Liwwadders
  • Cultuur
  • Politiek
  • Economie
  • Ondernemen
  • Doneer!
  • Abonneren

Johannes Kramer: het stroom is op – bedrijven verlaten Dokkum

11 januari 2024 Actueel
Landschap

Foto: Liwwadders

(tekst: ingezonden)

Nijjierstaspraak boargemaster J. Kramer 10 jannewaris 2024

Bêste minsken,

Ut namme fan it gemeentebestjoer fan de gemeente Noardeast-Fryslân winskje ik jim en jim neisten in lokkich, sûn en boppe-al ferbiningsfol 2024 ta.

Ik bin der wiis mei en grutsk op dat wy dizze nijjiersgearsit, dizze nijjiersresepsje tegearre mei de ûndernimmersferienings fan ús gemeente organisearje kinne. Wy dogge dat om’t wy, as jo no ûndernimmer, ynwenner, amtner of bestjoerder binne, mei inoar de skouders der ûnder sette wolle om dizze regio, dizze mienskip fan minsken foarút te helpen. Dizze regio, dêr’t it goed wenjen en wurkjen is, sintraal tusken Ljouwert, Drachten en Grins. Dizze topregio dy’t romte hat en romte jout.

It tema dat wy mei inoar foar dizze gearkomste keazen hawwe is: ferbining. En dat is foar kommend jier in passend tema mei alle útdagingen op nasjonaal en ynternasjonaal terrein. Benammen ek foar ús as gemeente Noardeast-Fryslân. Dit jier is it 5 jier lyn dat dizze nije weryndielde gemeente begûn. It achterlizzende doel fan de weryndieling wie: opskale om tichterby wêze te kinnen. Ik liz dat sa út: Om mei mear amtlik en bestjoerlik fermogen en kwaliteit te ferbinen mei ús ynwenners en ûndernimmers. Wy binne no 5 jier ûnderweis en wy bin der noch net, mar wy komme wol foarút en dêr geane we kommend jier mei fierder. Wy hawwe de amtlike tsjinst sintralisearre yn it ferboude gebou yn Dokkum en wy hawwe ûntflechten mei Dantumadiel. Ik bin der wiis mei dat wy sûnder al tefolle bargebiten amtlik út inoar gean koenen. En ik winskje fanôf dit plak de kollega’s yn Damwâld in protte súkses ta mei harren eigen organisaasje.

De kommende tiid sil by ús it ferbetterjen fan de tsjinstferliening mear sintraal komme te stean. Ek hjirby is de ferbining wichtich, want wy kinne ússels net ferbetterje as wy jim feedback net krije. Wy wolle mei mear fyzje en kwaliteit de ferbining mei jim lizze. Wy bin fan elkoar ôfhinklik, wy hawwe inoar nedich. Want as wy, ynwenners, ûndernimmers en gemeente, net opkomme foar ús regio, dan docht in oar dat net foar ús. Dat is yn dizze hoeke fan it lân ek ús lot, mar tagelyk ek de kâns en ús útdaging. Ek al waait it hjir wol altyd, it komt ús net oanwaaien. Dat hat de oanlis fan de Sintrale As yndertiid wol bliken dien. As men hjir net yn regionaal ferbân as ûndernimmers en gemeenten de skouders der ûnder setten hie, dan hie dy dyk der no net lein.

En dêrom is it tema fan hjoed, it tema ferbining ek sa wichtich. Mei inoar ferbûn wêze en ferbûn fiele is de needsaaklike betingst, foarwearde foar elts minsklik ûndernimmen. Ferbining mei de mienskip, mei minsken fan bûten, nije ynwenners, mei nije generaasjes en foaral mei inoar is fan trochslaandjaand belang.

En dan is der ien ding dat my benammen soargen jout en dat is de ferbining mei it elektrisiteitsnetwurk. En dêrmei de takomst fan ús bedriuwen en yn it ferlingde dêrfan, de sosjaal-ekonomyske takomst fan ús mienskip. Wy hawwe te krijen mei goeie, súksesfolle en tûke ûndernimmers, bygelyks yn Hallum. En wy hawwe Betterwird hjir by Dokkum dêr’t wy nije kavels útlizze foar bedriuwen dy’t hjir al binne en de bedriuwen dy’t hjir nei takomme wolle. Tagelyk wolle de besteande bedriuwen útwreidzje, harren posysje ferbetterje en it produksjeproses ferduorsumje. Mar wat blykt? It elektrisiteitsnetwerk sit sowieso oant 2032 fol. Der is dus no al gjin romte mear foar festiging fan nije bedriuwen of it ferduorsumjen fan de besteande bedriuwen.

Wa’t hjir niis nei dizze tsjerke ta rûn is, is faaks oer de Zijl kaam. Dêr siet earder in slûs om’t de see oant de Djipswâl yn Dokkum ta kaam is. En om de Djipswâl en it kearpunt hinne, steane no noch de eardere keapmanshuzen en it prachtige stedhûs dy’t oantoane dat yn dy tiid de ferbining mei de see de rykdom nei Dokkum ta brocht. Mar yn 1729 kaam de slûs by Dokkumer Nije Silen en ferdwûn de direkte ferbining mei de see en dat betsjutte it teloargean fan Dokkum en de regio. En sa begûn it tiidrek dat wol oantsjutten wurdt as ‘Arm Dokkum’.

Bêste minsken,

As wy der net yn slachje om it elektrisiteitsnetwerk oan te pakken of om alternativen te fersinnen dan moatte wy oer 5 jier yn 2029 miskien wol konkludearje dat wy 300 jier letter, 300 jier nei 1729, wer de selde fouten makke hawwe en op en nij de boat mist hawwe. Want wat de see yn de Gouden tiid foar Dokkum betsjutte, dat betsjut it elektrisiteitsnetwerk foar ús yn de hiele regio no. As ús bedriuwslibben net oansluten wurde kin of de mooglikheid krijt om fan it gas ôf te gean of te ferduorsumjen, dan sil dy bedriuwen lang om let oare keuzes meitsje, de saak slute en nei it plak ta gean dêr’t men wol wis is fan foldwaande netkapasiteit. En dat betsjut dan de deastek foar ús regio. Sa earnstich en tagelyk sa simpel is it. Efkes foar de oarder fan grutte: By de Sintrale As gie it om in ferdûbbeling fan de dyk, as wy fan it gas ôfwolle giet it hjir om in 5 kear sa grut ferlet oan elektrysk dan dat der no levere wurde kin.

Wy moatte dêrom in nije Sintrale As hjir hawwe, net ien fan asfalt en foar auto’s, mar ien fan kabels en trafostasjons foar elektroanen. In nije Sintrale As dy’t net oer it lân giet mar der ûndertroch. Unsichtber, mar ûnmisber foar de takomst fan dizze regio.

Ik wol dêrom de minsken yn Den Haag, it regear mar ek yn de Twadde Keamer, oproppe om mei faasje en foarrang it probleem fan de netkongestje op te lossen. Der moat in nasjonaal Deltaprogramma Elektriciteitsnetwerk komme sadat dit probleem foar dizze, mar ek foar oare regio’s oplost wurdt. Mei spesjale fûnsen, wetlike betingsten en frijstellingen sadat mei faasje dit probleem oanpakt wurde kin. Jierrenlange juridyske trajekten moatte foarkaam wurde. Wetlike beheinings om sels stroom op te wekken en dy oan oaren te leverjen moatte opromme wurde.

Want we kin prate oer wetterstof, wynmûnen en faaks wol hûnderd nije kearnsintrales, mar as wy net it netwurk en de kabels mei de kapasiteit hawwe om de dêrmei opwekke enerzjy nei ús bedriuwen en ús wenningen ta te krijen, dan bliuwt it praat om ‘e nocht. Dan farre de skippen fan ferbining en foarútgong ús op en nij yn dizze regio foarby.

Ik wit net wannear’t der in nij regear is, of dat der überhaupt wol komt dit jier en dat betsjut dat wy net op Den Haag wachtsje kinne. Wy moatte útgean fan eigen krêft. En dêrom is it ek sa goed dat wy inoar hjir moetsje. Want der bin yn dit jier nei hjoed noch 355 dagen oer, 355 dagen om mei inoar te oerlizzen, te kedizen en de swetten út te lizzen. Om plannen te meitsjen, om ús gemeente noch oantrekliker te meitsjen foar nije ynwenners, ús bedriuwen foar nije wurknimmers en ús stêd en doarpen noch oantrekliker te meitsjen foar elkenien. En as ik jim sa foar my sjoch dan sjoch ik dat dy ferbining der is. En dat jout hoop, moed en krêft om mei syn allen ek dy kommende 355 dagen dy’t we noch hawwe yn dit jier der ferbiningsfol foar te gean.

Lunchroom ter overname
 
Doe mee en doneer knop
Vorige bericht

Inflatie flink gedaald, toch werd ons spaargeld minder waard

Volgende bericht

NVM: Meer transacties, minder te koop – 53% van de verkochte woningen boven de vraagprijs verkocht

 

Meer berichten

  • Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van start
  • Onderzoek hogescholen over politie: Online aanpakken of doormodderen – Politieagent wacht op leiderschap
  • Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland het grootst
  • Prijsstijging koopwoningen vlakt in september verder af
  • Bijna kwart meer gebruik Wmo dan in 2017, vooral door 75- tot 85-jarigen
  • Buster Keaton in boekenpassage De Rode Loper
  • Ook de wetenschap moet erkennen: PVV-stemmers zijn met reden boos
  • Minder stadionverboden en drie definitief gestaakte wedstrijden
  • Jazzkwartet The Jazz Operators in de oude Kanselarij
  • De Gjalp bringt sân dichters op it poadium fan twa festivals
  • Waar is het parkeren duur en waar goedkoop?
  • Is het gezeur over de fietshelm nu klaar? Pak de auto aan in plaats van de fiets. Hier de cijfers
  • 10 Betaalbare studentendiners onder 3 euro in Leeuwarden
  • We drinken weer minder bier – Aantal brouwerijen gedaald
  • Vijf jaar legaal online gokken: wat de nieuwe vergunningsronde spelers oplevert
  • Jongeren die deels opgroeiden in een huishouden met bijstand hebben minder vaak werk
  • Duitse investeringsgolf biedt Nederlandse bedrijven volop kansen
  • Opkoopbescherming: in Groningen tot 430.000 euro, in Leeuwarden tot 260.000 euro
  • Slaap is belangrijk, maar slechts een derde slaapt goed
  • Brigitte van den Berg komt op voor praktisch opgeleiden
  • Blijf af van de bewonersfondsen
  • Een gesprek kost een kwartier. Een advocaat kost geld
  • Expositie Veerkracht in galerie ArtBrut 058 in de Boerhavestraat
  • Tina in Sexbierum wint Prix Europa Iris
  • Maar zo graag wil hij de Friese taal toch ook niet leren dat hij ook nog een Fries boek koopt
  • Forum: Wat is Defensie daadwerkelijk van plan met de nachtvluchten en het proefdraaien van motoren?
  • FNP stelt vragen over gebrekkige bestrating in Blitsaerd Oost
  • Er gebeuren bijna nooit ongelukken, zegt wethouder Stellingwerf over het kruispunt Wirdumerdijk, Zaailand en Nieuweweg
  • Aantal werklozen neemt toe – 408 duizend werklozen in september
  • Het werk verandert, ziet het UWV – Minder mensen, meer machines
  • Lieke Marsman: DPG, you may be rich, maar je bent failliet
  • FNP wil bescherming Hounspolder voorop na uitspraak Raad van State over De Hem (ook PvdD wil dit)
  • Mona Keijzer wil een eigen partij beginnen en ik denk met haar mee (Chris Aalberts)
  • Friese gemeenten stimuleren groene tuinen, kabinet wil planten zwaarder belasten
  • Bijna helft ouderen gebruikt AI, maar nepcontent baart zorgen
  • Aankoop van provinciaal ingerichte natuurgronden is aantrekkelijker geworden
  • Vrijwilligersfestival met 70 organisaties in nieuwe Harmonie
  • Peter Boelhouwer: 70 tot 80 procent van de bouwplannen bestaat uit appartementen. Maar ouderen willen daar niet dood gevonden worden
  • Inflatie stijgt naar 3,4 procent in september
  • Signorine buonasera – Wil je meepraten over de voorstelling ‘I never lie’?
Problemen met verhuurder? Woningtoewijzing? Uitkering? Aanvraag minimaregelingen? Bel snel PEL! 058-2671636 op werkdagen van 14.00-17.30 uur. B.g.g. mail verpel@online.nl
Leeuwarden

Werkzaamheden Nieuwestad en Ruiterskwartier van...

22 oktober 2026

Onderzoek hogescholen over politie: Online...

22 oktober 2026
Bonefatiuspark

Prijsstijging bestaande koopwoningen in Friesland...

22 oktober 2026

Prijsstijging koopwoningen vlakt in september...

22 oktober 2026

Stadsblad Liwwadders

Veel Leeuwarders ontvangen elke morgen rond koffietijd onze nieuwsbrief. Die wilt u toch ook niet missen? Het laatste nieuws uit Leeuwarden e.o. elke morgen rond elf uur in uw mailbox.

Lunch mee!

Stadsblad Liwwadders

JA, IK WIL een abonnement op het Stadsblad Liwwadders en ontvang de krant graag een jaar lang in de bus.

Meer informatie

Koken met Klaas

Klaas kasma

Archief

  • Liwwadders TV
  • Webarchief
  • Stadsblad

Liwwadders.nl

  • Colofon
  • Contact
  • Privacystatement
  • Disclaimer

Sociale Media

TwitterFacebookYouTube
Copyright 2026 | Liwwadders.nl | Alle rechten voorbehouden
Uw gegevens op Liwwadders
Liwwadders plaatst functionele en analytische cookies.
Door op 'Akkoord' te klikken geeft u daarvoor toestemming. Lees ook onze Privacystatement. Akkoord
Privacy & Cookies Policy

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN