ster worden, want dat verkoopt kranten
- Klein coronanieuws en andere zaken – Muurschildering poelier De Jong verdwenen – Kerstmarkten bij de kringloop – tien nieuwe kamers bij Fire Café – Leonidas dicht
- Oude vuilstort op Terschelling wordt heuvel voor landschapskunst en theater
- 50PLUS Friesland kiest Herman Nota uit Parrega als lijsttrekker Provinciale Staten
- Nationale ombudsman: overheid liet boeren jarenlang in onzekerheid
- Een jaloerse Liwwadder in doordeweeks Deventer
- Restaurant The Meat Room aan het Ruiterskwartier failliet verklaard
- Politiek café: kunnen raadsleden en gewone Leeuwarders zaken wezenlijk beïnvloeden?
- Vishandelaar Bert van Dijk overleden – Vis ging van Lauwersoog naar Parijs en weer terug
- Opinie: de ‘regiobait’ van het AD is niet te harden
- Geld weer minder waard – Inflatie in oktober 3,7 procent bij snelle raming
- Opnieuw subsidie voor plannen voor vervoer in Friesland
- Wie heeft de regie over ons openbaar vervoer nog in handen?
- ‘Dat kan ik niet betalen’: 4 op de 10 jongvolwassenen vinden dat lastig om toe te geven
- Weer minder particuliere verhuur in 2025
- Klacht tegen gedeputeerde De Vries over dossier biovergisters SONAC Burgum
- Laatste jaar betalingsregeling coronaschulden ingegaan – Nog 1,9 miljard euro aan coronabelastingschuld bij 73.000 ondernemers
- Sl!M- vragen over toenemende overlast, vandalisme en intimidatie door jongeren Zuiderburen
- Detailhandel zet 2,7 procent meer om in september
- Meeste mannen hebben respect voor mannen die iets zeggen van seksueel grensoverschrijdende opmerkingen of grappen
- Bij de nieuwe Groningse start-up Tunhûs kun je je eigen houten tuinhuis samenstellen
- Leeuwarden heeft een grens voor Airbnb, maar geen registratienummer
- Is elke journalist een activist? Met Giselle van Cann, Eric Smit, Natasja Gibbs, Fréderike Geerdink
- Fietsveiligheid in de stad: wat leren we van een jaar onderzoek?
- Nieuw jongerenkanaal DRUK brengt betrouwbaar nieuws naar tijdlijn van jongeren
- 13 procent minder asielaanvragen in derde kwartaal dan een jaar eerder
- Er zijn een paar dingen waar ik depressief van word, denk ik als ik de winkeldeur op slot draai; buitensporig jong geluk en dit kloterige herfstweer
- UPDATE De zeehonden kunnen zwemmen. De bestuurders verzuipen
- Kim van Keken: ‘Het zijn dit soort moedige pioniers die de journalistiek bruisend houden’
- ‘Wie polarisatie wil begrijpen, moet voorbij de standpunten kijken’
- Moeten universiteiten zich uitspreken over het klimaat? En over Gaza?
- Meest kritieke materialen komen vooral uit China
- Friese en Groninger media geven en ontvangen, is dat niet mooi?
- Veel bezorgproblemen pakketten – bewoners zoeken oplossingen voor feestmaanden
- Inventaris van Royal De Vries uit Sneek onder de hamer



