Ate de Jong: Waar is de solidariteit bij Omrop Fryslân?
(tekst: Ate de Jong in de LC en op Facebook)
SJOERNALISTEN OMROP BINNE BRAAF,
MAR BINNE SE EK SOLIDÊR?
De iene dei stiet yn de Ljouwerter Krante dat de ûndernimmingsried fan Omrop Fryslân oerstreamd wurdt mei reaksjes oer de wurksfear binnen it bidriuw. Dêr moat wat oan gebeure, seit de ûndernimmingsried en dêr is help fan bûten foar nedich. Liket my in ferstannich advys oan direkteur Jan Koster want hy en syn maat Klaas Geert Bakker komme der net út. Twa wike lyn luts Koster foar de fjirde kear in reade kaart en toande dêrmei op ‘e nij syn ûnmacht. It gefolch: krityske sjoernalisten doare net mear foar har miening út te kommen. Minsken binne bang.
Mar nee, it falt allegear wol wat ta, skriuwe twa dagen letter Roelof Lousma, Tiete Sijens, Femke de Walle en Miranda Werkman, yn de LC.. Se sprekke út namme fan in grutte groep wurknimmers en dy fiele har wol frij om har miening te jaan, want dat mei gewoan by de Omrop. Skriuwe se. En dat de meiwurkers net solidirêr mei elkoar binne is gewoan net wier.
Om mei it lêste te begjinnen: O? Jim binne wól solidêr? Hoe dan? Wat ha jim dien om te foarkommen dat minsken op non-aktyf set waarden? En wat dogge jim no om te soargjen dat de eangst foar sanksjes ferdwynt? Fansels sil in krityske kollega Koster wol ris oan ‘e kolbert lutsen hawwe: ”Jan, wat dochst no wer?” mar in organisearre kollegiale aksje hat der net west. Oars wie ’t wol útlekt. Fryslân is te plat foar geheimen.
En dan it oare argument: jim fiele jim wol frij om te sizzen wat jim tinke. Op ‘m sels seit dat net safolle, want miskyn binne jim wol minsken fan de midden. Fan dy minsken dy ’t begryp foar elts hawwe ek al witte jim wol dat der mear minsken yn begryp as yn ‘e bearenburg fersopen binne. Mar wa wit ha jim wol kleur bekend. Fertel ris! Hoe dan ek: moai dat jim jim wol frij fiele. Mar dat seit fansels neat mar dan ek hielendal neat oer de erfarings fan oare kollega’s. Meitsje jim jim dêr dan gjin soargen oer?
Jim brave stik feroaret neat oan de sitewaasje by de Omrop. Tsien minsken dy ’t tsjin Koster sizze soene: “Jan, asto noch ien kear in kollega op non-aktyf setst, dan lizze wy it wurk ek del,” dát soe helpe. En dat se dan dy jûns by Eva Jinek sitte. Unrjocht gewoan net langer pikke. En oars ferliest de Omrop it morele, sjoernalistike rjocht om oaren de maat te nimmen.
Foar help sykje is moed nedich. De ûndernimmingsried hat dy moed. No de hearen oan ‘e top noch. Tips? Ik tink oan minsken as Marijke Roskam, Lútsen Kooistra en Bart Kingma. In moai partoer fan helder tinkende minsken mei hert foar Frysk en frije, moderne sjoernalistyk. Of oan bestjoerders as Johanneke Liemburg, Sicko Heldoorn en Tjeerd van der Zwan.
En at de direksje it advys fan de ûndernimmingsried fersmyt, dan hoop ik dat der in krityske, soldidêre technikus is, mei in bile, dy ’t wit wêr ’t de krusiale kabel leit.
(Dit stik stiet hjoed ek yn de LC)
Lees ook: Douwe Keizer haalt uit naar Friesland Bank, Friese Pers en Omrop Fryslân
Opnieuw schorsing medewerker Omrop Fryslân
Meer berichten
- Alleen al voor onze yogajuf zou je je moeten aanmelden bij sociëteit De Remise
- Luister dit jaar anders naar de Troonrede
- Meer thuiszorg vraagt om woningen en buurten die hierop aansluiten
- Treinbotsing op komst – Voorbeschouwing Prinsjesdag 2026
- Mythevorming en vergankelijkheid: BKB heeft wel wat weg van de PvdA
- Klein coronanieuws en andere zaken – Bakker uw Slager nu definitief voorbij – slager Haye Glas overleden – café De Spoek stopt – Weer afvalpuinhoop op Ruiterskwartier – Sjonnie fleurt Sint Anthonygasthuis op
- Festivals draaien steeds vaker om meer dan muziek: meer drugs
- Ruim 125.000 auto’s rijden al meer dan een jaar met een airbag die kan ontploffen
- Verborgen AI-schuldenberg vergroot risico voor Nederlands pensioengeld
- BNR: sigaar uit eigen doos – 5 nieuwe locaties voor versnelde bouw 30.000 huizen – Leeuwarden Middelsee-Spoordok (circa 6.000)
- Grote controle maaltijdbezorgers in Leeuwarden
- FNP: we willen graag betere antwoorden over ROL Troelstraweg
- Ruim 1 op de 5 Nederlanders sloot nieuwe lening af om bestaande schuld te verbergen
- Eigen Huis: Onbetrouwbare overheid grote zorg huiseigenaren; ook vrees voor hoge energierekening
- In augustus 9 procent meer faillissementen dan een jaar eerder, vooral in horeca
- Herstelwerkzaamheden Stationsweg later uitgevoerd
- NVM: Wonen in een dorp niet automatisch goedkoper dan in de stad
- 6 op 10 jongeren hebben vertrouwen in politiek – Toename politieke belangstelling jongeren
- 42 procent van de zzp’ers heeft minder dan drie maanden zicht op werk of omzet
- Oplossingen, ook financieel, voor PFAS-vervuiling bij vliegbasis Leeuwarden blijven mistig
- Statenfracties willen duidelijkheid over biovergisters SONAC
- Fabio Andreatta: Goutum is vriendelijk als je meedoet en bitterballen eet
- FNP en FvD hebben nog vragen over zonneweide Stiens – Hoe zit het met netcongestie, de bijdrage aan een aardgasvrij Stiens, de financiële haalbaarheid, batterijveiligheid, bluswater, rook- en rampscenario’s en wildroutes?
- Meer bevoegdheden voor AIVD en MIVD betekenen minder bescherming voor burgers
- Gemeente wil terrassen in binnenstad aantrekkelijker maken: nieuwe indeling, meer regels
- Spoorovergang Schrans dicht voor gemotoriseerd verkeer – Doorgang Stationsweg dicht voor doorgaand snelverkeer
- Vier op de tien 15-jarigen lezen onder niveau: leesonderwijs moet uit de technische kramp
- Tiny Mulderprijs 2026 voor Rymke Zijlstra
- Man van Gemeentebelangen Menaldumadeel en Monty Bar Willem Roersma overleden
- Inflatie stijgt naar 3,3 procent
- 56 uitkeringsontvangers op 100 werkenden, al vier jaar stabiel
- Ondernemers Nieuwestad: er wordt weinig tot niets gedaan met onze suggesties
- Cambuur treft nieuwe maatregelen – Uitpubliek is weer welkom
- Omrop heeft hulp nodig en zoekt een inspirerende creatief-strategisch adviseur (update: erg veel flauwe grappen)
- Pittig billboard bij Schiphol: Een lul verdient meer (over loonkloof)
- Jongere generaties meestal rijker dan hun voorgangers
- FNP: afval in stad en dorpen loopt uit de hand
- Met het uitgekauwde begrip mienskip kun je vele kanten op (onderzoek)
- Hilde Tjeerdema (D66) is goednieuwsshow zat – We zijn in therapie
- Eerste openbare expositie Gerrit Benner. De Oersoep




