Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!

Omke Wanja fan Tryater yn Goutum, Marsum en Ljouwert

22 oktober 2012 Cultuur

(tekst: persbericht)

Omke Wanja fan Tryater: in toanieljûn fol sfear en drama Binnenkoart yn Goutum, Marsum en Ljouwert

Op tiisdei 13 novimber spilet de reisfoarstelling Omke Wanja fan Tryater yn Ien en Mien yn Goutum. Foar kaarten, sjoch op www.tryater.nl of belje mei 058-2802088 of 058-2885529. Woansdei 14 novimber spilet de foarstelling yn Nij Franjum yn Marsum. Kaarten binne te reservearjen fia www.tryater.nl of fia 058-2541724. De oanfang fan dizze twa foarstellingen is 20:00 oere. Op freed 16 novimber wurdt de foarstelling yn De Harmonie yn Ljouwert spile. By dizze foarstelling is Nederlânske boppetiteling realiseare, en begint om 20:30 oere (kaarten: www.harmonie.nl of 058-2330233).

Omke Wanja is in bysûnder ryk stik dat Tryater om reden fan de moaie tematyk útsocht hat. Tematyk dy’t werkenber is foar elkenien, benammen om’ t it giet oer echte minsken, mei wiere emoasjes, mar ek mei humor en relativearring. Omke Wanja is famyljestik dat hannelt oer lokkich wêze en sin oan it libben jaan. Hoe kinne mislukke of der júst yn slagje om  wat goeds te dwaan mei dyn libben. Ira Judkovskaja makke de foarstelling út it hert: waarm en mankelyk, oer minsken dy’t hiel ticht by ús steane.

Artistyk lieder en regisseur Ira Judkovskaja hat Omke Wanja bewurke. Tidens de repetysjes hie sy – neist de Fryske oersetting fan Romke Toering – ek de oarspronklike Russyske ferzje derby. Sa kaam sy sa ticht mooglik by it wêzen fan de personaazjes, sa’t Tsjechov it bedoeld hat.

It toanielbyld fersterket de yntime, broeierige sfear fan de famylje op it plattelân. Roos van Geffen hat in yngenieus dekor ûntworpen, dêr’t it achterdoek mei in dûbelsidige fotoprint yntegrearre is op it (draai)toaniel en de tún en it  hús fan de famylje ‘m  troch in draaisysteem stadichoan sjen lit oan it publyk. De kostúms fan Linda Eijssen ûntbleatsje de karakters fan de personaazjes.

De famylje fan Wanja wennet yn in moai âld hûs op it plattelân en libbet in geregeld bestean. Se binne net ryk, mar se ha it goed. It ferhaal begjint as in famyljelid út de stêd nei in skoft wer weromkomt, mei in hiel moaie jonge frou. Elkenien libbet op. Se laitsje, ite, drinke, gûle, meitsje rúzje en brâne fan langstme. Troch de komst fan dizze stedske frou rekket alles yn ûnstjoer; se wolle mear, se wolle oars, se sykje passy. Mar it libben op it plattelân wie dochs altyd goed?

Tryater spilet it stik oant en mei 22 desimber op tal fan plakken yn Fryslân.

Omke Wanja is skreaun troch Anton Tsjechnov en oerset troch Romke Toering. Ira Judkovskaja hat de regy in hannen.  Inès Sauer de dramaturgy. Spilers binne Eelco Venema as omke Wanja, Arnold Dijkstra as dokter Astrov, Jan Arendz as de professor, Nynke Heeg as syn frou Helena, Marijke Geertsma as de mem fan Wanja, Aly Bruinsma as de húshâldster en Marit de Weerd as Sonja, it nichtje fan Wanja, de dochter fan de professor. Dekôrûntwerp Roos van Geffen, kostúmûntwerp Linda Eijssen.

cultuur Liwwadders uit zakelijk

Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Madera presenteert EP in de Harmonie

Volgende bericht

Buspop terug in Podium Asteriks

 

Meer berichten

  • Na zijn zeiltocht leefde hij met vier vrouwen: Marie-Therèse, Francoise, Iléana en Véronique. Toen dacht ik, ik word ook zeezeiler (let op: Ode an Udo Kier)
  • Friese versie van Tussen Kitsch en Kunst in het WestCord WTC Hotel
  • Er zit geen greintje humor bij deze politici. Allemaal willen ze het land redden
  • Heb je ook nog belang bij een goedkope buggy, vraag ik als hij afrekent. Maar nee
  • Ik verkoop alleen maar mooie boeken vandaag denk ik blij. Hier had eigenlijk wel een gevulde koek bij gepast
  • Expositie Iraanse kunstenares bij Poespas belicht veiligheid van vrouwen
  • De Jonge Honden belicht in Jeugdstorm het lot van ‘kinderen van foute ouders’
  • Wijkbewoners Huizum-west maken film met Wilde Wijk
  • Gouden Griffel voor De wonderverteller van Lida Dijkstra
  • Popstichting De Ooievaar op website Historisch Centrum Leeuwarden
  • 50.000e bezoeker voor Natuurmuseum
  • Wim van der Veer – Van Hulsen zei: hang us wat spul op, juh!
  • Nasjonaal Boekewikegeskink De krater ek yn it Frysk
  • ‘Tsjerkepaad’ en de expositie van Ernesto Lemke in de Dorpskerk Huizum
  • Concert Musica Amphion – zondag 30 april 2023
  • Nederlandstalig Popkoor Bilgaard
  • Peter Karstkarel: Het Fries Museum volg ik niet zo. Het is weinig opwindend
  • Het imago van Leeuwarden lijkt niemand iets te kunnen schelen, anders hadden we allang een beter imago gehad
  • Duo Khojayan/Poortinga – ‘Impressionisme in de Muziek’
  • Concert Holland Baroque – Grote of Jacobijner Kerk Leeuwarden
  • ZONDAG 2 JANUARI – Nieuwjaarswinterwandeling
  • kerstconcert Apollo Ensemble – 30 december 2021 – Doopsgezinde Kerk Leeuwarden
  • Kunstacademie Vredeman de Vries laat weer even van zich horen
  • Ben je op zoek naar een koor?
  • Zaterdag 30 oktober – Nacht van de Nacht in en rond HCL
  • Lezing over modezaak P.S. Bakker – Je mag wel bang zijn, maar niet laf!
  • Verzamelaar, handelaar en fotograaf Rob van Beuningen overleden
  • Meindert Schroor over Leeuwarden in de 16e eeuw
  • Museumbezoek in 2020 met 60 procent gedaald. Noodsteun blijft nodig
  • Op de fiets met Bertus Mulder en Evert Kramer
  • Drie ton extra voor programmering Friese culturele activiteiten
  • RAMEAU CONCERT IN LEEUWARDEN – Betoverende barokmuziek!
  • Zeven fotografen exposeren in de Oranjewijk
  • Verruimde openingstijden Westfries Museum
  • Apollo Ensemble met De smaak van Diaghilev in De Harmonie
  • Bearn Bilker vertelt over het leven van Prinses Maria Louise van Hessen-Kassel
  • Advies: Weerbare cultuursector essentieel voor herstel
  • Leeuwarden trapt door op 3 juni
  • Economisch belang van recreatie in de natuur neemt toe
  • Rijkdom It Fryske Boerehiem
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl
Leeuwarden

Hoge Raad: Geen parkeergeld betalen? Dan draai je...

23 januari 2026
burootje veraf

Zouden die nog bestaan, vraag ik een man die het...

23 januari 2026

Linzen en worstjes

23 januari 2026

Dat vrouwen uit de architectuur verdwijnen is niet...

22 januari 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Service

  • Liwwadders TV
  • Foto-archief
  • Dossiers
  • Regiolinks

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden.
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN