FNP stelt vragen over onbegaanbare stoepen – Foar minsken dy’t graach in kuierke meitsjen is Ljouwert spitigernôch net the place to be
(tekst: FNP)
Achte redaksje,
Foar minsken dy’t graach in kuierke meitsjen is Ljouwert spitigernôch net the place to be. Dat blykt út gesprekken mei ynwenners fan ús gemeente, út eigen ûnderfinings mar ek ferskate berjochten op sosjale media. Talleaze foarbylden fan minsken dy’t stroffele binne oer strjitstiennen dy’t útstekke mei faaks slimme ferwûnings as gefolch. Yn in soad situaasjes is dit te witen oan min/gjin ûnderhâld mar yn in part fan de gefallen komt it ek troch it beroerd weromlizzen fan de tegels nei de oanlis fan glêsfezel. Hjiroer hat de FNP Ljouwert yn jannewaris dit jier ek al kolleezjefragen steld mar konkrete aksjes hawwe der noch net west. Dêrneist binne der in soad wanklanken oer de strjitferljochting.
Nei oanlieding fan it boppesteande hat de FNP Ljouwert fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De kolleezjefragen haw ik taheakke oan dit berjocht. As jo fragen hawwe of neiere útlis hawwe wole, fiele jo jo dan frij om kontakt op te nimmen.
=======
Fragen begeanberens en ûnderhâld stoepen en paden
“Uitstekende tegels maken geen uitstekende stoepen!”
Oktober 2023
Skriftlike fragen fan de FNP Ljouwert oer de begeanberens en it ûnderhâld fan stoepen en paden oan
it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa as bedoeld yn artikel 42, earste lid fan it reglement fan
oarder fan de gemeente Ljouwert.
Acht kolleezje,
Foar minsken dy’t graach in kuierke meitsjen is Ljouwert spitigernôch net the place to be. Dat blykt út
gesprekken mei ynwenners fan ús gemeente, út eigen ûnderfinings mar ek ferskate berjochten op
sosjale media. In foarbyld is in berjocht fan Gré Zuidema út Ljouwert dat op 24 oktober ll. op
Facebook ferskynt. Hjiryn omskriuwt Zuidema hoe’t sy op in stoepe ûnderút gien is en wat de
gefolgen dêrfan wiene, te witten: ankelbannen kniesd, meardere kniesde ribben en in seare hân. It
ûngemak hat plak fûn op de Groningerstraatweg, te hichte de winkel Kreeft Bedden. Oan har
berjocht, dat rjochte oan de Gemeente Ljouwert, hat Zuidema in foto taheakke fan in stik stoepe mei
skeve tegels en in opslútbân dy’t behoarlik útstekt. Under it berjocht ferskine meardere foarbylden
fan minsken dy’t serieus ferwûne rekke binne troch min ûnderhâld fan stoepen en paden. Yn dizze
reaksjes wurde ûnder oaren de kuier- en fytspaden yn Camminghbuorren, de Beethovenstrjitte en de
Populierstrjitte neamd.
Ek yn gesprekken tidens in wurkbesite fan de FNP Ljouwert oan it Sint Anthony Gasthús yn Ljouwert
meitsje bewenners fan de binnenstêd kenber dat de begeanberens fan de kuierpaden nei in sintrum
op in soad plakken net goed is, hielendal foar minsken dy’t min yn ‘e gong binne en/of mei in rollator
rinne. De bewenners fan is Sint Anthony Gasthús neamden spesifyk de Pijlstege, Grote Kerkstrjitte en
de Beijerstrjitte (tusken de Groeneweg en de Gouveneursstrjitte). In bewenster seit dat se fiif jier
ferlyn hjiroer al in brief stjoerd hat nei it Kolleezje mar dat se hjir nea reaksje op hân hat.
Yn in soad gefallen binne de boppesteande foarbylden te witen oan efterstallich ûnderhâld mar ek
troch it ferkeard werom lizzen fan strjitstiennen nei bygelyks it oanlizzen fan glêsfezel. Fan it
lêstneamde binne talleaze foarbylden yn ûnder oare Mantgum, Grou en Stiens. Op 16 jannewaris ll.
hat de FNP Ljouwert hjiroer fragen steld oan it kolleezje. Spitigernôch konstatearret de FNP dat dizze
problemen jit net oanpakt binne.
In oare faktor dy’t ynfloed hat op de begeanberens en feilichheid fan stoepen en paden is de
strjitferljochting. En ek dêrmei is it op guon plakken min stel dyn ús gemeente: fytspaden fanút de
stêd nei de omlizzende doarpen wêr’t kilometerslang gjin strjitlantearn te finen is en rotondes yn it
sintrum dy’t ûnfoldwaande beljochte binne wylst auto’s, fytsers en fuotgongers mekoar kruse. Ek
ûnder it berjocht fan Gre Zuidema beneame minsken foarbylden fan paden dy’t min of hielendal net
ferljochte binne. Yn ien fan de reaksjes wurdt de Populierstrjitte neamd. De strjitferljochten docht it
hjir nei sizzen al twa jier net, wylst der mearmaals melding fan makke is. Dêrneist wurdt yn
gesprekken mei ynwenners meardere kearen de rotonde by Hoeksteren dyn Ljouwert neamd. It is in
drokke rotonde wêr’t auto’s, fytsers en fuotgongers gebrûk fan meitsje. Auto’s moatte foarrang
ferliene oan fytsers en fuotgongers mar yn it tjuster binne fuotgongers en fytsers sunder of mei
minne ferljochting min te sjen. De minimale strjitferljochting foeget yn dizze situaasje neat ta oan de
ferkearsfeiligens. By de rotonde Groningerstraatweg / Bleeklaan is dat oars: dêr is de rotonde yn syn
gehiel ek yn it tjuster goed te oersjen.
Fragen:
1. Is it kolleezje op de hichte fan it feit dat in grut part fan de stoepen en paden yn ús gemeente
min begeanber en ûnfeilich binne? Sa nee, kin it kolleezje útlizze wêrom net? Sa ja, wat tinkt
it kolleezje hjir oan te dwaan en op hokfoar termyn?
2. Kin it kolleezje oanjaan wêr’t ynwenners telâne kinne mei harren fragen en klachten oer de
begeanberheid en feiligens fan stoepen, paden en diken en op hokfoar wize (oars as 14-058
want dêr hawwe in soad minsken mei wa’t wy sprutsen hawwe gjin goeie ûnderfinings mei
om’t dit nûmer net of min te berikken is) en op hokker termyn der reagearre en aktearre
wurdt op dizze fragen en klachten?
3. Kin it oanjaan hokfoar konkrete stappen der nommen binnen nei oanlieding fan de
kolleezjefragen dy’t de FNP Ljouwert steld hat oer de grûnwurksemheden nei de oanlis fan
glêsfezel op ferskate plakken yn ús gemeente? Wy hawwe wol antwurden krigen op ús
fragen mar der binne gjin ferbetterings neffens ús ynwenners. Kin it kolleezje útlizze wat dêr
de reden fan is en wannear’t der wol aksje ûndernommen wurdt?
4. De FNP Ljouwert heart fan ferskate ynwenners dat sy fine dat in soad ferkearssituaasjes yn ús
gemeente ûnfoldwaande beljocht en dêrmei ûnfeilich binne. Dielt it kolleezje dizze miening?
Sa nee, kin it kolleezje útlizze wêrom net? Sa ja, wat wol it kolleezje hjiroan dwaan en op
hokfoar termyn?
De FNP Ljouwert soe graach antwurd ha wolle op de boppesteande fragen en soe graach sjen dat der
op koarte termyn konkrete aksjes komme om de earderneamde situaasjes te ferbetterjen.
Mei freonlike groetnis,
Bauke Beert Keizer
FNP Ljouwert
Meer berichten
- Nico Haasbroek: Managers delen de lakens uit in de journalistiek
- Helft van de ouderen voelt zich niet altijd veilig online
- Minder nieuwbouwwoningen verkocht in tweede kwartaal, meer bestaande woningen
- SLIM: Hoeveel gezinshuizen zijn momenteel binnen Friesland actief?
- LTO: Woningnood raakt ook de voedselproductie
- Klein coronanieuws en andere zaken – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- The Dark Economy: How Dirty Money Shapes the World – With Oliver Bullough and Thomas Bollen
- Hogere wegenbelasting zet camper vaker stil
- Iedereen een prijs – De Lutz Jacobi-speld gaat dit jaar naar Lutz Jacobi
- Rijden zonder rijbewijs komt veel vaker voor dan gedacht: bijna 6 op 10 jongeren doen dit
- Friese Bibob-ambtenaren weten nog lang niet hoe ze fraude moeten aanpakken
- Inflatie in september 3,4 procent bij snelle raming
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai
- We wensen oud-GroenLinks-leden veel succes met flyeren voor Mariëtte Hamer
- Eline de Koning nieuwe voorzitter stichting Urgente Noden Friesland
- 6 beleggingspanden aangekocht – Rend denkt graag mee over de mogelijkheden
- Niet Poetin, niet Trump: Den Haag maakt energie onbetaalbaar





