Abe de Vries: Adema is loopjongen van opportunistische gemeenten
(tekst: Abe de Vries over discussie afvaloven Harlingen op zijn weblog http://abedevries.web-log.nl/ )
[De stikken op dit webloch skriuw ik as skriuwer, dichter, sjoernalist, weblogger – net as �tjouwer fan de Friese Pers Boekerij. Ik meld it mar efkes, om’t www.liwwadders.nl faak linkt nei dizze side. Dat is moai fansels, mar it moat al d�dlik w�ze yn hokker kapasiteit ik hjir oanw�zich bin.]
11 juli 2009
Deputearre Adema & de spulrigels fan de polityk
Polityk is striid dy�t neffens deputearre Piet Adema, de foaroanman fan de Fryske KristenUny, s�nder spulrigels fierd wurde mei. Yn syn bekendmakking fan woansdei seit de deputearre dat de st�npunten oer de REC yn Harns �ferhurde� binne en hy fynt soks �niet goed voor het proces en het draagvlak�.
Dat wurd, draachflak, hearde ik ferline jier yn Trebol ek al �t de m�le fan Piet Adema, dy�t stie foar in seal fol lilke minsken doe�t him frege waard nei de �fspraak dat it provinsjaal bestjoer fan PvdA, CDA en KristenUny foar grutte plannen yn Frysl�n altyd sykje soe nei �draachflak�. Ik wie derby doe�t Adema ferklearre dat foar him it draachflak foar de REC der�t bestie dat in tal Fryske gemeenten eigner binne fan Omrin. Dat soe draachflak gen�ch w�ze.
It tema draachflak oan kant, slacht Adema d�rnei de Frysk-nasjonale toets oan. It ferset tsjin de REC hat in te grutte bek, dat noasket de minsken yn dizze provinsje net. �Zo zijn we dat in Frysl�n ook niet gewend. In Frysl�n gaan we vooral voor mei-inoar en foar elkoar.� Mar wat, freegje ik my �f, hat populist-poseur Adema dien om te soargjen dat de REC yn Harns in ding waard fan �mei-inoar� en �foar elkoar�? De befolking fan Noardwest-Frysl�n is troch de provinsje op gjin inkelde wize belutsen by it besl�t om de REC yn Harns te bouwen. Adema hat net besocht de miening fan de minsken te witten te kommen, noch hat er de boer op west om te pleitsjen foar de REC, noch hat er op sjippekisten stien om de keppeling fan de REC oan it s�ltfabryk te ferdigenjen. �Draachflak� hat him noait wat skele kinnen.
Piet Adema is in Frysk politikus-s�nder-grinzen, yn mear opsichten as ien. Hy wol hawwe, de provinsje hat gjin inkelde rol spile yn it besl�t om de REC yn Harns te bouwen. Ik bring d�r tsjin yn dat er it politike ynstinkt hawwe moatten hie om te werkennen dat der gedonder fan dat besl�t komme soe, en dat er it politike noarmbesef hawwe moatten hie om sa�n �proces� in demokratyske legitimaasje mei te jaan. D�r hat er neat foar dien. Fan de provinsje, de boppe-gemeentlike bestjoerslaach, hat er de loopjonge makke foar in ridel opportunistyske gemeenten dy’t graach �ndernimmerke boartsje.
It �tstel fan Adema om in �team van onafhankelijke deskundigen� gear te stallen, dat dan in soarte fan twingend oardiel oer de REC �tsprekke moat, w�rby�t elkenien him dellizze moatte soe, ferskynt as in steatsrjochtlik gotspe. De provinsje jout it op, is it boadskip. De oerheid jout belies. Mar technokratyske saakkundigen moatte net nei de minsken ta. De provinsje, dat wol sizze de folksfertsjintwurdigers dy�t keazen binne om op provinsjaal nivo de goede besluten te nimmen, dy moatte harren ynterim-managersjaskes �tl�ke en mei in goed ferhaal foar de kreamen komme.
As Adema dat ferhaal h�n hie, dan hie er woansdei net sa�n machteleaze tekst foarl�zen. De �tsmiter fan de parsekonferinsje wie dat wy oer de REC yn Harns �vooral op inhoudelijke gronden de discussie [zouden moeten] voeren en tot oplossingen komen�. Alwer in skot yn de foet. It iene nei it oare tige ynh�ldlike argumint tsjin de foarnommen bou fan de REC giet ommers oer de tafel. Yn it hiele l�n. De dokumint�re fan Zembla fan twa wike lyn is in foarbyld. En hjoed wer stie der in grut artikel yn NRC Handelsblad d�r�t yn warsk�ge waard foar in oerkapasiteit fan jiskefabriken yn Nederl�n.
Op it provinsjeh�s yn Ljouwert wit de �fdieling-Adema net iens oft dy superskjinne jiskefabryk yn Harns in ien- of in twadoeksfiltering krijt. De kwestje fan de REC, de plannen fan Omrin, de rol fan de provinsje d�rby, it is de deputearre en syn amtners allegear boppe de holle woeksen. Yn dat ramt kin men Adema syn pleitsjen foar ‘r�st’ better sjen as wat it werklik is: in fraach om f�nemintele spulrigels fan demokratyske polityk even opheffe te meien.
Meer berichten
- Hoe breed moet een voetpad zijn om écht prettig te kunnen lopen?
- Dit jaar is het precies 150 jaar geleden dat Margaretha Geertruida Zelle werd geboren: stadswandeling
- Beste meneer Jetten, beste Rob, we kunnen niet iedere dag noodles eten
- Een SWAT-team opbouwen om de belastingen van miljardairs te verhogen?
- Rick van het Meer: Daarom ben ik weggegaan uit Friesland
- Het is wie we zijn. Wij zijn het paasvuur
- Groep 7 van de Leeuwarder Schoolvereniging presenteert plan winnende Dijkhuizen
- D66 zou eigenlijk de leiding moeten hebben bij de onderhandelingen voor een nieuw Leeuwarder college
- Jason Bhugwandass: Vijf jongeren hebben sinds de publicatie van mijn rapport hun leven beëindigd
- Support je voetbalclub met statiegeld: Statiegeld Nederland en KNVB starten samenwerking
- Nieuw Leeuwarder college bestaat uit GL/PvdA, D66, CDA en VVD (update)
- Steden en dorpen die leefbaarder willen worden door de auto te weren ondermijnen die leefbaarheid juist
- Hormuz als breekpunt voor de wereldeconomie
- Cao-lonen in eerste kwartaal 4,5 procent hoger
- Waarom wordt voeding nauwelijks behandeld in de artsenopleiding?
- Snapchat, TikTok en Instagram spelen belangrijke rol bij werving jongeren voor criminaliteit
- Nieuwbouwkavels eind 2025 ruim 15 procent duurder
- Benadeelden graffiti morgen vergast op koffie in het Fries Museum
- Wethouder Nathalie Kramers legt vanwege borstkanker haar taken neer
- Meer zestigers hebben een LAT-relatie, vooral mannen
- Politiek café Leeuwarden met Gerard Janssen, Geu Luik, Thom Smit en Branka Stuve
- Arjen Droog: inhoud vóór de machtsverdeling. Ik heb er zin in
- Wie maakt het wat uit wie we aan de talkshowtafels clowntje laten spelen
- Waarom onze Duitse buren zich zorgen maken om onze portemonnee
- Oppervlakte voedselbossen in vijf jaar tijd vertienvoudigd
- Met een gemiddeld uurtarief van 74 euro behoren Friese zzp’ers tot de provincies met de laagste tarieven
- Debat Ondernemen in Leeuwarden: Een lesje in ‘naar de mond praten’
- Managers die zich verschuilen achter abstracte termen presteren vaak minder goed
- Opnieuw minder minderjarige verdachten – Relatief meeste minderjarige verdachten in Friesland en Groningen
- Martijn Balster benoemd als informateur nieuw college gemeente Leeuwarden
- Klein coronanieuws en andere zaken – Leeuwarden geeft toegankelijkheidsprijs aan café waar gehandicapten niet kunnen komen – Wonden likken op de vrijdagmarkt – Dames duwen PvdA’er Jelmer Staal uit de raad – Slalommen bij terras Downies en Brownies – snackbar ’t Vliet later open – Praamvaarders in de schoolbanken – brug Snakkerburen plots verdwenen
- Student betaalt tot 2.500 euro per jaar voor scooterverzekering, soms net zoveel als aanschaf
- Bibliotheken als biotopen van gemeenschapsvorming
- Beschikbaar inkomen huishoudens 2,7 procent hoger in 2025 – Spaartegoeden huishoudens groeien met ruim 8 procent
- Gemeenten begroten 5,8 procent meer lasten voor 2026
- Iedereen Fietst brengt honderden kinderen in beweging
- Judith Nieken wint jubileumeditie Willem Wilmink dichtwedstrijd
- Friese loonstrook blijft vaak een geheim: vier op de tien Friezen weet niets van salaris collega
- Onderzoek Univé: starters onderschatten financiële risico’s bij woningaankoop
- Meer nieuwbouw van woningcorporaties



