Fragen oer ûntbrekkende skeakel
(tekst: ingezonden)
FNP STELT FRAGEN OER FARFERBINING TUSKEN SÚDLANNEN EN SWETTE
Reduzum, 17 maart 2016,
Oan it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan Ljouwert,
Acht Kolleezje,
Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer it oanlizzen fan in sloeperûte tusken ‘De Súdlannen’ en de Swette
Rju achte Kolleezje,
Ynlieding
Yn de ôfrûne jierren is flink ynvestearre yn nije rûtes om Ljouwert hinne, benammen foar sloepen en oare lytse boaten. De Wurdumerfeart en it Alddjip binne befarber makke, yn Deinum en Marsum wurdt wurke oan in nije sloeperûte, der wurde trochstekken makke by de Drachtsterwei en it Drachtsterplein en fierder kinne yn ‘e takomst boaten ek farre fan de Grutte Wielen nei de Falom.
In wichtige ûntbrekkende skeakel yn dit netwurk is in ferbining tusken it Alddjip en de Swette. De FNP is dêr op wiist troch it wykpanel ‘De Zuidlanden’. It liket der op dat al antisipearre is op dy ferbining, ommers der leit al in ûndertrochgong foar boaten yn de Oeriselskeleane. Op dit stuit, lykwols, rint it Alddjip 200 meter nei dy brêge dea en hat de brêge noch gjin funksje.
Mei de ferlinging fan it Alddjip oant de Swette soe de ‘wiete Heak om Ljouwert’ klear wêze.
Ferskate nije boaterûtes binne dan streekrjocht mei elkoar ferbûn. In nije rûte ûntstiet dan út de Súdlannen wei nei Snits. De komst hjirfan is tige nijsgjirrich foar de ûntwikkeling fan dit gebiet en foar de minsken dy’t dêr wenje. Wy tinke dat in nije farferbining ek de kavelferkeapen yn de nije buorskippen fan de Súdlannen wolris flink oanfiterje kin.
It wichtichste pluspunt fan in nije Alddjip-Swetterûte is dat boaten dy’t in rûntsje om Ljouwert hinne farre, inkeld it Van Harinxmakanaal noch mar oer hoege te stekken. Op dit stuit is it folgjen fan it dat kanaal fanwege feiligensaspekten mar ek fanwege de hege baren net oantreklik.
No’t der de kommende jierren wurke wurde sil oan de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal is dit de perfekte tiid om te sjen oft it ta stân bringen fan dy ferbining nei foaren helle wurde kin. Troch dit te dwaan, keppele mei wurk by oare brêgen, mar ek mei it stasjon fan de Werpsterhoeke, kin wurk mei wurk makke wurde.
De oanlis fan dy ferbining omfiemet it graven fan in smel farwetter oer in lingte fan minder as 1,5 kilometer. It kin de besteande ferkaveling fan it Middelseegebiet folgje.
Mei in beskieden projekt kin it al oanleine netwurk ôfmakke wurde en kin op ferskate punten winst makke wurde. De earste east-west ferbining súdlik fan de spoarbrêge HRMK is by Grou, op tsientallen kilometers. De opbringst fan de al realisearre ynvestearrings yn de sloeperûtes wurdt fergrutte.
Omdat de ferbining Alddjip-Swette yn prinsipe foarsjoen is yn it projekt fan de Súdlannen, binne de kosten fan in eardere oanlis meast dy fan foarfinansiering. As it wurk dien wurde kin yn kombinaasje mei oare wurken, kinne de lange termynkosten sels neutraal of posityf útpakke.
Mei it each op boppesteande hat de FNP de neikommende fragen:
Is it Kolleezje it mei it wykpanel ‘De Zuidlanden’ en de FNP iens dat in farferbining tusken it Alddjip en de Swette in soad foardielen hawwe kin, út it eachpunt fan feiligens, rekreaasje en wengenot?
Kloppet it dat yn de takomstplannen foar it súdlike part fan Ljouwert al foarsjoen is yn in mooglike oanlis fan in sloeperûte fan it Alddjip nei de Swette? Sa ja, op watfoar termyn? Sa nee, wêrom is der dan al in ferhege brêge foar it Alddjip makke yn de Oeriselskeleane? En soe it Kolleezje yn it gefal fan it net foarsjoen wêzen ree wêze om him neier te oriïntearjen op de mooglikheden om de rûte ál oan te lizzen?
Is it Kolleezje it mei de FNP (en it wykpanel De Zuidlanden) iens alle war dien wurde moat om de ferbining te realisearjen? Sjogge jim dêrby mooglikheden om wurk mei wurk te meitsjen en in stik foarfinansiering?
Wol it Kolleezje foar it behanneljen fan de Begrutting 2017 in notysje nei de gemeenterie takomme litte mei in oersjoch fan mooglikheden en kosten (ynklusyf mooglike bydragen fan eksterne partijen lykas provinsje) fan in oan te lizzen ferbining?
Graach sjogge wy beändering fan de fragen binnen de dêrfoar stelde termyn fan tritich dagen.
Mei rju achtinge,
FNP-fraksje Ljouwert
Auke Kleefstra, fraksje-assistint
Meer berichten
- Rapport: Rendement hoger onderwijs in Nederland onder de maat
- Het mysterie van de verspeelde onderwijsmiljarden
- Samenwerking bewoners-gemeenten: Wat is dit voor democratie?
- ‘Wetgever moet boetestelsel herzien voordat rechtspraak overbelast raakt’
- Explosieve groei datacenters in Nederland zet stroom, CO₂ en water onder druk
- Opnieuw investeren minder bedrijven in verduurzaming
- Een politieagent die ziet hoe tegen een politieauto wordt geschopt, hoeft niet eerst een sociologische analyse te maken
- Helft Nederlanders verlangt naar eenvoud op vakantie: luxe minder belangrijk
- Weer minder nieuwbouwwoningen verkocht
- Drie decennia eilandleven Schiermonnikoog door Dick Kool
- Volksvertegenwoordigers leggen verantwoording af en mogen stevig worden bevraagd. Maar ergens zijn we de grens gaan overschrijden
- Ik zie het al voor me, iemand die een moestuin om zeep helpt met Round-up
- George Pars Graanhandel Hofleverancier
- Op naar wonen zonder winstoogmerk – SP-wet aangenomen
- Na het vonnis over het Fotomuseum begint de echte bestuursvraag
- Goed nieuws: we zijn Europees kampioen zitten!
- Bijna 22 miljoen zomervakanties in 2025, Frankrijk populairste bestemming
- ‘Consumenten moeten risico’s van goedkope buitenlandse aankopen kennen’
- Online supermarkt Crisp neemt bedrijfslunch-aanbieder De Buurtboer over
- En wat helemaal geweldig zou zijn dat ook de (school)jeugd van pakweg 10 tot 18 jaar van zich doet spreken (Wij zoeken dichters)
- Onderzoek Humanitas: Kwart Nederlanders ontdekt eenzaamheid vaak pas als het te laat is
- Onderzoek: Mannen geven vaker toe om discussies te voorkomen
- Economisch beeld minder negatief in juni – Meer export en consumptie huishoudens, minder investeringen
- Nije skriuwersbeurs foar talintfolle Fryske skriuwers
- Gemeente kiest voor de platte kabel van Flatpower. Waarom?
- Ongekende aanval op de onafhankelijke journalistiek van De Orkaan
- Klein coronanieuws en andere zaken – Raad borrelt bij Jonker Sikke – Liander zet bedrijven Ruiterskwarier van het stroom – Gluren bij de Buren valt bij The Saint in het water – Besluit over ROL had niet genomen mogen worden – Plantenwand legt het loodje – Rapen gaar nu Fries op site dreigt te verdwijnen
- Foort van Oosten gaat genieten en hard zijn best doen na krijgen van groot cadeau
- Proef met afhaalpunten voor kranten op eilanden gestart
- Docent Griekse en Latijnse taal Ninah Tiemersma Alumnus van het Jaar 2026
- Zorgverzekeraars willen dat de opslag op de premie verdwijnt voor mensen die langdurig hun premie niet kunnen betalen
- Gerben Dijkstra lijsttrekker Volt voor grensoverstijgende oplossingen
- Goedkoop trouwen? Dan naar Harlingen
- Inwoners gemeente Leeuwarden positief over Wmo-ondersteuning
- Open brief Landbouwnatuur over stikstof
- Gemeente Leeuwarden staat stoepladen toe onder voorwaarden
- Oppervlakte aardappelen gedaald naar laagste niveau sinds 2012
- Hein Jaap Hilarides en de Biltske Wassenaars
- Verkeerspsycholoog: Wie denkt dat hij kan appen en rijden overschat zijn brein
- Eva Pennings nieuwe kinderburgemeester – Dalène Ndikumana loco-kinderburgemeester




