Earste Keamer akkoart mei Wet gebrûk Fryske taal
(tekst: provincie Friesland)
Earste Keamer akkoart mei Wet gebrûk Fryske taal
Juster, 1 oktober 2013, gie de Earste Keamer akkoart mei de Wet gebrûk Fryske taal. De Twadde Keamer wie earder al akkoart. Mei it oannimmen fan de wet wurdt fan rykswegen yn ‘e provinsje Fryslân it rjocht fan elkenien garandearre om yn de rjochtseal en yn it kontakt mei bestjoersorganen syn of har eigen taal, Nederlânsk of Frysk, te brûken.
De wet is in fuortsterking fan de mooglikheden foar it brûken fan de Fryske taal yn it rjochtsferkear en it bestjoerlik ferkear. Deputearre Jannewietske de Vries: “Dizze wet is in boarch foar de gelikense posysje fan de Fryske en de Nederlânske taal yn Fryslân.”
Frysk by de rjochtbank
De wet regelet ûnder mear it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear. Der steane bygelyks oanfoljende bepalingen yn foar de eed en it ûnthjit yn it Frysk by de rjochtbank. Fierder seit de Wet gebrûk Fryske taal ek dat in telastelegging ek yn it Frysk wêze mei. Dêryn, yn dagingen foar strafsaken of yn oproppen en yn útnoegings foar oare saken moat hiel dúdlik oanjûn wurde dat in ynwenner fan Fryslân de Fryske taal brûke kin yn ’e rjochtseal. It giet net om allinne sittings yn de provinsje Fryslân, mar om de rjochtbank dy’t Fryslân as har wurkgebiet hat (rjochtbank Noard-Nederlân of it gerjochtshôf Ljouwert-Arnhem).
Orgaan foar de Fryske taal
De ynstelling fan in Orgaan foar de Fryske taal is ûnderdiel fan dizze wet. Dit nije Orgaan hat aanst in wetlik foech en sjocht ta op de tapassing fan de Wet gebrûk Fryske taal en rapportearret dêroer oan de minister fan Ynlânske Saken en it Kolleezje fan DS.
It Orgaan hat ek in soarte fan Ombudsfunksje. It bringt it ferlet en de winsken fan de ynwenners fan Fryslân op it mêd fan it Frysk yn kaart. It Orgaan sjocht aanst ek ta op de krekte ynfolling fan it Kaderferdrach foar Nasjonale Minderheden dat foar de Friezen ûndertekene is en op it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden dat foar it Frysk ûnder diel III ûndertekene is.
Gemeenten yn Fryslân moatte tenei taalbelied meitsje neffens de wet. It nije Orgaan foar de Fryske taal sjocht dêr op ta. In soad gemeenten hawwe al taalbelied of binne dêr mei dwaande. De gemeenten Amelân, Skiermuontseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf binne frijsteld fan dy ferplichting.
Ferwachte wurd dat it Orgaan foar de Fryske taal begjin 2014 ynsteld wurde kin.
Ynhâld
Dit binne de twa wichtichste algemiene kêsten fan de wet (letterlike tekst):
Artikel 2
De officiële talen in de provincie Fryslân zijn het Nederlands en het Fries.
Artikel 2a
Gelet op de gezamenlijke verantwoordelijkheid en zorgplicht voor de Friese taal en cultuur maken het Rijk en de provincie Fryslân periodiek bestuursafspraken ter uitwerking van de verantwoordelijkheid inzake de Friese taal en cultuur. Vanwege de internationale verdragsafspraken op dit terrein kunnen de bestuursafspraken ook voor de Friese taal en cultuur relevante beleidsterreinen omvatten die liggen buiten het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer.
Kêst 2a makket dat de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tusken Ryk en Provinsje wetlik ferankere is. Dy bestjoersôfspraak moatte provinsje en it Ryk altyd mei elkoar slute. Dêrmei jout kêst 2a tagelyk oan dat it belied op it mêd fan it Frysk breder is as allinne bestjoerlik ferkear en rjochtsferkear.
Meer berichten
- 92 procent van leerkrachten maakt dagelijks tijd voor lezen in de klas
- Onder hoogspanning: het wankele warmtenet
- Duurste tankmaand ooit: een jaar benzine kost nu 1.550 euro, 321 euro meer dan vorig jaar
- Steeds meer singles betreden woningmarkt, starters doen lichte stap terug
- Nico Haasbroek: Managers delen de lakens uit in de journalistiek
- Helft van de ouderen voelt zich niet altijd veilig online
- Minder nieuwbouwwoningen verkocht in tweede kwartaal, meer bestaande woningen
- SLIM: Hoeveel gezinshuizen zijn momenteel binnen Friesland actief?
- LTO: Woningnood raakt ook de voedselproductie
- Klein coronanieuws en andere zaken – Architect Sijtsma schrikt van vernieuwde Harmonie – In Londen leest men Klaas Kasma – Fietsburgemeester kan meteen aan de slag – Willem Beintema daagt LC voor de rechter – Olievrouw gemeente Martine Wierdsma met pensioen
- The Dark Economy: How Dirty Money Shapes the World – With Oliver Bullough and Thomas Bollen
- Hogere wegenbelasting zet camper vaker stil
- Iedereen een prijs – De Lutz Jacobi-speld gaat dit jaar naar Lutz Jacobi
- Rijden zonder rijbewijs komt veel vaker voor dan gedacht: bijna 6 op 10 jongeren doen dit
- Friese Bibob-ambtenaren weten nog lang niet hoe ze fraude moeten aanpakken
- Inflatie in september 3,4 procent bij snelle raming
- Na jaren kan er weer getreind worden tussen Groningen en Leer – Alles Klar!
- Nationale Wecycleweek: lever je oude apparaat in en krijg een Wecycle ganzenbordspel cadeau!
- Opkomst van granfluencers laat zien dat online succes geen leeftijd kent
- Fries vakmanschap en duurzaamheid verenigen zich in De Harmonie
- Stella van Gent overleden – Jan van der Baan overleden
- Cultuurfonds geeft 123.500 euro aan 16 betekenisvolle projecten in Friesland
- Werkgevers zien duidelijke voordelen in doorwerken na AOW-leeftijd
- Meeste jarigen op 30 september
- Juli is de drukste maand voor fietsdiefstallen – Sterke stijging fietsendiefstal in studentensteden
- Voorbij de ironie: op zoek naar oprechtheid in Eindeloos vertier (De Balie)
- Leeuwarden zoekt een Fietsburgemeester
- Komende jaarwisseling geen ontheffing voor georganiseerd afsteken vuurwerk
- Ook persoonlijke lening wordt duurder
- Forse prijsverschillen tussen Friese tankstations: tot 43 cent per liter
- Waarom meer overleg leidt tot minder besluitvaardigheid
- Een graf verlengen in Friesland? Dit kost ruim € 1.000 voor tien jaar
- 50.993 handtekeningen voor de Wadden aangeboden in Leeuwarden en Den Haag
- Ruim 850 duizend woningen verduurzaamd in vijf jaar
- 45 woningen die geen woning meer mogen heten
- Hoe gaat het met de regionale pers? Is er nog ruimte voor verdiepende kritiek?
- Europese hitte kost €113 miljard, Nederland in top 5 en verliest €9,2 miljard
- Amsterdam populairste bestemming jongeren die uit huis gaan
- 225.000 huishoudens krijgen brief dat ze mogelijk nog recht hebben op zorgtoeslag uit 2025
- Drie Friese mbo-talenten winnen Medal for Excellence op WK beroepen in Shanghai




