Eelke Lok: journalistiek Liwwadders deugt niet

© Eelke lok
(tekst: column Eelke Lok op Omrop Fryslân)
30 miljoen. Kin jim jim wat by sa’n bedrach foarstelle. In lannelik referendum oer de sleepwet kostet 30 miljoen. Dêrom wol Buma it referendum wer ôfskaffe, al fynt hy himsels ek noch al wat yntelligenter as it hiele Nederlânske folk. 30 miljoen. At je in steatslot keapje foar de aldejierstrekking yn desimber ha je in hiele lytse kâns om 30 miljoen te winnen. At je dat slagget is it ûnfoarstelber.
De gemeente Ljouwert ferlear yn 2017 30 miljoen. We kin ús dus net iens foarstelle wat soks betsjut. Simpelwei seinen se eartiids yn de wâlden dat soks in knoarre jild wie. It frjemde is dat je wolris tinke “alles kin dêr yn Ljouwert ek mar”. Oan de oare kant is der ek it gefoel dat it elk jier noch wer better mei Ljouwert giet. It sintrum begjint der echt moai út te sjen. En ik hear fierder ek allegear lju dy’t hjir lekker wenje. Der komme noch hieltyd mear lju út de krimpdoarpen weiklauwen. Je fiele ek dat der in wikselwurking is tusken wat de stêd fertsjinnet en útjout. Mar at je dan sjogge hoe lang at se skytskoarje tsjin in nij fuotbalstadion foar Cambuur. En dêr betellet de gemeente mar 4,5 miljoen foar. Wethâlder Andries Ekhart stiet lannelik op nûmer ien at it giet om syn sosiale sake-belied, tagelyk flústerje dan wer oare sifers dat it jild dêrfoar de koer útklotst. Der is wol hiel kloaterich omgien mei de ynspraak oer it Europaplein en dat hat ta gefolgen hân dat it folle mear jild koste hat as it plan wie en at neffens de minsken nedig west hie. En hat Ljouwert al net fierstentefolle jild útjûn om it jaske fan kulturele haadstêd-eigner te passen en te plak te naaien. Sit dêr dy 30 miljoen al yn. En wa betellet dy ferbouing fan de Blokhúspoarte. En….
Wat in súterich ferhaaltsje! Ik wit hielendal net hoe’t it sit. Oannames. De wize fan de hjoeddeiske sjoernalistiek, harkje inkeld nei de minpuntsjes. It is benammen de sjoernalistiek fan Liwwadders, krante en site. Dat skriuwt de meast ferneatigjende ferhalen oer Ljouwert, want a) dat ferkeapet better as echt nijs en b) sa sit haadredakteur Andries Veldman no ien kear yn elkoar. At je dat witte is it net slim, mar in hiel soad minsken komme net fierder as “dat ha we dochs lêzen”. Liwwadders seamt tagelyk ek de riedsleden ôf, want dy passe net goed genôch op; ek de opposysje net. Mar se sizze oan de ein fan it ferhaal “jim kin de 22ste in bettere ried en kolleezje kieze”. Dêrmei sprekke se harsels wer tsjin, want dy doogden in alinea earder allegear net.
Mar goed, dy stimmerij op de 22ste dêr soene de ynwenners fan Ljouwert en omkriten, oant Stiens en Jorwerd ta, lju kieze kinne dy’t net mear 30 miljoen weibargje yn in jier. Hoewol? Net ien doart te sizzen dat se der takom jier wer 30 miljoen bylizze. De kandidaten jeuzelje inkeld “dat de wrâld o sa moai is, en dat Ljouwert dêr in perfekt plak yn hat. Haadstêd fan Europa en Fryslân, wat wol je noch mear. En, kiezer, lit ús der dan fierder mar mei rêdde. Dan komt it wol goed. Harkje mar, de fjoerige ballen fan Lutz Jacobi klingelje al krystferskes”.
Wat ik sizze woe dat de kampagne nearne oer giet. Se hingje wat om, en meitsje selfies. Mar ien tsjinlûd heard. Van Jan van Olffen. Tritich jier foar de PvdA yn de ried, no Verenigd Links, omdat se him te âld fûnen. Hy sei dat at Lutz Jacobi, listlûker fan de PvdA, fynt dat de amtners yn Ljouwert te folle macht ha, want dy ha fansels dy 30 miljoen weibarge, dat se dêrmei har eigen PvdA-wethâlders in traap ûnder de kont jout. Se moat sels mar wethâlder wurde at se it feroarje wol, sei Jan, mar dat hat se noch net sein. Doe’t ik it lies ha’k efkes skriemd. Dy âlde yngreven PvdA-man Van Olffen hat fansels freeslik langstme nei dy gesellige polityke PvdA-jûnen yn de Ljouwerter Bres. Dêr kin hy net mear hinne en dan wurdt je wol wat krigel. En sa giet al lang net mear oer Ljouwert, mar oer minsken.
Mar ach, dy 30 miljoen bin dochs al fuort.
Meer berichten
- Rixt van der Meulen en Harm Smid van GB058: Ik zie nooit een raadslid in de Doelesteeg
- Er is minder afval in Leeuwarden, maar zo lijkt het niet
- Bauke Beert Keizer (FNP): minder regels en meer genieten
- PvdD: “Laat mensen hun eigen (slechte) keuzes maken”
- Abel Reitsma: Het CDA staat voor een redelijke en genuanceerde politiek – ‘Papa, waarom ga je weer weg?’
- Inwoners Wergea: gemeente is bang voor woningcorporatie – Directeur Amaryllis moet zijn gezicht hier eens laten zien
- Politiek Café Leeuwarden met Cees de Snoo (CU), Jan-Willem Tuininga (FNP), Johannes Beers (PvdD), Thomas Hooft (D66) en Wieke Goudzwaard (CDA)
- GB058: Het beleid voor senioren is ondergesneeuwd en staat bol van de goede bedoelingen met plannen die niet of onvoldoende worden uitgevoerd
- Aldi op plaats Skilhiem in Stiens? – Waarom weten wij dat niet: hotel in Belastingkantoor? – Bloembak dicteert inrichting Ruiterskwartier?
- GB058: De basisbanen schaffen we af. In plaats daarvan richten we wijkbedrijven op
- Lokale bluf en groene daden: De Partij voor de Dieren in Neushoorn
- Pointer: Woningnood in Leeuwarden hoog en winkelleegstand hoog
- Johannes Beers: GroenLinks zit nu dertig jaar in het college en ik zie het verschil niet
- Julie Bruijnincx (D66): Van een college met GroenLinks had ik veel meer verwacht
- Meer bouwen, maar voor wie? (2)
- Wesley de Haan: Mede dankzij de FNP is het eindelijk gelukt dat It Skiphûs vernieuwd wordt
- GroenLinks/PvdA Leeuwarden wil geen vervuilende reclame zoals gokken, vliegen en fossiele industrieën
- Politiek Café Leeuwarden met Sikko Klaver (GBL), Kevin Oudhuis (FvD) en Marcel Visser (VVD)
- FNP-standpunt Hounspolder is ononderhandelbaar – Wy bûge net. No net, nea net!
- Peter de Haan (PvdA) maakt van Dorpskerk PvdA/GroenLinks-podium
- Wethouder Reitsma (CDA) trekt kritiek op Omrop in: Ik had zorgvuldiger taal moeten kiezen
- Nog een scholenfusie: Voorgenomen bestuurlijke fusie in noord Friesland
- Stichting Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij stelt gemeente Leeuwarden aansprakelijk
- Wethouder Hein de Haan plaatst successen op platform Linkedin
- Wethouder Abel Reitsma boos op Omrop Fryslân – Omrop wil rekening vereffenen? Wethouder: Bah, Omrop is veel te kritisch
- PvdA-raadslid Afrah Abdullah: Niemand praat met mij – Ik maak me zorgen over wat de splitsing in de partij teweeg gaat brengen
- Wat is er van het Leeuwarder coalitieakkoord terechtgekomen?
- Femke Molenaar: hoe kun je je verweren tegen gemene frames die anderen over je heen leggen?
- Politiek Café Leeuwarden met Julie Bruijnincx, Lydia van Santen en Otto van der Galiën
- Gemeentebelangen Leeuwarden en Lijst058 bundelen krachten tot één lokale partij: GB058
- Wat is er toch mis met de PvdA die vijf zetels verloor en in Leeuwarden al jarenlang op een glijdende schaal naar beneden zit?
- Heeft het college een beeld in hoeverre er voor de gemeente Leeuwarden zorggeld vloeit naar criminelen en fraudeurs binnen de jeugdzorg en WMO?
- FNP: Waarom is college zo stil over cyberaanval bij Omrin?
- Leeuwarden: D66 grootste – GroenLinks/PvdA op 2 – PVV op 3
- Politiek Café Leeuwarden: Meer bouwen, maar voor wie?
- FNP: Investeer 5% NAVO-norm in bruggen in Friesland
- Waarom staat het Belastingkantoor nog altijd leeg?
- Politiek Café Leeuwarden met Sjoerd Wijnsma, Wim Spoelman, Tsjeard Hofstra en Massimo Etalle
- Tijd voor een Nieuwe Democratie – Het is tijd om onze democratie niet alleen te verdedigen, maar eindelijk te heruitvinden
- Waarom de vliegbasis (defensie) wel waarschuwen en de omwonenden van de Troelstraweg niet bij de vondst van asbest?







