Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!

Eeltsje Hettinga: Allinnich kin ik folle hurder

18 oktober 2012 Cultuur

(tekst: persbericht)

Utrikking poëzybondel Eeltsje Hettinga kulturele kuiertocht Blauhûs, Grieonterp, Parregea.   Sneon 27 oktober, middeis 16.00 oere, krije de dichter-essayist Martin Reints[1] en de dichter-skriuwer Elmar Kuiper[2] yn de Johannes de Dopertsjerke yn Parregea de twa earste eksimplaren oerhandige fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga, útjûn troch de Gerben Rypma-stifting.

De manifestaasje fynt plak tidens in troch de stifting organisearre kulturele kuiertocht dy’t fan Blauhûs út wei, oer Greonterp, Hieslum, Arkum nei Parregea rint en wer werom.

Underweis fertelle Tjitte en Sytse Bouwhuis in tal folksferhalen, sa’t se dy trochdien krigen hawwe fan har heit Jan Bouwhuis, ien fan de wichtige boarnen fan de skriuwer en samler fan Fryske folksferhalen, Ype Poortinga.

Nei de weromreis oer Hieslum en Greonterp is der in noflike neisit yn kafee ‘De Freonskip’ yn Blauhús, it kafee dêr’t oait Gerard Reve op in middei foar tûzen Euro oan drank bestelde by kastlein Teake Witteveen.

‘Allinnich kin ik folle hurder’

Eeltsje Hettinga skreau foar de Gerben Rypma stifting de súksesfolle biografy Gerben Rypma – de keunstner fan it dûbele krús. Syn debút, de dichtbondel Akten fan Winter (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Dêrnjonken krige er foar syn poëzy tal fan kearen de Rely Jorritsmapriis.

Hettinga hie gjin nocht om oardel jier of langer te wachtsjen op de útjefte fan syn nije bondel, wachttiden dy’t sa linkenlytsen wizânsje wurden binne yn de Fryske útjouwerijwrâld. Likemin hie de dichter nocht om de útjefte sels te bestuiverjen, in ferskynsel dat binnen de Fryske skriuwerswrâld – o gotspe, o mislediging – wat langer wat mear it gefal is.

‘Op dat soarte fan ûntmoedigingen, om mar net te sizzen snútslaggen, dêr’t it wrakke provinsjale literatuer- en kultuerbelied foar in net lyts part oan mandélich is, sit ik net te wachtsjen,’ seit de eigensinnige Hettinga. “Trinus Riemersma silger sei it al: Allinnich kin ik folle hurder.” En dat jildt yn dizzen dan benammen foar de Gerben Rypma stifting.’

De stifting, lyts en linich yn har ûndernimmen, naam de útjefte fan IKADER foar rekken, soarge foar in folslein dekkende finansiering fan dizze mânske bondel – 88 siden – en hie de hiele put wurk in no time foar inoar. Apart foar dizze nije poëzybondel fan Eeltsje Hettinga makke skilder Sjoerd de Vries it byldwurk (omslach-yllustraasje), wylst foarmjouwer Gert Jan Slagter it gehiel in singelier moaie uterlik joech.

Utnoeging / Dielname

De literêr-kulturele kuiertocht Blauhûs-Greonterp-Parregea op sneon 27 oktober begjint om 13.00 by kafee De Freonskip yn Blauhús. Kosten €. 6,00 p.p. Goed fuortark meinimme.

It bywenjen fan de presintaasje yn de oarspronklik roomske Johannes Dopertsjerke fan Parregea is fergees en begjint om 16.00 oere

Graach namme en tal persoanen trochjaan:

– Skriftelik: V.d. Looswei 28 8615 LX Blauhûs – E Post: gerbenrypma@home.nl – Telefoanysk: 0515 579476 / 542352 (om-ende-by 18.00 oere)

cultuur

Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Franciscaanse bezinningsmiddag in Leeuwarden

Volgende bericht

Stadsschouwburg De Harmonie introduceert Sirene Sale

 

Meer berichten

  • Na zijn zeiltocht leefde hij met vier vrouwen: Marie-Therèse, Francoise, Iléana en Véronique. Toen dacht ik, ik word ook zeezeiler (let op: Ode an Udo Kier)
  • Friese versie van Tussen Kitsch en Kunst in het WestCord WTC Hotel
  • Er zit geen greintje humor bij deze politici. Allemaal willen ze het land redden
  • Heb je ook nog belang bij een goedkope buggy, vraag ik als hij afrekent. Maar nee
  • Ik verkoop alleen maar mooie boeken vandaag denk ik blij. Hier had eigenlijk wel een gevulde koek bij gepast
  • Expositie Iraanse kunstenares bij Poespas belicht veiligheid van vrouwen
  • De Jonge Honden belicht in Jeugdstorm het lot van ‘kinderen van foute ouders’
  • Wijkbewoners Huizum-west maken film met Wilde Wijk
  • Gouden Griffel voor De wonderverteller van Lida Dijkstra
  • Popstichting De Ooievaar op website Historisch Centrum Leeuwarden
  • 50.000e bezoeker voor Natuurmuseum
  • Wim van der Veer – Van Hulsen zei: hang us wat spul op, juh!
  • Nasjonaal Boekewikegeskink De krater ek yn it Frysk
  • ‘Tsjerkepaad’ en de expositie van Ernesto Lemke in de Dorpskerk Huizum
  • Concert Musica Amphion – zondag 30 april 2023
  • Nederlandstalig Popkoor Bilgaard
  • Peter Karstkarel: Het Fries Museum volg ik niet zo. Het is weinig opwindend
  • Het imago van Leeuwarden lijkt niemand iets te kunnen schelen, anders hadden we allang een beter imago gehad
  • Duo Khojayan/Poortinga – ‘Impressionisme in de Muziek’
  • Concert Holland Baroque – Grote of Jacobijner Kerk Leeuwarden
  • ZONDAG 2 JANUARI – Nieuwjaarswinterwandeling
  • kerstconcert Apollo Ensemble – 30 december 2021 – Doopsgezinde Kerk Leeuwarden
  • Kunstacademie Vredeman de Vries laat weer even van zich horen
  • Ben je op zoek naar een koor?
  • Zaterdag 30 oktober – Nacht van de Nacht in en rond HCL
  • Lezing over modezaak P.S. Bakker – Je mag wel bang zijn, maar niet laf!
  • Verzamelaar, handelaar en fotograaf Rob van Beuningen overleden
  • Meindert Schroor over Leeuwarden in de 16e eeuw
  • Museumbezoek in 2020 met 60 procent gedaald. Noodsteun blijft nodig
  • Op de fiets met Bertus Mulder en Evert Kramer
  • Drie ton extra voor programmering Friese culturele activiteiten
  • RAMEAU CONCERT IN LEEUWARDEN – Betoverende barokmuziek!
  • Zeven fotografen exposeren in de Oranjewijk
  • Verruimde openingstijden Westfries Museum
  • Apollo Ensemble met De smaak van Diaghilev in De Harmonie
  • Bearn Bilker vertelt over het leven van Prinses Maria Louise van Hessen-Kassel
  • Advies: Weerbare cultuursector essentieel voor herstel
  • Leeuwarden trapt door op 3 juni
  • Economisch belang van recreatie in de natuur neemt toe
  • Rijkdom It Fryske Boerehiem
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl

Linzen en worstjes

23 januari 2026

Dat vrouwen uit de architectuur verdwijnen is niet...

22 januari 2026

Het was weer een dolle boel tijdens de...

22 januari 2026

Burgemeester Buma, hoe zit het met ondermijning...

22 januari 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Service

  • Liwwadders TV
  • Foto-archief
  • Dossiers
  • Regiolinks

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden.
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN